Grotesk

Aggie van der Meer

 

Koartwei

Aggie van der Meer hat, yn de relatyf koarte tiid fan har lange libben dat se skriuwt, tsien romans skreaun, seis poëzijbondels, in berneboek en in protte toanielstikken en ferhalen. De konstante deryn is it útgongspunt dat keunst macht hat yn ’e wâld en dat it in krêft is yn de mondiale polityk fan hjoed. Likefolle wat it literêre sjenre is, Van der Meer har ekspresje hat in politike tsjutting. It giet altyd oer wa’t it te sizzen hat en wa’t dat mar te ferstean hat en wat de oarsaken en gefolgen dêrfan binne.

De styl fan Van der Meer docht it meast tinken oan in business talk fan management gurus: de taal is op it aggressive ôf to the point en tagelyk fol mei hânsume byldspraak en ferwizingen nei populêre literatuer lykas de bibel. Mar oars as de yn ’e corporate styl ymplisearre wissens is der by Van der Meer nea in wisse takomst. Ferskillende gesichtspunten steane altyd iepen.

Benammen oertsjûget Van der Meer har wurk troch de ferbining fan in grutte kennis fan de skiednis en har engaazjemint mei de sosjale en kulturele aktualiteit mei in yntelligint hifkjen fan de Fryske buzzfeed; sels as it ferhaal yn in lân en tiid fier fuort spilet, giet it altyd gewoan oer it libben direkt om jo hinne.