Grotesk

Friduwih Riemersma

 

Koartwei

Friduwih Riemersma wie byldzjend keunstner en hat fulltime wurkjende mem, fredesaktivist en linkse politikus west foar’t hja in pear jier lyn har linguistic turn makke. Se skriuwt literatuerkrityske artikels foar de Fryske tydskriften en is boekbesprekker fan proaza, poëzy en esseeïstyk. De esseebondel Kultuerferlies: Fryslân fan 1989 oant 2018 is har debút.

As ûnôfhinklik literatuerûndersiker wurket Riemersma oan de biografy fan ien fan de haadfigueren yn de Fryske kulturele emansipaasje. Har ‘postmoderne’ sosjaalbiografyske oanpak siket gjin wierheden en totalisearjende ferhalen noch profilearring fan Fryske ikoanen en konfliktearret geregeldwei mei de regionale kanon.

Riemersma is mei-inisjatyfnimmer ta en redakteur—en foarmjouwer/yllustrator—fan Fers2, it tydskrift foar literatuer en literatuerkrityk, en oprjochter en redakteur fan indie-útjouwerij Grotesk.