Grotesk

 

Kultuerferlies

Fryslan fan 1989 oant 2018 – En oare essees

Friduwih Riemersma

 

 

Synopsis

Kultuer as oarsaak

Kultuerkrityk—literêre kultuerkrityk, net Donald Trump syn kultuerkrityk (“Alec Baldwin portrayal stinks.”)—nimt it wurk serieus dat tradisjoneel troch de hearskjende estetyk oan ’e kant skood is. It ljochtet de politike en ekonomyske omstannichheden troch dy’t de ynstellingen en de literêre wapenfeiten fuortbrocht hawwe. It keart de kanon de kont ta en jout omtinken oan de marzjinalisearre wurken fan de etnyskkultuerele minderheid. Mar wat bart der as dy minderheid sels in kultuerkrityk delset dy’t in elite-minderheidskultuer befoarrjochtet, dy’t ûntlient oan hege tradysjes en him ôfset tsjin populêre keunst, en as dêr dan de wrâldwiid gongbere reaksje op komt fan in kultuerkrityk dy’t tradysje fersmyt en inkeld popkultuer wurdearret en dy’t net sasear de eigen minderheidskultuer ferdigenet mar minderheids­kultueren yn it algemien? Dan is kultuer net langer mear fersiering mar essinsje: dan rjochtet de krityk him op net op kultuer as gefolch, mar as oarsaak.

Lês it parsjeberjocht oer it ferskinen fan Kultuerferlies

 

Friduwih Riemersma
Kultuerferlies: Fryslân fan 1989 oant 2018 – En oare essees
1 oktober 2016
ISBN 978 90 825762 0 7
Paperback 182 siden, Frysk
Priis € 12,50 (eks. ferstjoerderskosten)
Bestel

 

 

Boekbesprek

Eric Hoekstra, Ljouwert

“Kultuerferlies”

Sjedêr in boek mei koarte essays. EN wat foar essays. Fan sa’n heech intellektueel gehalte dat se yn ‘e ferkommersjalisearre Hollânske kultuer anno no net mear ferskine kinne soene – want sels potinsjele yntellektuele reuzen as bygelyks De Swaan of Pleij lizze tsjintwurdich op ‘e knibbels foar de lêzer en happe sa hearlik wei. Inkeld dêr’t ferkeapsifers der eins net ta dogge, yn de Fryske kultuer, dêr kin men noch sokke heechstantsjes sjen litte yn boekfoarm.

Pearlen foar de bargen? Grif. Wa’t se appresjearje kin, en ta in hichte neikomme, hat der wille fan. Alsa elitêr pur sang, net út frije wil, mar om’t de keazen foarm fan tinken anneks selsekspresje dêr needsaaklik – mar dochs ek spitigernôch – op út rint. Spitigernôch, want it wie moai at mear lju it neikomme koene. Mar ek wer moai dat men sa ticht by eigen tinken bliuwe kin, dat boartlike orizjinaliteit en kryptokomplekse mieningfoarming wer mooglik binne – as yn Erasmus syn Lof fan ‘e Healwizens. De lêzer tinkt “mar wat wol de SKRIUWER dan?”, en wurdt suver twongen te tinken “wat wol IK”? Dus wis in bondel dy’t je oer alle boegen hinne stimulearret, in soarte fan bonbon en klysma tagelyk.

Mar der sit ek in protte moderne ûndersykssjoernalistyk oangeande resinte skiedskriuwing yn. Wichtige feiten omtrint kultuerynstitúsjonele prosessen út it ferline wurde efkes koart nei foaren helle, en fan betsjutting foarsjoen – tige learsum. It boek tilt by de karakterisearring fan wat bard is dan ek op fan fraaie en alsizzende wurdfynsten. In moai foarbyld is festivalisearring, te mear om’t KH2018 betocht en útfierd wurdt troch organisatoaren fan festivals.

Friduwih Riemersma har styl is subtyl. Se leit de fingers efkes op de pynlike plak, freget oft it sear docht en lit it oan de lêzer om eigen konklúzjes te lûken. Soms binne dy oars as harres, soms net.

Wy libje troch skaalfergrutting, globalisearring en ûnbesnoeid kapitalisme yn it tiidrek fan it Ekonomisme. De wrâld is rûch. Jawis, pessimisme hat altyd en oeral it gelyk oan syn kant, mar optimisme makket it libben wat makliker. Fan ‘e oare kant jout it boek fan Friduwih Riemersma tsjinwicht tsjin it bline optimisme dat yn ús tiid in morele ymperatyf wurden is. Let’s make Fryslân great again.

Lêste wurden oer dit boek? “Mes, steek, pijn” en “Spiker, kop, rekke”. Ofwol de woartel yn it lid.