Grotesk

 

Marten Hepkes Bakker

Dan krije ek de fugels dien – Gedichten

Abe de Vries (Gearstaller en ynlieder)

 

 

Synopsis

De ferlerne tiid en it ferlerne lan

Sa no en dan komt der in ferlern gedicht boppe wetter en begjint in aventoerlike syktocht nei de dichter, mei sykmasines, ‘reality’ databases en bibleteekkatalogussen. Sa ek it dichtwurk fan Marten Hepkes Bakker. De identifikaasje fan de dichter, mei help fan allerhanne oersjochwurken en gegevensbanken hat úteinlik net mear opsmiten as: “bakker, schreef volkspoëzie met sociale inslag.” Mar Bakker syn gedichten wiene net ferlern; se stean gewoan yn Sljucht en Rjucht en dat Fryske tydskrift is goed beskikber. Dochs is de man efter it wurk net te efterheljen. Dat kin oan himsels lizze, bygelyks koe just syn anonimiteit it omtinken lûke, lykas by Banksy en Daft Punk. It kin oan oaren lizze, alhoewol’t Bakker opnommen is yn in antology fan Troelstra, foar wa’t Fryske antyelitêre schwung wol in wichtige, mar wis gjin foldwaande betingst wie. Oan de gedichten leit it net. Dy oertsjûgje hieltyd wer troch de sykjende ferbining fan it subjektive belibjen mei de objektive wrâld, in idealisearre mei in naturalistyske wrâldfisy en stilearre fersfoarm mei natuerlike, floeiende taal, en de ferfine ferbydling fan de ferlerne tiid en it ferlerne lân.

Lês it parsjeberjocht oer it ferskinen fan Marten Hepkes Bakker

 

Abe de Vries
Marten Hepkes Bakker: Dan krije ek de fûgels dien – Gedichten
13 desimber 2016
ISBN 978 90 825762 2 1
Paperback 136 siden, Frysk
Priis € 12,50 (eks. ferstjoerderskosten)
Bestel


Boekbesprek

Eppie Dam
Leeuwarder Courant, 17 febrewaris 2017

Titel: Dan krije ek de fûgels dien. Gearstalling en ynlieding Abe de Vries. Auteur: Marten Hepkes Bakker. Utjouwer: Grotesk. Priis: 12,50 euro.

In stikel tusken de roazen en de leeljes

‘It praten is mar langer skyn / om fan natoer te hâlden.’ Folle aktueler kinne wurden net wêze, mei krekt de Sintrale As yn kalk en semint, en al wer politisi yn bochten om in racebaan oan te lizzen tusken Snits en Ljouwert. Dochs waarden se skreaun yn 1910, troch Marten Hepkes Bakker (1848-1927), in dichter tusken wâl en skip. No opheind troch útjouwerij Grotesk: 40 fan syn 200 fersen binne bondele.

Besoarger Abe de Vries is altyd goed foar prikkeljende statements. De man dy’t sels it lef hie om Fedde Schurer wei te litten út syn blomlêzing Fryske poëzy, freget him ôf hoe’t it koe dat Bakker noait opnommen is yn ús literêre annalen. Hy hat wol in idee. Dizze dichter, dy’t maatskiplik hieltyd achterútbuorke, wierskynlik in drankprobleem hie, him net foege nei de otterdoksy en it Frysk nasjonalisme, wie op foarhân al in bûtensteander. Oaren dielden doe de lekkens út, en it ferskil tusken him en de ferhevenheid preekjende Kalma wie ‘ûnmjitlik grut’, seit De Vries.

De gearstaller hat de bondel opdield yn trije skiften: Lyryk, Sosjale krityk en De nije tiid. Bakker lit him kenne as in by de mienskip belutsen dichter, anty-establishment, allergys foar de klerus en wers fan poeha. De moderne tiid mei syn ‘huzen fan blaas-wei’ kin him stellen wurde. Hy fulmineart tsjin de fernielsucht fan hegerhân en haat de knipmessen: ‘Bûch noait foar oermachtige hearskers dy bryk, / sjuch net nei de reiden, nimt ’t foarbyld oan ’e iik.’

Der skûlet in nayf-romantise geast yn dizze dichter, wat syn wurk der net altyd sterker op makket. Dan hoecht net doeld te wurden op it feit dat er noch gjin nonflinter deadwaan woe, al wiene dy in pleach foar de beammen. En likemin, yn it ferlingde dêrfan, op syn pasifistys protest tsjin de militêre tsjinst. Mar in lofsang op it ienfâldige boerke is in stap fierder.

Marten Hepkes Bakker oertsjûget yn syn abbelearjen tsjin de tiidgeast. Hy striidt tsjin de macht fan ‘Hear fan Sinten’ likehurd as tsjin de sloop fan fjild en wâlden. Dêrby hat er each foar it ûneachlike mar o sa ierdske. Net folle dichters sille it hertstochtlik opnimme foar in boskje stikelplanten. Bakker al: ‘Jimme hearre net minder as de roas en de leelje / en honderden oaren by ’t blommerich ryk.’ As rekke hjir it ryk fan de natuer oan dat fan de letterkunde.