Grotesk

 

Ho Wu en Misty Mac

Aggie van der Meer

 

 

Synopsis

It kearen fan jo untheistering

De twa sakelju Ho Wu en Misty Mac binne net protagonist en antagonist, net inoar syn love-interest, side-kick of kontagonist. Se steane net yn in hoeder-beskermeling ferhâlding, se binne gjin sibben, gjin yntime partners yn in húslike situaasje, en ek gjin profesjonele partners yn in saaklike relaasje. Mar as diade, de meast stabile, want ommers mar twamansgroep yn de omfiemjende sosjale struktuer, behâlde de twa yn de ûnmeilydsume wrâld foarby merk en steat har maksimale sosjale hannelingsromte. Oerlibjen is net foar de fittest; it is foar de losers. De betsjutting fan it libben leit yn it bûgen fan jo kâns op kapitaal, it kearen fan jo ûndernimmersûntheistering en dan, by in sigaar en in slokje, it fangen fan de wylde man yn jo.

Lês it parsjeberjocht oer it ferskinen fan Ho Wu en Misty Mac

 

Aggie van der Meer
Ho Wu en Misty Mac
13 desimber 2016
ISBN 978 90 825762 1 4
Paperback 58 siden, Frysk
Priis € 10,00 (eks. ferstjoerderskosten)
Bestel


Boekbesprek

Jaap Krol, Friesch Dagblad, 22 july 2017.

Losslein fan ’e keppel

De nijste leat oan it Fryske útjouwersfermidden is Utjouwerij Grotesk út Amsterdam. Dat der yn it lytse taalgebiet as it Fryske sokke inisjativen binne, seit wat oer de drive fan skriuwers en útjouwers om der (noch) wat fan to meitsjen. Grotesk presintearret himsels as ‘earste en iennichste útjouwerij foar Fryske eksperimintele literatuer en krityske essees’. Dit bart troch slow publishing, mei mar in pear titels yn it jier.

It aparte en eigensinnige Ho Wu en Misty Mac fan Aggy van der Meer is in boek dat it eksperimint omearmet. Sa as jo ferwachtsje kinne by dizze skriuwster. Yn de koarte bondel ferhalen (it hat mar 56 siden) stean twa types sintraal, dy’t lêzen wurde kinne as do Sinese on Amerikaanse behearders fan de mondiale jildstreamen.

Dêrmei wurdt der in hiele oare draai jûn oan in typysk Van der Meer-tema, nammentlik de ienling foaroer of ya it grutte systeem en de wize sa’t dy him dêryn steande hâlde moat — sjoch hjirfoar hat foarige ymposante roman De Achttjin (2016).

Ferfele

Ho Wy en Misty Mac binne as ienlingen ‘lefkapitalisten’ of ‘aventoerkapitalisten’ dy’t har te pletter ferfele en sawat eltse dei oer in oankeap of ynfestearring neitinke. Se wurde ek wol omskreaun as ‘gnoes’. Wu: ‘As echte gnoe, Mac, witsto it: gjin aventoeren sûnder datst der sels by bist on soargje dat dy neat ontkomt. En dus Mac, noch net iens it foardiel fan de twifel foar dy TTIP en, slimmer noch, dy ISDS.’

Op it each lokkige gnoes, dat foaral. It ûnbrekt se oan neat en krekt it neat jout se besteansrjocht. Mei droege humor sketst de bondel ús in wrâld wêryn’t it minsklik kontakt banaal is en de dialooch skynber leech. Hiel yn ’e fierte is in besef fan in ‘oait’ — doe’t beslissingen nimme in saak fan inoar riedplachtsjen wie, it minsklik tekoart foarlein waard oan de goaden en minsken in identiteit hiene. Ho Wu en Misty Mac is skreaun yn de faak net maklike, mar altyd oarspronklike Van der Meer-styl, dy’t de lêzer útnoeget ta slow reading.