Grotesk

Brekizers fan de foarútgong:
‘the Brussels story’

Auke Ykes Ykema

Ferhalen fan serendipiteit, wat betsjut in ûnferwacht en lokkige fynst bûten in gewoane speurwurk, treffe jo oerfloedich oan yn ’e wittenskip. Fan de apel fan Newton oant de magnetron fan Spencer, omwille fan it mystearje lûkt it publyk mei alle wille de enoarme eftergrûnkennis, de ûntsjinkearber ûndersykjende geast, it saakkundich brûken fan de technology en it kreative tinken fan de wittenskipper fan it risseltaat ôf—Eureka! Mar dit is it wiere ferhaal efter it ûndersyk nei Auke Ykema, neffens Philippus Breuker:

“Maaie ferliden jier kaam hjir in echtpear út Hollân oan it stekje om te freegjen oft ik wolris fan Auke Ykema heard hie. Ien yn de Buorren hie har nei my ferwiisd. Dat bart wolris faker as it om de doarpsskiednis giet. Ykema hie yn Boazum wenne en wie dêr yn 1904 ferstoarn. It wie in betoerpake fan de man dy’t by it stekje stie.

Ik wist yndied fan Ykema syn bestean, ek fan syn skriuwerij, al moast it fier wei komme, want ik sit better yn de Boazumers fan foar 1800. Mar folle wie it net. Ykema wie gjin âlde Boazumer, hy kaam fan Westhim, dêr’t syn famylje boer west hie. De man fertelde dat in jonkhear Von Chrismar yn Brussel noch argyf fan him hie. En hja giene wer op hûs oan.

No woe it tafal dat ik fia in Hovo-kursus dy’t ik jûn hie, sûnt koart kunde krigen hie oan in Jelle Wiarda út Grins. Underwilens holp ik him mei gegevens oer syn famylje, dy’t yn de njoggentjinde ieu yn Boazum wenne hie. Dat ik fertelde Wiarda fan it argyf yn Brussel. Ta myn stomme ferbazing andere Wiarda: “Von Chrismar wie in buorjonge fan my, doe’t wy beide noch yn Sint Nyk wennen.” Ut earder kontakt wist er dat der ek dingen oer de Wiarda’s yn dat argyf sieten.

Wiarda naam kontakt mei Von Chrismar op, ein septimber. Dy noege him út om ris yn Brussel te kommen. Koart dêrnei kaam de man dy’t oan it stekje west hie hjir werom, mei it adres fan Von Chrismar. Dy skreau ik fansels fuort in mail en hy noege my dalik út om mei Wiarda yn Brussel te kommen: “Ykema is in oerpake fan my.”

Sa betearde it dat Wiarda en ik op 31 oktober nei Brussel reizgen. Von Chrismar joech my twa doazen stikken fan Ykema sels mei om te lienen en ek wat fan it Boazumer lêsselskip. Fan dat lêsselskip wist ik út oerlevering en út âlde Provinciale almanakken om 1880 hinne dat der ien west hie, mar net dat it al fan 1863 wie. Mar it grutste geskink wiene de listen dy’t Von Chrismar yn de tarieding op ús besite makke hie en my yn ’e hannen drukte: listen fan de boeken fan Ykema. Want net allinnich alle literêre stikken fan Ykema blieken bewarre te wêzen, ek syn hiele biblioteek, mei boeken oant yn de santjinde ieu ta. Dat wie minstens sa bysûnder as dy literêre stikken, want sokke biblioteken binne der net, seker net fan boeren.

Ik wist dat ik goud yn hannen hie, en sette fuort oan it wurk. Sa is Brekizers fan de foarútgong berne.”