Grotesk

Grotesk yn it nijs

Foto: Haye Bijlstra

 

Fraachpetear mei Tsjomme Dijkstra, de Moanne, 27 april 2017

De skriuwer fertolket de haadrol

De Fryske literatuer is sûnt koart in útjouwerij riker: Grotesk, oprjochte yn Amsterdam, wol útjeften op it mêd fan eksperimintele literatuer en krityske essays útbringe. “Yn septimber binne wy begûn”, fertelt oprjochtster Friduwih Riemersma. “Ik wie mei myn eigen bondel Kultuerferlies dwaande en tocht deroer om dy yn eigen behear út te bringen. Mar myn freon Abe de Vries sei tsjin my: dat moatst net dwaan. Ik ha der noch oan tocht it dochs by in útjouwer dwaan te litten. Mar doe kaam ik, eins by tafal, fia myn dochter in printster tsjin dy’t ik alles freegje koe oer útjaan. Doe tocht ik: dan doch ik it sels.”

It semi-wittenskiplike kin net maklik útjûn wurde, dat is in gat dêr’t wy yn sprongen binne.

En doe hast sels in útjouwerij yn it libben roppen. Wolle jimme troch eksperimintele literatuer en essayistyk te stimulearjen de Fryske literatuer in grutte ympuls jaan?
“Ja, wy wolle de literatuer op dy mêden stimulearje. Wy hawwe grut fertrouwen yn de Fryske útjouwers hear, Bornmeer en de oare útjouwers. Se dogge it allegear hiel goed. Mar foar de hege literatuer, los fan gedichten, is der net sa folle. Dat is in min gebiet yn de Fryske literatuer en ek mar mei in hantsjefol lêzers fansels. Sis mar it semi-wittenskiplike kin net maklik útjûn wurde, dat is in gat dêr’t wy yn sprongen binne.”

Wat is der mooglik, kwa redaksjewurk, begelieding, assistinsje?
“Wy helpe by it útjaan fan it wurk. En dogge je dat leaver yn eigen behear, dan leverje wy de kennis. It stimulearjen is foaral yn de rjochting fan it proses, dat mear as it produkt. Abe hát ek mear mei de ynhâld. Redaksjewurk sil er altyd dwaan. En myn dochter helpt yn saaklik opsicht hiel bot. Sy studearret boekwittenskip en dat is in hiel praktyske en ekonomyske stúdzje. Wy ha Aggie van der Meer har bondel Ho Wu en Misty Mac útjûn, dy ferskynde yn desimber. Dy bondels is eins cross-sjenres; hy befettet in protte technysk eksperimint. Leuk foar skriuwers, se is in writers writer. Mar der binne ek ferhalen mear yn de rjochting fan de essayistyk. Oansetten ta sosjaal ûndersyk. Dat is by ús better op syn plak as by de Afûk. En ek foar oar jier binne der al ferskate plannen, dus it wurdt al lestich om it by ien boek it jier te hâlden.”

Jimme wolle it plan fan de skriuwer as útgongspunt nimme. Hoe grut is it ferskil tusken jim wurkwize en de wurkwize fan oare útjouwers tinkst yn de praktyk?
“It is de bedoeling dat wy it redaksjewurk bot ûnderstypje sille. Lêsten waard bekend dat de Provinsje de boekpromoasje oars oanpakke sil. De Afûk krijt de promoasje offisjeel as taak. En dat is geweldich, dat it dien wurdt. Mar foardat it boek der leit is der fansels ek in hiel soad wurk. Reklame meitsje is op de ferkeap rjochte, mar boeken wolle je net oan keapers, mar oan de lêzers ferkeapje. It moat ek in goed produkt wêze, ik bin der ek fan oertsjûge dat elke útjouwer dat wol fynt as je it besprekke. As dat feroare is, kinne je dat ek wer werom feroarje. Dat wolle wy, op lytse skaal. Dat is idealistysk, ik kin ek gjin sifers neamme, mar it is tink ik ek befredigjend foar skriuwers om dêr ôfspraken oer te meitsjen. Op dy manier kinne se nei nije foarmen sykje. In belangryk gegeven is foar ús ek dat wy net oan Fryske ‘identiteitskarakteristiken’ wolle. By de lêste útrikking fan de Gysbert Japicxpriis hie de deputearre it oer ‘ûnfrysklange sinnen’, dat gie oer Koos Tiemersma syn wurk. En dat wie net ferkeard bedoeld, mar it yllustrearre ek wol wat. It komt, fyn ik, besêftigjend oer. It is net sa dat as wy it skrasse as wy yn in boek oer griene greiden lêze, of oare identity markers, mar dat ûnderskied sille wy net meitsje.”

Is it foar in útjouwerij foar Fryske boeken net handiger om yn Fryslân te sitten, of is de fysike ôfstân foar jim yn de digitale tiid gjin probleem?
“Fia de cloud kinne je maklik begelieding biede ja. Skriuwer en redakteur kinne tagelyk earne oan wurkje. Foar my is it hjir ek hiel plesierich, ik wenje der ek ommers.”

Yn Amsterdam bist dus ek op it idee kommen foar de útjouwerij, begryp ik.
“Ja, ik wie mei myn dochter by de presintaasje fan de autobiografy fan Grace Jones yn De Bijenkorf en dy wie twa oeren te let. Dêr rekke ik fia har oan de praat mei in printster, Saskia van der Tol hjit sy. Ik koe alles oan har freegje. Se sei ek dat ik my net oanslute moast by in grutte útjouwerij. Doe frege ik har: ‘Mar Saskia, hoe doch ik dat dán?’ Doe hie se ek wer in goed antwurd. Grace Jones komt altyd te let, mar wie dat net sa west, dan wie ik hjir net op útkommen.”

Yn 2015 hast it Netwurk Frysk Literatuerwittenskiplik Undersyk oprjochte: ek mei it doel om ferbiningen te lizzen yn it fjild, mar hjir op it mêd fan literatuerwittenskiplik ûndersyk. Sjochsto oerienkomsten mei de doelen fan Grotesk?
“Yn it netwurk giet it ek om hoe’t wy mei it ûndersyk omgean; witte wat elk docht, dan rinne je inoar net foar de fuotten. Dat is yn in lytse kultuer belangryk fansels. Der wurdt gauris sein dat der yn de Fryske literatuer in soad spul en kompetysje is, mar ik krige ek wer samar in soad stipe by myn plan foar de útjouwerij. Inisjativen om te ferbinen binne tink ik altyd goed. Sa’t it ek goed is om jonge skriuwers en arrivearre skriuwers te keppeljen. En op dat mêd en yn dat kontakt barre gelokkich in soad goeie dingen.”


 

Grotesk fraachpetear, Sietse de Vries, Leeuwarder Courant, 10 maart 2017

Kultuerbehald ferlammet de keunst

Boadskipbriefkes skriuwe en de aginda byhâlde die se altyd al yn it Frysk, mar it hat oant foar in pear jier duorre ear’t se yn har memmetaal begûn te publisearjen. Friduwih Riemersma skreau de esseebondel Kultuerferlies. En se is de frou efter útjouwerij Grotesk.

Alhoewol’t se al jierren yn Amsterdam wennet, is it Frysk noait lang by har wei west. Oeral yn de stêd komt se Friezen tsjin, soms ûnder de raarste omstannichheden. Sa waard, om mar in foarbyld te neamen, har help oait ynroppen doe’t se op de pjutteseal by har yn ’e buert net wisten hoe’t se mei lytse Samir oanmoasten. It jonkje fan in Marokkaanske heit en in Fryske mem prate Arabysk en Frysk, mar gjin Nederlânsk. Friduwih brocht útkomst.

En dan wie der dy kear dat se nei it Westerpark tein wie om it skeelerjen. Sûnder neitinnken tearde se de hannen op ’e rêch. Daliks wie der in frou dy't har fan de kant tarôp: „Fryslân boppe.” It wie it begjin fan in jierrenlange freonskip.

Friduwih Riemersma is de dochter fan skriuwer Trinus Riemersma. Op har achtste, nei de skieding fan har âlden, ferhuze se nei Alkmaar. Se hat noait wer yn Fryslân wenne. It betsjutte net it ôfskied fan de taal: it Frysk bleau de fiertaal by har mem en har styfheit.

Leafst hie se har eigen bern ek yn it Frysk grutbrocht, mar dêr wie har man it net mei iens. Sterker, hy ferbea har om Frysk mei de bern te praten. „It fielde hiel ûnnatuerik om net ‘skatsje’ of ‘leave’ tsjin de bern sizze te kinnen. Sa no en dan Suze Nane Poppe sjonge, mear ha’k de bern net meijaan kinnen. Skande efterôf, want it houlik hat noch gjin fiif jier duorre.”

It spyt ek dochter Hannah dat se it Frysk net leard hat. „Een taal extra spreken is mooi meegenomen. Mijn opa schreef Fries, mijn moeder schrijft Fries. Ik kan het wel lezen, maar het gaat heel langzaam. Dat vind ik jammer.”

Gedrachsproblemen

Friduwih Riemersma is fan hûs út byldzjend keunstner. Se folge de Rietveld Academie yn Amsterdam, dêrnei wie se in oantal jierren byldhouwer. Doe’t se nei de skieding allinne foar it grutbringen fan twa bern kaam te stean, hat se earst pegagogyk en letter psychology studearre. Se waard groepsliedster yn in ynstelling foar minsken mei swiere gedrachproblemen. Dat hat se oant 2012 dien. Doe rekke se as gefolch fan besunigingen har wurk kwyt .

Opnij wat yn ’e soarch fine foel net ta, dat se besleat werom te kearen nei de keunst. Mar dan net as byldhouwer, mar as skriuwer. Ta har ferrassing hiene se dêr by it UWV gjin problemen mei. Wichtich ek wie de stipe fan har mem, dy’t har fol entûsjasme oanmoedige.

Dat kaam neffens Friduwih mei om't se sels noait trochset hie yn de skriuwerij. „Se wie, doe’t se jonger wie, net assertyf genôch. Yn it begjin fan har relaasje mei us heit skreau se wol resinsjes fan Fryske boeken. Us heit seach dy stikjes nei en dan waarden se ûnder syn namme publisearre. Hy ​hie it smoardrok, as frou diene jo dat foar him, ​jo stiene der net by stil dat it oars koe, sa gie dat doe. It hat oant 2010 duorre ear’t ús mem in resinsje ûnder har eigen namme publisearre. Dat wie yn Ensafh, oer In Jikse-libben fan Janneke Spoelstra.”

It wie ek har mem dy’t der by Friduwih op oantrune om ris wat nei Ensafh op te stjoeren. Se die it en se waard fuortendaliks fêste kolumnist. It wiene har earste stappen yn de Fryske literatuer.

In folgjende stap wie de oprjochting fan útjouwerij Grotesk. It is nuver genôch oan sjongeres Grace Jones te tankjen dat de útjouwerij der kommen is.

Har dochter Hannah studearret boekwetenschap oan de Universiteit van Amsterdam en wurket dêrneist foar útjouwers. Oant foar koart die se dat foar útjouwerij Xander. It bedriuw soe de autobiografy fan Grace Jones útjaan en hie betocht dat it wol aardich wêze soe om de sjongeres nei de Bijenkorf yn Amsterdam te nûgjen om it boek te sinjearjen.

Hannah: „Ze moest uit Parijs komen. Maar ik had kort daarvoor in een blad gelezen dat ze overal en altijd te laat kwam, want dat hoorde bij haar imago. Ik was bang dat het wel eens uren kon gaan duren en daarom had ik wat mensen in De Bijenkorf bij elkaar gezet in de hoop dat ze zich samen een beetje zouden vermaken.”

Har mem hie se oan in meiwurkster fan printerij Wöhrmann keppele. De beide froulju koene it skoan pratende hâlde. Friduwih: „Saskia, sa hiet se, hie teksten skreaun foar it ANP en se hie sels útjouwer west ear’t se nei Wöhrmann oerstapt wie. Doe't ik har fertelde dat ik skreau en ek graach boeken útjaan woe, sei se: ‘Kom bij mij.’”

Eksperimintele boeken

Grotesk rjochtet him op skriuwers en lêzers bûten de mainstream. Dat kinne eksperimintele proazaboeken of poëzijbondels wêze, mar ek essees of oare sjenres dy’t kommersjeel net oantreklik binne foar de trochsneed útjouwer. Kwaliteit, ek yn de foarmjouwing fan de boeken stiet foarop, en dêrom is slow publishing ien fan wichtichste útgongpunten.

Download ynterview

Grotesk rjochtet him op skriuwers en lêzers bûten de mainstream. Dat kinne eksperimintele proazaboeken of poëzijbondels wêze, mar ek essees of oare sjenres dy’t kommersjeel net oantreklik binne foar de trochsneed útjouwer. Kwaliteit, ek yn de foarmjouwing fan de boeken stiet foarop, en dêrom is slow publishing ien fan wichtichste útgongpunten.

It doel wie om mar ien boek jiers út te jaan, mar Friduwih is bang dat dat net slagget. It fûns telt no al trije boeken – de ferhalebonde Ho Wu en Misty Mac fan Aggie van der Meer, de bondel Dan krije ek de fûgels dien fan Marten Hepkes Bakker (besoarge troch Abe de Vries) en Kultuerferlies fan de útjouster sels – en der binne te folle ideeën om it by dat iene boek jiers te litten.

„Ik frege my ôf hoe’t skriuwers yn de Fryske literatuer steane, wêrom se dogge wat se dogge. Ik woe witte hoe’t it mei it ferdwinen fan de Sutelaksje, it FLMD en Frysk en Frij siet. Ik prate der wolris oer mei leden fan it Skriuwersboun, mar dêr kaam net safolle út. Doe ha’k it sels útsocht.”