Grotesk

Us rol

Wat docht de utjouwer
yn in wrald der’t elkenien sels wol in boek utjaan kin?

(En werom meitsje se myn boek sa ferrekte djoer?)

In tradisjonele útjouwer moat konkurrearje op ’e nasjonale of sels mondiale merk. De tradisjonele útjouwer hat, as ûndernimmer, tiid en jild treaun yn it kennen fan dy merk, it byskaven fan in competitive strategy en yn it winnen fan in eigen posysje.

Selsútjouwers misse yn ’e regel ferstân fan ’e merk, sizze tradisjonele útjouwers. Dat is net slim, merke hja wat smeulsk op, as de skriuwer kontint is mei in beskieden konkurrinsje­posysje inkeld binnen Fryslân, dêr’t it Frysktalige boek in solide brânzje­beskerming genietet troch it minderheidsbelied. Want tradisjonele útjouwers sjogge de skriuwer leafst as in loyale ûndernimmende partner fan har eigen ûndernimming.

De skriuwer is dejinge dy’t ferstân hat fan it kiezen fan in útjouwer. Wa’t ek it útjaan docht, der is gjin reden dat de skriuwer net autonoom bliuwe kin. Undernimmerskip makket gjin better produkt; ûndernimmerskip is gjin keunst. Mar hat de skriuwer ferlet fan help by de marketing, dan advisearje wy graach, bygelyks oer it bouwen fan in skriuwersprofyl. En dit binne de key roles fan Grotesk:

No sa.

 

Download Grotesk xxx

Download Grotesk xxx