Grotesk

Selsútjaan

Utjouwerij Grotesk Alles oer sels-útjaan

Op it ynternet stean ytlike bedriuwsprosesmodellen foar it publisearjen fan literatuer, handich foar de selsútjouwers. Gewoanlik rint yn dy modellen de line mei de pylkjes fan it fris kleure blokje ‘Manuskript klear’ fia allerhanne like fris kleure blokjes, rútsjes en sirkelkes oant en mei it fakje ‘Promoasje- + ferkeaphannelingen’.

De earste taaksearjes binne meastal ‘Ynhieren produksjemanager’ of ‘Kontakt yllustrator’ → ‘Kontakt omslach- / binnenwurkûntwerpers’ → ‘Kontakt korrektor’ → ‘Kontakt printer / printing on demand-oanbieder’. Dêrnei rint de pylk fierder nei de rige ‘Hier salesmanager yn’, of ‘Meitsje ferspriedingsplan’, want yn hokker boekhannels moat it boek lizze en is der ek ferkeap út webshops wei? Op ’e rige dêrûnder wiist de pylk dan nei it blokje ‘Sykje marketingmanager’ of ‘Meitsje promoasjeplan’. En op ’e lêste rige komt it boltsje ‘Opdracht binnen’ → ‘Aginten (‘reps’) + distributeurs dwaande’.

Klear! Sa ienfâldich is it selspublisearjen no: as hoecht der gjin inkelde drege beslissing nommen te wurden. Neat is minder wier. It drege beslissingepart komt folle earder, feitlik foar it foltôgjen fan it manuskript. It is it part redaksje en refisy.

Redaksje en refisy foar selsútjouwers

Utjouwerij Grotesk Alles oer sels-útjaan

Sels redigearjenAlfalêzer(s)RefisyKollegiaal hifkjenRefisyManuskriptbeoardielingRefisyYnhâldsredaksjeRefisyYnhâldsredaksje + refisy eventueel werheljeBêtalêzerRefisySinsredaksjeRefisy → Sinsredaksje en refisy eventueel werheljeProofreadingKorreksjesOpmaak en binnenwurkûntwerpKorreksjesPrintkladdekorreksje eventueel werheljePrintsjen.

By dizze ‘mapping’ fan it proses is, sa yndustrieel oft it ek liket, efficiency en standertstelle net it doel; wat skriuwers wolle is kwaliteitsferheging en prosesferbettering (oftewol: better boek & net opjaan).

Oant en mei de refisy nei it kollegiale hifkjen jildt dit skema foar alle skriuwers, ek dy dy’t har manuskript (MS) publisearje litte by in útjouwer. Wat net jildt, foar de aldermeaste skriuwers net, mar wat likegoed werhelle wurdt as hong it libben fan de literatuer derfan ôf, is de goerie it manuskript kompleet ôf te skriuwen, dan earst rêste te litten—in pear wiken, of sels in healjier—en krekt dêrnei flink te selsredi­gearjen: Never edit as you write; Every first draft is shit; Kill your darlings.

Earst, beslist net alle earste sketsen binne striemin. Jack Kerouac skreau syn On the road yn trije wiken—nei’t er sân jier troch Amearika reizge hie, dat is sa. It idee dat der yn it foltôge MS radikaal yngrypt wurde moat, lit de skriuwer dus sykje om in probleem dat der net is. Twad, skealiker foar de skriuwer is noch it idee dat de rûge skets earst hielendal ôf moat en er krekt nei it ferlossende ‘EIN’ feroaringen yn syn eigen tekst oanbringe mei.

Dat jout in folslein ferkeard byld fan hoe’t skriuwers feitlik skriuwe. Dy begjinne net by ‘Der wie ris …’ en einigje net by ‘… noch lang en lokkich.’ Se skriuwe in part fan in sêne, nimme yn in hiel oare sêne op wat se nachts yn har oantekekenboekje notearre ha en ferbetterje eat dêr’t se earder de oplossing net foar wisten yn wer in oare sêne. Behalven dat skriuwers op allerhanne plakken yn it boek tagelyk dwaande binne, skriuwe se al redigearjend. Dat is mar goed ek. As se earst alles op papier smite moasten oant it op wie en dan krekt refisearje, sieten se mei in earste skets dy’t net mear te ferbetterjen is.

De earste skets is dêrom net de nea-(sels)redigearre skets, mar de earste skets dy’t in beskate konsistinsje hat. Op de fraach fan wannear skeakelje jo de alfalêzer yn, is dat it antwurd. De alfalêzer is de belutsen en krityske earste persoan dy’t de tekst sjocht, op de skriuwer nei, en dy’t stypjend mar earlik is, faak de oare helte mar elkenien op jo kontakte­list dy’t fan lêzen hâldt foldocht. Hy/sy kin jo fertelle wat sterk en minder sterk fielt en wêrom, of bygelyks dat jo matroazen al sa oerstjoer dogge by wynkrêft 4, dat se net oerstjoerder kinne as it ris echt stoarmt. It is moai om sokke karakterissearingsfeedback op ’e tiid te krijen. Mar salang’t jo karakterbeskriuwing noch alle dagen wikselet, jo setting net fêststiet of jo ferhaalline noch net útwurke is, kinne jo jo alfalêzer better net lestich falle mei in gaoatysk ferhaal.

Net alle kommentaar fan de alfalêzer sil like weardefol wêze. Kies alfalêzers dy’t jo goed kenne sadat jo har persoanlike foarkar en smaak filterje kinne. As de alfalêzers jo fertelle dat jo ferhaal net oer komt sa’t jo tinke, set dat jo foar it earste it drege beslissingsmomint: hokker personaazjes en sênes skrasse jo, hoe bepale jo de folchoarder fan de oerbliuwende sênes om en hoe foegje jo yn wat noch mist. It ferarbeidzjen fan alle alfalêzersfeedback smyt in twadde skets op en mooglik in tredde en fierde. Miskien wol ien fan de alfalêzers wol sêne foar sêne mei jo meilêze wylst jo dy oanpasse.

(CP, critique partner; peer critique) Elkenien ken wol skriuwers dy’t in skriuwprojekt (WIP, work in progress) troch de jierren hinne nei workshops, kritykgroepen en bêtalêzingen tôge ha en mar net fierder komme. De oarsaak dêrfan is hast altyd dat hja emosjoneel te ticht op har materiaal sitte en dêrom de ferbettersuggestjes allinnich skynber opfolgje en net werlik yngripe, of dat harren premisse nea spannend wie of wol spannend is mar dêrom al wee te faak behannele en útkôge, of dat hja net bedreaun binne om har konsept út te wurkjen, it boek syn aktualiteit alwer ferlern hat of in oar har boek wilens skreaun hat, hja tefolle yn ien boek stopje wolle, of deagewoan net safolle wurk yn it manuskript stekke wolle as dêr’t it ferlet fan hat en/of har passy foar har wurk yn wurding bekuolle is.

De oarsaak is net dat hja yn in deadlike feedbackloop bedarre binne. It is dêrom net sa dat, al dogge in soad skriuwers it, jo it kollegiale hifkjen maklik oerslaan kinne.

De measte skriuwers hawwe trije fêste kritykpartners (in ûneven tal rêdt har by stridige feedback, dy’t ûnûntkomber is) dy’t troch de jierren hinne inoar har WIPs opstjoere en detaillearre krityk weromkrije. Oars as de alfa’s kenne de kritykpartners jo skriuwnuver­aardichheden en sille se net oantrune op MS-ferbettering mar op jo persoanlike skriuw­ûntjouwing. Sûnder kritykpartners kin literatuer net bestean.

Makket net út oft de útstellen op jo ferhaal, dat wol sizze jo ferteltechnyk slaan—dus bedoeld binne om struktuer, plot, point of view (POV), oergongen, ‘hooks’ en dialogen en tempo te stjoeren—of dat se op jo styl slaan, ymplemintearje wat wiis liket.

(Utjourapport, manuscript critique memo) Freegje altyd in redakteur, leafst ien dy’t fertroud is mei jo sjenre, om in analyse fan de ferhaalopbou: de tekst moat de lêzer deryn lûke, de lêzer moat de siden omslaan wolle. Yn it gefal fan in roman of ferhalebondel sille de basisnarrative oanbefellingen dy’t dien wurde yn in manuskriptbeoardieling hast altyd gean oer plotfersnelling, konfliktferdjipping en sinfolle karakterisearring. De beoardieling omfettet fragen oer ynkonsistinsjes en dizichheden, útlis oer wêrom’t de sterke en swakke eleminten wol en net wurkje kinne, en tips foar de selsredaksje en refisy en hoe it MS fluch yn de allerbêste foarm te krijen.

Sûnder in solide opbou is der gjin ferhaal. Alle sênes, personaazjes, dialogen, flashbacks, foreshadowings en útlis/eftergrûnpassaazjes moatte stik foar stik doel ha yn it oandriuwen fan de plot. Is dat net sa, oan jo de beslissing: skrasse of ombouwe.

(Untwikkeljende redaksje, strukturele redaksje, substantive editing, ferhaalredaksje) In manuskriptbeoardieling is in hifkjen, net in redaksjerûnte, dus de ynhâldsredaksje docht itselde net nochris oer, nammentlik neisjen op makronivo, mar is yngeande, detaillearre redaksje. Ynhâldsredaksje hellet de feitlike flaters út de tekst, stridichheden en ynkonsistinsjes. By fiksje fisket it diskrepânsjes út plot, karakters en dialooch. It besjocht oft it tema goed ûntwikkele is, oft de subplots hecht yn ’e ferhaalline ynpast binne en oft der wat dan ek mist.

Refisy is lestich om’t de skriuwer symbioatysk ticht op syn ferhaal sit, as dejinge út wa syn holle dat opbuorrele is. Mar al te maklik lêst er tusken de linen wat net op papier stiet. De opbringst fan ynhâldsredaksje en refisy is it winnen fan kennis oer de ferhaalfoarm, sadat ‘objektive’ benchmarks stal krije om it drama fan de aksje, diminsjonaliteit fan de karakters, djipte fan ’e tema’s en eigenheid fan de styl oan te hifkjen. De betingst foar it heljen fan ’e profesjonele mjitstêven is: genôch witte fan wat ferhaalline is en motivaasje, point of view, toan/attitude en voice.

À propos, faak hat in skriuwer al in voice, dus in persoanlike, ‘autentike’, unike skriuwstyl. Foar de konsistinsje en it polysten fan jo voice bestiet mar ien trúk: skriuw de sprekwurdlike 10.000 oeren. Of miljoen wurden.

(Beta) De bêtalêzer is spesjaal frege foar jo soart fan boek, sjenre en ûnderwerp. Hy/sy kinne mankeminten oanwize dy’t oaren oer de holle sjoen hawwe foar’t it boek nei de fase fan mikroredigearjen giet. De bêta is gewoanlik ûnbetelle, sadat er net foarynnommen is. Hy is de karstien foar de suspension of disbelief, of de oertsjûgjendheid fan it ferhaal, en it emosjonele gefolch en it ûnûnderbrutsen opslokt wêzen yn it ferhaal—dat is, as dat allegearre bedoeld is. In skriuwer kin kieze om de lêzer hjir en dêr wreed út it aventuer te skuorren, mar dan moat it doel dêrfan dúdlik wêze en in bêtalêzer fernimt dat.

Ferbetterje it resept foar it fergif dat de antagonist mingt, laskje yn de kearndialooch in subtyl oantinken yn om de held syn motivaasje yn it lêzersomtinken werom te bringen, lit de sidekick earst syn learzens útlûke ear’t er oan syn sokken begjint.

(Line edit, copy editing, buroredaksje, stilistyske redaksje) Sinsredaksje, faak tagelyk mei marzje­kommentaar, is it kweaferneamde ferpleatsen fan jo komma’s. Alle feroaringen markearje se, want fan ûngemurken ferpleatsen leart de skriuwer neat. De tekst moat helder, relevant, korrekt of leauwensweardich, konsistint en begryplik wêze. Sinnen wurde opknipt (foar safier’t dat noch net dien is yn de ynhâldsrefisy) en bysinnen ferskood. Wurden dy’t net by de setting/situaasje/figuer passe wurde ferfongen troch in kar út geskiktere synonimen, dialogue tags wurde skrast, ferpleatst en taheakke, background info-dumping út aksje en dialooch helle en oerstallige ynformaasje, lykas eigenskipswurden en bywurden, skrast. In noch net goed refisearre MS kin tûzenen feroaringen fuortbringe.

Dat de redaksje him no krekt op styl rjochtet—neist grammatika, stavering, wurdkar en algemiene helderheid—betsjut net dat de skriuwer net sels alle dagen de spirituele kant fan it skriuwen ferfynje moat, makket net út oft it om kreatyf of nonfiksjeskriuwen giet. Foar dat ferfynjen moatte jo safolle mooglik goeie boeken lêze. In skriuwkursus jout neat, seit Hanif Kureishi, om’t skriuwkursussen ien wykeinlang duorje en hy by syn talintearre learlingen krekt nei trije oant fiif jier wurkjen resultaat sjocht. Boppedat binne skriuwkursussen hast altyd kommersjeel, sadat se it ego fan de skriuwers yn stân hâlde en it wurk net ferbetterje. Kureishi heakket deroan ta dat de measte kursisten har drok meitsje om har proaza mar, om’t ferhaalopbou har niget net hat, gjin ferhaal fertelle kinne. Dochs behannelet gjin kommersjele skriuwkursus in wykein lang fertelstruktuer, ommers dêr is gjin fraach nei.

It is wiis om profesjoneel advys folslein oer te nimmen. Oer mooglik ûnrjochtlik ferpleatste komma’s kinne jo skilje.

(Korrektor) Typflaters en fersinnen wurde derút helle.

Sjoch it wurk fan de proofreader wol nei. Yn Pynchon syn The crying of lot 49 litte de bad guys in yntelligint spoar fan typflaters efter, dy’t de warbere proofreader behannelet as alle typflaters: fuort dermei.

De redaksje en refisy, dy bemuoisoarch dy’t se skoalmasterjend tekstremeedzje neame en dy’t jo stadich mear fan jo eigen muzen ferfrjemdet, dy is foarby—omtrint. De efterflaptekst moat der noch komme. Skriuw in stikmannich kladden, lit oaren meibeslisse hokker oft wint.

Leverje skerpe, hege-resolúsje plaatsjes en foto’s oan (300ppi). Profesjonals stean altyd iepen foar jo ideeën. Skilje, meitsje in ôfspraak, freegje kladden op.

(Printkladdekontrôle) As jo net automatysk printkladden krije, freegje dy op. Strykt de ynhâldsopjefte, stean de kopkes op it goeie plak en yllustraasjes dêr’t se stean moatte?

Yn it gefal dat der gruttere flaters binne, lykas as ûntbrekkende siden, freegje nei de korreksje fan it binnenwurkbestân nije printkladden dêrfan op en sjoch dy opnij goed nei. Ferjit it omslach net; dit is de lêste kâns om de flaptekst te ferdúdlikjen en in jongere foto efterop te setten.

Jo kinne der gewoanlik wol neist stean by it omslachprintsjen, sadat jo op it momint sels jo kleuren noch oanpasse kinne.

 

Download Manuskriptbeoardieling Foarbyld

Download Blaudruk Utjefteplan

Download Blaudruk Promoasjeplan

Download Blaudruk Distribúsjeplan

Download $$$

-+