Glossarium fan poëtyske begripen




Alliteraasje

Retoryk

Alliteraasje, is it werheljen fan gelikense begjinbylûden yn twa of mear beklamme wurdlidden of wurden yn in utering, proazasin of fersrigel. Bylûdrym is in soarte fan poëtyske diksje, in lûdseigenskip. Gewoanlik ha wy it oer alliteraasje by in rige trije of mear gefallen fan itselde bylûd mei net mear as ien tuskenlizzend, net alliterearjend lûd fan in begjinbylûd. Skriuwers brûke alliteraasje as ezelsbrechje of om gefoelens as eangst en suspense op te roppen yn poëzy.

Se neame alliteraasje ek wol stêfrym. Soms wurdt alliteraasje útlein as begjinrym. Mar begjinrym ferwiist nei ûnderskate begripen, lykas it foarrym en de stylfiguer anafoar.

ik bin berlyn
in boskje reade bommen

Sytse Jansma, ‘II’