Glossarium fan poëtyske begripen




Anafoar

Retoryk

Opinoar folgjende fersrigels of frazen begjinne mei deselde wurden. Dat liket faak op in litany. De werhelling kin ienfâldichwei ien wurd wêze, of in hiel sinsdiel lang.

hoe minder men yn ’t ûnberikbere stoarret
hoe lytser de kâns dat it hert him bekoarret
hoe mylder it jûnsljocht oer ’t waaiende skom

Fedde Schurer, ‘Einlings’