Glossarium fan poëtyske begripen




Analogy

Retoryk

In analogy hat in gelikens doel as simile en metafoar: nammentlik sjen litte hoe’t twa saken opinoar lykje. Mar dêrneist wol de analogy mei klam wat dúdlik meitsje oer dat ferlykjen. By de analogy giet it net inkeld om sjen te litten; de analogy wol ek wat útlizze.

Dêrom is in analogy yngewikkelder as in gewoane metafoar. De dichter moat om syn boadskip oer te bringen in ferliking lizze tusken twa situaasjes, mar ek in konklúzje lûke út dy situaasjes.

Yn it foarbyld hjirûnder ferliket de sprekker it tinken oan de foarbye tiid mei it omsjen nei grêfstiennen op it hôf. De dichter wol net sasear dy twa hannelingen mei inoar yn ferbân bringe, as wol wat útlizze oer de hannelingen. Dy binne beide sinsleas. Wat jout it? freget de sprekker retoarysk. Dat de earste hanneling neat feroaret of werombringt, wurdt sinneklear troch de ferliking mei it fergese en sinleaze digerjen nei de grêven.

It is al let; ’k sjoch de fersille oeren,
in fjild fan stiennen, om my hinne stean.
Wat jout it dat aloan mei lome wjokslach
myn tinzen oer dy toarre oarde gean?

Rixt, ‘’t Is letter as men tinkt’