Glossarium fan poëtyske begripen




Anastrofe

Retoryk

Anastrofe, ek wol omkearing, is it feroarjen fan de gewoane oarder fan de wurden. Dichters brûke de anastrofe faak om it ritme of de rym te bewarjen. Omkearing inkeld om it rymskema te bewarjen, beskôgje wy as in literêre flater, hoewol’t it in algemien gebrûk is yn folksballades.

Ta in sin yn ’e notiid ferwurdt hjir
de tiid.

Tsjêbbe Hettinga, ‘It Wikeler Hop’