Glossarium fan poëtyske begripen




Ballade

Sjenre

De hjoeddeiske ballade stammet ôf fan in fertellend folksliet dat meastal tragysk ôfrûn, mar soms ek komysk. Balladen waarden mûnling oerdroegen en wiene gewoanlik anonym. Tradisjonele balladen wiene hertbrekkend, rûch en net-opdien. Se gienen faak oer histoaryske helden en hienen ien sintraal dramatysk foarfal.

Fanwegen de populêre foarm en ynhâld neamt men har gauris folksballaden, of as se goed ôfrinne ek wol românses. Dat is om har te ûnderskieden fan de literêre ballade of rederikersballade. Dy ballade wie in midsieusk lyrysk fers. It hie it rymskema ababbcbc, trije achtrigelige strofen, in fjouwerrigelige slotstrofe, en deselde strofen hiene deselde lêste rigel, it refrein. Letter kamen der balladen mei noch mear foarmeasken by. It risseltaat wie faak wurdskiterij. Yn de renêssânse hold de literêre ballade op te bestean as wier artistike skepping.

De skriuwers út de romantyk lieten har ynspirearje troch de âlde folksballade. Yn de Ingelske tradysje krige de ballade faak in fjouwerrigel, mar ek wol in seisrigel, it ababcdcd rymskema, in jambysk metrum — taDAM taDAM — en ôfwikseljend fersrigels mei fjouwer klammen en trije klammen.

Ik rin alhiel ferwêzen om
En bin net mear my selme;
De swietrook fan in wûnderblom
Hat my alhiel bedwelme.

Piter Jelles Troelstra, ‘Wûnderblom’