Glossarium fan poëtyske begripen




Diksje

Stylistyk

De wurdkar wat it nivo fan it skriuwen en it effekt oangiet en oft de wurden korrekt binne. De fjouwer nivo’s fan diksje binne formeel, net-formeel, omgongstaal en plat. Fierder kin, ôfhinklik fan de tekst en de omkriten dêr’t de tekst yn utere wurdt — lykas skreaune tekst foar sprutsen tekst oer — in wurd op syn plak wêze, of ferkeard, as sa’n wurd ûnbedoeld yn dy kontekst bedarret. Want foar in tinkbyld kin de skriuwer hast altyd út ferskate wurden kieze, om syn doel te berikken.

Wurdkar biedt it breedste berik foar literêre styl. In sin as ‘kinne do en ik dizze grotskildering besjen’ en ‘meie wy tsjûge wêze fan dizze ferbylding’ betsjutte rûchwei itselde, mar it twadde is toeristefoldertaal. It is wat formeel en heechdravend. Alle wurden hawwe ferskillende gefoelsweardes. ‘Do en ik’ is yntimer as ‘wy’.

Poëtyske moades feroarje. Poëzy hoecht net langer yn abstrakte, heechdravende wurden (sjoch Poëtyske diksje). Moderne skriuwers hawwe in foarkar foar net-te-algemiene, konkrete wurden en wurden dy’t gefoel oproppe. Dêrby brûke se technyske, argaykse, platte en dialektwurden, neigeraden it wurd — dêr op dat plak — har doel tsjinnet.

De frou mei it ferline. Hoeden
meie wy tsjûge wêze fan
dizze ferbylding, neffens plan
bewarre wyld, djip wei, as koe de
skoat fan de ierde takomst ha.

Harmen Wind, ‘Lascaux II’