Glossarium fan poëtyske begripen




Fariabele foet

Metryk

De fariabele foet is in metrum dat net basearre is op de kadâns, lykas by de imagist T.E. Hulme, mar op de kolon. De kolon is de ritmyske grûnienheid fan ien of mear wurden. It útgongspunt fan de fariablele foet is dat de fersrigel krekt sa lang is as ien kear sykheljen. De fersrigel is like lang as de kolon, dus it fers foarmet in ritmysk patroan fan kola fan gelikense lingte, oftewol in isokolysk patroan.

De fariabele foet, yn kombinaasje mei de triadyske rigel, is de útkomst fan de dichter William Carlos Williams syn libbenslange sykjen nei struktuer yn frij fers. Frij fers hat gjin fêst ritme fan beklamme wurdlidden of fan lûden. Williams gie út fan de sterke bân tusken ús praten meiinoar en ritme. Minsklike aktiviteit is by útstek ritmysk. Alle minsklike beweging is ritmysk.

Williams seach yn dat âlde poëtyske struktueren yn it Ingelsk oerienkamen mei patroanen dy’t natuerlikerwize betsjuttingsfol binne foar minsken. Tink oan it jambe, dat liket op de hertslach: ta-DAM ta-DAM. Shakespeare skreau syn wurk yn it fiifjambyske metrum en dat sleat oan by it minkslik praten yn dy tiid. It moderne Ingelsk is net mear sa simpel ritmysk. Dêrom klinkt it ûnnatuerlik as wy regelmjittich jambysk prate — of dichtsje.

Williams woe syn fersmjitte basearje op wat minsken yn hjoeddeisk Ingels ûnderfine as natuerlike praat-ienheden. Want minsken blike wiswol te praten yn frazen dy’t dúdlik ôfbeakene binne. Dat is om’t se yn ien siken sein wurde kinne en om’t se in ienheid fan betsjutting oerdrage. In standertfoarm hawwe de ritmyske praat-ienheden net. Der is begelyks gjin standertlingte. De ienheden falle net altyd gear mei grammatikale sinsdielen. Mar jo kinne har hearre en jo witte wêr’t se lizze.

Foar Williams joech de fariabele fersfoet in formele struktuer oan it frij fers, dat fierder gjin struktuer hie. De fariabele fersfoet is yn de Fryske literatuer net tapast, mar guon fersen binne der wol troch ynsprirearre.

Minsken blaze
út in wûnderlik grut gat:
mei de mûle
fan in gapjende fisk,
mei iepen nâlen fan eangst.

Jan Dotinga, ‘Steande motiven’