Glossarium fan poëtyske begripen




Fersfoet

Prosody

In fersfoet, of foet, is in searje fan twa of trije (of mear) wurdlidden dat de fûnemintele ienheid foarmet fan it poëtyske metrum. De fersrigel Ferjit my net as bolle wyntsje waaie kin yn fuotten ferdield wurde: FerJIT my NET as BOLle WYNtsje WAAie. Dy fuotten binne werhelle ploechjes fan beklamme en ûnbeklamme wurdlidden: seis kear ta-DAM. De foet is: ûnbeklamme-beklamme.

Dizze fuotten sjogge jo it meast:

  • it jambe, da-DAM, as yn ‘ballet’
  • de trochee, DAM-da, as yn ‘bûter’
  • en de daktylus, DAM-dada, as yn ‘skitterend’.

Klam, of heffing of arsis, jouwe jo oan mei — en ûnbeklamme, of delling of tesis, mei ∪. Twawurdliddige fuotten binne:

  • ∪ ∪ perjambe, dibrachus
  • ∪ — jambe: piloat
  • — ∪ trochee: hearlik
  • — — spondee: reinwaar

Trijewurdliddige fuotten binne:

  • ∪ ∪ ∪ tribrachus
  • — ∪ ∪ daktylus: greideblom
  • ∪ — ∪ amfibrach: oerstallich
  • ∪ ∪ — anapest: tagelyk
  • ∪ — — bachius
  • — — ∪ antibachius: trochgeande
  • — ∪ — kretyk
  • — — — molossus: nee! nee! nee!

Fjouwer- en fiifwurdliddige fuotten komme allinne yn ’e klassike poezy foar:

  • prokeleusmatikos ∪ ∪ ∪ ∪
  • peejon 1: — ∪ ∪ ∪ 2: ∪ — ∪ ∪ 3: ∪ ∪ — ∪ 4: ∪ ∪ ∪ —
  • grutte jonikus — — ∪ ∪
  • antispast ∪ — — ∪
  • lytse jonikus ∪ ∪ — —
  • korjambe — ∪ ∪ —
  • ditrochee, dûbele trochee — ∪ — ∪
  • dijambe, dûbel jambe ∪ — ∪ —
  • epitryt 1: ∪ — — — 2: — ∪ — — 3: — — ∪ — 4: — — — ∪
  • dispondee — — — —
  • tymelikus ∪ — — — ∪
  • dasius ∪ ∪ ∪ — —

Betink wol dat de foet in suver metryske ienheid is: de foet is inkeld in boublok foar fersrigels. Der is gjin wêzentlike bân mei in wurd of sinsdiel as in ienheid fan betsjutting, noch as grammatikale ienheid. It meiinoar spyljen fan foet en wurd lit wol it fakmanskip fan de skriuwer sjen. Om it fers net in doffe droan te meitsjen, fariearret de skriuwer de fersfoet. Yn it foarbyld hjirûnder is yn de twadde en fjirde rigel it ûnbeklamme wurdlid fan de tredde trochee weilitten.

Tûzen jonge feintsjes
Sobben har de hân
Stauwen mei har weintsjes
Om sa’n byld troch ’t lân.

Eeltsje Halbertsma, ‘Deagraverssankje’