Glossarium fan poëtyske begripen




Folrym

Prosody

Folrym is in foarm fan rym. Folrym bart as it ein fan twa beklamme wurdlidden in gelikens lûd hawwe. Alliteraasje en healrym kinne yn alle wurdlidden fan in wurd foarkomme, mar:

  • Folrym is altyd oan it ein fan de wurden: it is in einrym.
  • Folrym moat ‘foldwaande rym’ – rime suffisante – befetsje: by folrym moatte it beklamme lûd (fokaal) yn it wurdlid en ek alle bylûden en lûden dernei, as dy der binne, itselde wêze. ‘Hân’ en ‘toan’, ‘see’ en ‘tee’, ‘koade’ en ‘doarde’ binne folrym. ‘Koade’ en ‘oardel’ is dat net.
  • It begjin fan it beklamme wurdlid yn de wurden moat ferskille. ‘Skaal’ en ‘skraal’ binne in folrym. ‘Taal’ en ‘brutaal’ binne gjin folrym.

Wurden dy’t wol oan ’e twadde eask mar net oan ’e tredde foldogge, lykas taal en brutaal, binne in lykrym: se hawwe in identyk lûd. Homofoanen, wurden mei deselde útspraak mar in oare betsjutting, lykas hân dy’t jo opstekke en hân as folsleine tiid fan hawwe, binne ek lykrym. Lykrym wurdt faak sjoen as loaie rym, net keunstsinnich, mar yn de fersfoarm sestina is de lykrym foarskreaun.

Folrym lûkt troch syn foarm mear it omtinken as oare rymfoarmen.

Hoe’t ik har sjoch
En ’t hele dwaan no foar my ha, hja witte it net.
As master dy’t syn folk oan ’t wurk set, fiel ik my;
Hja meltse en boarne en wrotte stil, omdat ’t sa heart.

Obe Postma, ‘Hjerst’