Glossarium fan poëtyske begripen




Frij fers

Struktuer

In soarte fersfoarm dat frij is fan de strange easken fan de metryske fersrigel, dat net neffens sekuere foarskriften ferrint, gjin literêr sjenre is, him net hâldt oan foarmstruktuer, mar wol guon foarmeleminten hawwe kin, lykas de poëtyske fersrigel, dy’t nei foarkar fariearje mei, of ritme, strofes en strofyske ritmes, strofepatroanen en ritmyske ienheden of kadânsen. Mar it frije fers jout de dichter lang gjin frijheid. Krekt oarsom.

It frije fers jout allinnich frijheid fan regels fan bûtenôf. Bygelyks konvinsjonele fersfoarmen, dy binne dan wol wisânsje yn de kultuer, mar se binne arbitrêr foar it doel fan it fers, syn ynhâld en toan. Fan essinsjele poëtyske eleminten kin poëzy him net befrije. Sa is eins elke dichter oanwiisd op rym. Want rym is ien fan de sterkste middels yn syn arkkist.

It giet hjir om: poëzy is muzyk en muzyk is altyd werhelling fan eleminten. Sûnder geregelde werhellingen, oftewol sûnder patroanen en struktueren, is der gjin muzyk. Dan is der inkeld mar lûd. Dat, ek as er it natuerlike lûd en ritme fan it minsklik praten folgje wol, moat de dichter fan it frij fers patroanen út it natuerlik praten filterje: dy dy’t syn utering tsjinje.

Want poëzy is in wêzentlik oare utering as praat op ’e dyk. De dichter moat ritmyske struktueren komponearje. Hokker ritmes wol er werhelje? Hoe faak? Op hokker plak? Hokker lûden moatte de klam krije, kontrastearje en inoar fuortsterkje, en wêrom?

mar op ’e dracht kin der
by myn dochters amper
in knikje ôf as se my rinnen sjogge
mei myn krûme rêch
en longerjende eagen

Jan Bylsma, ‘Ast fyftjin bist’