Glossarium fan poëtyske begripen




Healrym

Prosody

Healrym is in soarte fan rym foarme fan wurden mei soartgelikense, mar net deselde lûden. Meastal binne de lûd-parten ferskillend wylst de bylûden gelikens binne, of krekt oarsom. Of twa wurden, of wurdlidden, hawwe deselde lêste bylûden en gjin earder lûd of bylûd gelikens, lykas ‘hapt’ en ‘dript’, of ‘karsfarsk’ en ‘flesk’.

Healrym wurdt in protte brûkt, yn kombinaasje mei lûdrym, yn hip hop- of rap-muzyk. Dat dogge se om rymklisjees út ’e wei te gean, lykas ‘groeie’ rymje litte mei ‘bloeie’, of foar de hân lizzende rimen, lykas ‘wêze’ en ‘lêze’. Healrym is minder konvinsjoneel en ûnferwachter. Ek jout healrym de skriuwer in gruttere frijheid en linichheid om de fersrigels te foarmjen. Dêrby komt dat net alle wurden in folrym hawwe yn it Frysk, lykas ‘beurs’ — hoewol’t ‘sneons’ jo graach ferjûn wurdt.

Healrym kin ek it bouwen fan mearwurdliddige rimen mooglik meitsje, wylst dat oars net kin. Tink oan ‘ûnliddich’ en ‘allinnich’.

hoe betsjoenend wuollet it ballêst efter bleinen

Sytse Jansma, ‘Swalkjend seefee’