Glossarium fan poëtyske begripen




Kadâns

Metryk

It omdelgean fan de toanhichte fan de yntonaasje, dus de toanhichte dy’t troch stimbûging makke wurdt, en it oergean fan de iene toanhichte op de oare, dus it op-en-deljen fan it lûd. Kadâns is alsa in weachbeweging yn it ritme fan de fersrigel. Dy beweging kin makke wurde troch it metrum fan it fers, mar ek in oar ritme. De kâdans kin subjektyf waarnommen wurde, lykas timbre, mar it kin ek gean om in foarskreaun, mjitber metrysk skema.

Kadâns koe, neffens de Imagist T.E. Hulme, as alternatyf foar it tradisjonele metrum brûkt wurde. It strange metryske skema waard sjoen as keunstmjittich en oplein. De net-rymjende kadâns fan it frij fers komt fuort út it organyske ritme fan de pratende stim, mei frazen dy’t er krêft by set en mei geregelde skoften foar it sykheljen. Kadâns is net fierder definiearre. Op in stuit wie it foar guon synonym mei frij fers en alle dichters moasten har eigen kadâns yn harsels fine.

de stimme fan heit
— ik hie dy ferwachte
altiten wolkom —
de reek fynt in plak yn ’e wolken

Jelle de Jong, ‘In ferskining fan heit’