Glossarium fan poëtyske begripen




Lûdrym

Retoryk

It werheljen fan it lûd fan de fokaal yn ticht byinoar lizzende wurden, faak yn deselde fersrigel of yn rigels dy’t nei inoar komme. Gewoanlik binne dy fokaal-lûden beklamme en sitte se yn de aksintuearre wurden yn de rigel. Op dy manier kinne se it fers muzyk jaan. Yn de foarm fan binnenrym makket it lûdrym in fers, of in proazarigel, plesierich om te lêzen: it bekt lekker.

Boppedat ferbynt it lûdrym de wurden mei it werhelle lûd meiinoar, wat de betsjutting beynfloedet. Lûdrym kin it fers in ienheid en konsintraasje jaan dêr’t min oan te ûntkommen is.

ferlit dit lichem as beslisser

Sytse Jansma, ‘Veto vitruvius’