Glossarium fan poëtyske begripen




Metafoar

Retoryk

Metafoar is byldspraak dêr’t in saak direkt ferlike wurdt mei in oare saak, foar in retoarysk effekt. It alderbekendste foarbyld is wol Shakespeare syn metafoar All the world’s a stage, / And all the men and women merely players. De metafoar lit ús de minsklike aard en de minske syn — tydlik — plak yn ’e wrâld sjen.

In metafoar komt, oarsom as de simile, yn it plak fan in oare saak. Rûzjen as fan djoere klean is in simile. It rûzjen is de djoere klean is in metafoar.

De ferliking is net letterlik. De metafoar giet foarby it simpel rasjoneel ferlykjen fan twa aparte dingen, nei in lykstelling of in lykslaan. Metafoaren meitsje kin goed in foarrinder of in sydspoar wêze fan it logyske tinkproses. Want de metafoar is fûneminteel yn poëzy, mar ek yn gewoane taal. Dat is om’t jo eat dat foar de taharker ûnbekend is ferlykje mei eat dat er ken. Sa kamen auto’s, trekkers en moterfytsjen in izeren ko te hiten. Sa hat immen dy’t net gau wat ferjit in izeren ûnthâld.

Metafoaren kinne ferskate doelen hawwe yn poëzy, fan in simpel ferlykjen fan twa saken oan’t it oproppen fan allerhanne assosjaasjes. De metafoar kin in lyts elemint wêze, of it byld dat it hiele fers behearsket, lykas de kanstanje yn in fers oer de hjerst en de sirkel fan libben en dea. De dize dript — dan, op ’e stille strjitte, / Knappe kastanjes en de frucht springt bleat.

In útwreide metafoar is in metafoar dy’t trochrint oer in stikmannich fersrigels, strofen, sinnen of alinea’s hinne yn proaza en poëzy. Se binne boud op ienfâldige metafoaren, mei mear byldzjende taal en utinoar rinnende beskriuwende ferlikingen. Tink oan de dichter is in fisker-metafoar fan Sjoerd Spanninga: dy is altyd ree, / fannijs oan te begjinnen — / hy aardet nei de fiskers, / dy’t har netten smite yn see; / amper thús fan harren fangst, / stelle hja in oere sliep, / yn ’e koken / op ’e hurde flier, / en de seilen sile al wer yn ’e moarn. Faak ûntspoart de útwreide metafoar. Of hy wurket net mear, om’t de helderheid fan it byld ferlern giet as jo der mar fierder op bouwe.

De mingde metafoar is it ferbinen fan twa saken dy’t logyskerwize net byinoar passe. De mingde metafoar is bekend út politike redes. De sprekker harket net nei de letterlike betsjutting fan syn wurden of fernimt net dat syn metafoar in falske ferliking bringt. Of hy smyt sleau twa metafoaren byinoar: Se spylje inoar de bal ta, dy’t rûn is.

Deade metafoar is byldspraak dy’t syn frisse byld en syn betsjutting ferlern hat troch tefolle, werhelle en alledeisk gebrûk: hja is in grize mûs. Hoewol’t jo deroer hottefylje kinne oft in metafoar ea echt kroandea wêze en al syn byldzjende kwaliteiten kwyt, brûkt de dichter deade metafoaren faak satirysk.

Goeie metafoaren binne fernimstich. Se smite in ûnferwacht ljocht op de saak. Se prigelje de geast fan de taharker. Dy kin him in kleare foarstelling meitsje: krekt dat makket dat metafoaren oertsjûgje.

mar ik haw my lêstlyn wosken,
it rioel ferstoppe fan myn skuld.

Cornelis van der Wal, ‘Skjinhead’