Glossarium fan poëtyske begripen




Oade

Sjenre

In oade is in lyrysk fers, meastal oermjittich strukturearre, mei in strak metrum en in komplekse strofebou, dat oer in ferheven iepenbiere of persoanlike saak giet. De toan is steatlik, de oade kin in saak likegoed as in persoan priizgje of bejubelje, en beskriuwt syn aard klear en akkuraat mar ek mei gefoel. Klassike oades, de Pindaryske, Horasjaanske en ûnregelmjittige, bestiene út trije dielen: de strofe, de antistrofe en de epoade.

De romantsyke dichters makken de oade mear persoanlik. De oade kin emosjonele lofsang wêze en falt dan hast gear mei de hymne, dy’t in religieus lyrysk ferhaal hat. Mar net alle oades binne sokke lofsangen.

Amearika, do lân fan dream en winsken,
Hoe grut en ryk, hoe moai fan see ta see!
Myld taflechtsoard foar tûzenen fan minken,
Dy’t suchten oer it heitelânske wee!

Tsjibbe Gearts van der Meulen, ‘Lânferhuzerssang’