Glossarium fan poëtyske begripen




Parallellisme

Retoryk

Parallellisme yn de poëzy is in stylfiguer basearre op werhelling. It werheljen is sit him yn de sinsbou: by parallellisme rinne twa sinnen of sinsdielen kwa sinsbou lykop. Faak wurdt de werhelling ûnderstipe troch oare foarmen fan werhelling, lykas repetysje, of de werhelling fan lûd yn ritme of rym. Parallellisme is in manier om it boadskip of it gefoel te fersterkjen of te ferhelderjen, troch te werheljen en kontrastearjen.

Mar, sa’t de taalkundige Roman Jakobson sjen liet, de rol fan grammatikaal parallellisme is folle grutter. Parallellisme is ien fan de âldste poëtyske techniken. Jo fine it al yn de Hebrieuske poëzy. It prinsipe fan parallellisme is fûneminteel yn poëzy: jo bringe twa eleminten byinoar. Sok njonkenskikken is op it mêd fan betsjutting: ferlykje, feroarje, taspitse. Op it mêd fan harmonieus lûd is it: rym, lûdrym, alliteraasje of repetysje.

It werheljen fan eleminten is sa fûneminteel yn poëzy dat der wol 25 soarten literêre werhelling binne. Parallellisme is net in letterlike werhelling fan sinsdielen, lykas it refrein. Allinne de sinsbou wurdt werhelle: it is in ûnfolsleine werhelling. Yn it foarbyld is der parallellisme yn de earste en tredde fersrigel. De sinsbou is yn beide rigels: ([weilitten antesedint] +) [betreklik foarnamwurd] + [ûnderwerp] + [persoansfoarm].

Dêr’t ’t Reaklif sa swietkes lonket
Yn de jûnstiidssinneskyn;
Dêr’t it boekweitblomke pronket
Tusken heide en beammen yn

Jan van der Burg, ‘It heitelân!’