Glossarium fan poëtyske begripen




Refrein

Metryk, Struktuer; Sjenre

Ien of mear wurden, of hiele fersrigels dy’t dan in strofe foarmje, wurde by geregelde setten werhelle, spesjaal oan it ein fan de strofe. In refrein bringt ritme en struktuer yn in fers of in fersfoarm, lykas de ballade.

It refrein is ek in lyrysk gedicht út de rederikerstiid. Yn dy tiid wie it Frysk gjin skriuwtaal mear.

Tjalle, wotte bortje?
So schu de porte to.
Oôrs wol ic næt.
De lioe die sjæt.
Ho stieste so?
Tjalle, wotte bortje?
So schu de porte to.

(Tjalle, wolsto boartsje? Doch de doar dan ticht. Oars wol ik net. De lju sjogge it. Wat stiest dêr no? Tjalle, wolsto boartsje? Doch de doar dan ticht.)

Anonym, ‘Tjalle, wotte bortje?’