Glossarium fan poëtyske begripen




Ritme

Metryk

Ritme is it elemint fan tiid yn muzyk. As jo mei jo foet tikke op de muzyk, hâlde jo de mjitte. Jo folgje de strukturele ritmyske slach fan de muzyk. Poëtysk ritme is de stream fan de wurden yn elk metrum — in metrum is in ritmysk patroan — en elke ûnmetryske strofe, om it ritmyske, dûnsjende effekt te produsearjen. Want wurden en wurdlidden hawwe klam of gjin klam. Beklamme wurdlidden jouwe de ‘beat’.

In fersrigel hat altyd in ritme. It hat ek in ritme as dat ritme net in beskaat fêst patroan hat, mar bygelyks de ûnregelmittige klam en gjin klam fan it natuerlike praten folget. Dêrneist leit ritme ekstra klam op beskate parten fan in fers, nammentlik dy wurden dy’t de sprekker it meast krêft by set, of dy’t de measte betsjutting drage yn de utering.

jou my in stikje fan dyn wytwalende jûpe
ik hâld sa
fan de genoeglike lûdsjes dy’t út dy komme
ast kofje ynskinkste

Hessel Miedema, ‘Trettjin fersen’