Glossarium fan poëtyske begripen




Rym

Prosody

Rym is gelykheid fan lûd. Twa of mear wurden mei gelikens klinkende einwurdlidden binne sa pleatst dat se in echo fan inoar binne. Krekter sein: rym bestiet út patroanen dy’t har werhelje. Rym is in werhelling fan lyksoartige lûden yn – meastal – beklamme wurdlidden dy’t foarkomme yn de rigels fan it fers. Dat echoëen jout it fers in symmetryske aard. Ek bringt rym ritme en muzikaliteit yn fersen.

Rym kin op alle plakken yn in fers foarkomme: alle lûden, út alle wurden, kinne werhelle wurde, om de rigel in beskaat effekt te jaan. Jo kinne de lange ei’s werhelje yn ien of mear rigels, foar bygelyks in faai effekt. Of jo kinne de ge-lûden werhelje, om bygelyks de wurden dy’t dy ge befetsje oan inoar te ferbinen, sadat se allegearre bydrage oan itselde idee. Sels lêstekens, lykas fraachtekens, kinne rymje, want in fraach jout in beskaat apart lûd.

In opmerklike fynst is dat jo stikken maklikler rymje as jo wurch binne. Jo harsens meitsje dan it finen fan wurden nei betsjutting dreger. Elkenien ken dat wol: jo kinne net op it wurd komme. Mar it finen fan wurden nei lûd is navenant makliker.

De reiden bûge del har brune plommen,
Yn d’ einleas grize sigens fan ’e dei;

Rintsje Piters Sybesma, ‘De reiden’