Glossarium fan poëtyske begripen




Rymskema

Metryk

It rymskema is de foarskreaune oardering fan de rimen yn in strofe of fers. Rymjende fersen hoege net in beskaat patroan te folgjen. Jo kinne safolle rimen oan it fers taheakje as jo wolle om trochgeande patroanen te meitsjen. Guon soarten fersen binne wol definiearre troch beskate rymskema’s en fêste fersfoarmen. Jo hawwe rymskema’s foar ien strofe of mear útwreide of ferfine rymskema’s foar it hiele fers. Sa hat it sonnet in rymskema en by in sestina moatte jo hiele wurden werhelje, yn in yngewikkeld patroan.

It rymskema wurdt trochstrings oanjûn mei de lytse letters fan it alfabet. Sa hat de Spenseriaanske strofe, skoepen troch de dichter Edmund Spenser, it rymskema ababbcbcc. Elke ferskillende letter wiist in oare rym oan.

’t Bliuwt rûzich op ’e jûn; fier yn it wêstena
Rize de wolkens út in bleke kymb
Opstiig’rjend, om de stege dei te dwêsten;a
De sinne moalket as in gleone skymb

Dizze rymskema’s slaan op de oadering en it skikken fan de rymfregers en rymjouwers by einrym:

  • pearrym: aabb
  • krúsrym: abab, lykas yn Kiestra syn ‘Tonger bewaait’ hjirboppe
  • ynsletten rym: abba
  • slachrym: aaaa
  • ôfwikseljend rym: xaxa, dus allinne de twadde en fjirde rigel fan de strofe rymje, de earste en tredde rymje net
  • springend rym: abc abc def def
  • skeakelrym: aba bcb cdc ensafuorthinne, lykas yn de fersfoarm terza rima
  • balladestrofe: abcb
  • brutsen rym: abcb-abac
  • ûnregelmjittich rym
  • sporadysk rym: it ferskinen fan rym yn in frij fers lit de rymjende fersrigels derút kypje; der is in omkearde rymbrek, ommers de net-rymjende rigels sette it patroan fan net-rym, en de rym brekt dat hearbere en sichtbere patroan en lûkt it omtinken troch it oars-wêzen

It rymskema kin de rymfreger ek middenyn de fersrigel hawwe, mei de rymjouwer as einrym.

  • leonyske rym, dêrby komt de rymfreger foar de sesuer, lykas yn: blies út syn noasters pneumatysk masterlik

Poëzy hoecht net te rymjen. Lang net alle wurden hawwe in rymwurd dat past by it ûnderwerp — mei fan gefolgen rymneed: dichters keare de grammatikale oarder fan de wurden om, of brûke in wurd dat wol rimet, mar yn de kontekst nearne op slacht. Skriuwers moatte goeie redenen hawwe om dochs in rymskema oan te hâlden.

  • It rymskema bestjoert de stream. In simpel rymskema, lykas de aaa fan in slachrym, streamt fluch en in yngewikkeldenien, lykas abcabc, folle stadiger.
  • It rymskema oarderet de strofe, likegoed as it tinken: de romte tusken de rymwurden befettet it hiele tinkproses. Dêrfandinne dat in kûpletfoarm mei in aabb-skema allinne simpele gedachten werjaan kin en dus altyd bernerym-eftich oandocht. Yn krúsrym hat in fersrigel ekstra om it tinken te ferfynjen.
  • Jo sjogge dalik oft de strofe yn lykwicht is of net.
  • Mei konsekwinsjes foar de utering en it gefoel derfan: de sprekker dy’t him uteret yn in strak rymskema klinkt ûnfersetlik, wylst ien mei in ûnregelmjittich rym fielt as op ’e doele rekke.

Skriuwers kinne foar har krekte doel har eigen rymskema betinke. Tink oan de komplekse krúsrympatroanen fan Hessel Miedema.

wy dolden ús djippe gatten yn ’e grûn ierde better net te witten
ieten ús oan bittere hôfappels nea sêd

Hessel Miedema, ‘De grutte wrakseling’