Glossarium fan poëtyske begripen




Sesuer

Metryk

Sesuer is in metrysk rêstpunt of skoft yn in fersrigel dêr’t ien sinsdiel ophâldt en in oar sinsdiel begjint. Wy ûnderbrekke ús praten om te sykheljen. It sykheljen bart op natuerlik rêstpunten yn in sin. Poëzy is oraal fan oarsprong: it hat dy rêstpunten bewarre.

Yn it klassike Grykske en Latynske en Anglosaksyske fers is de sesuer de rêst tusken wurden yn in metryske foet. Yn it moderne Europeeske fers is de sesuer in skoft yn ’e fersrigel op it ein fan in natuerlike grammatikale ienheid, meast in sinsdiel.

Sesuer is, lykas enzjambemint, in manier sa’t poëzy omgiet mei stiltes. Wolle jo de stilte net op it ein fan de fersrigel, dan ha jo it enzjambemint en de sesuer. It enzjambemint hellet de stilte oan it ein fan de rigel wei en lit jo twa rigels efterinoar trochlêze. De sesuer is in natuerlik skoft yn it midden fan in fersrigel, ynstee fan oan it rigelein. Der kin in komma stean, mar dat hoecht net. Yn tiid útdrukt kin de rêst rinne fan in amper waarnimbere stilte oant in echt ophâlden fan praten. Yn beide gefallen is de notaasje sa: ||

De sesuer kin op ferskillende plakken yn de fersrigel komme. De begjinsesuer sit oan de begjin fan de rigel: Skyn || is de rêst fan it geniet. De einseseur tsjin it ein, en de middensesuer komt it alderfaakst foar: dy knipt de stream fan de fersrigel midstwa. In froulike sesuer komt nei in koart, ûnbeklamme wurdlid. In manlike sesuer komt nei in lang of beklamme wurdlid, lykas hjirûnder nei ‘kringt’.

Skriuwers brûke sesueren om it ritme fan de fersrigel te brekken, it omtinken nei in beskaat wurd of sinsdiel te lieden, nammentlik it wurd of de fraze lyk foar of nei de sesuer, om in foarboade del te setten fan wat komme sil, in kontrast te skeppen, de djipte fan it gefoel te fersterkjen, of spanning en drama te kweekjen.

Bryk ljocht kringt || troch naden yn it tinken
twifels dûnsje stoffich || yn fjoerskerpe strielen

Cornelis van der Wal, ‘Tinkwolkens’