Glossarium fan poëtyske begripen




Underwerp

Algemien

It earste dat jo sjogge yn in ferhaal is it ûnderwerp dêr’t it oer giet. It lêste dat jo faak ûntdekke is it tema, dus it hiele punt, dêr’t it ferhaal omhinne skreaun is. It ûnderwerp komt faak as titel boppe de tekst. It is wat beskreaun of útlein wurdt yn it stik.
It ûnderwerp kin de ferneatiging fan de ierde wêze, lykas nei in grutte natuerramp. Mar it tema kin dan wêze dat de beskaving fan in naasje ûnomkearber yn ferfal is.

De fisken dea, de fûgels stom,
de paden grien en weak as tsiis.
Inkeld ferline strúnt hjir om:
dit is ’t ferflokte paradiis.

Marten Sikkema, ‘Rottekleaster’