tjouwerij Grotesk - uitgeverij Grotesk

Hoe skriuwen te bliuwen

Wêr’t jo it bêste de falstrikken foar de muzen sette kinne, dêr binne meters oer skreaun. Mar it ding is: ynspiraasje, of skriuwen bliuwe, of motivaasje, is typysk in fraachstik foar wa’t net hoecht te skriuwen. In skriuwer komt wei mei in ‘writer’s block’, mar in beukerjuf mei in ‘teacher’s block’?

hoe skriuwen te bliuwen

It docht dan ek gjin nij dat it begryp yntrinsike motivaasje, dat it trochgean mei skreppen by keunstners ferklearje soe, wilens jargon is fan de bedriuwsadfyssektor, tagelyk mei autonomy, ‘mastery’ en doel. De arbeiders produsearje litte sûnder stok efter de doar en woarst foar de noas is goedkeap en liket humaan. Yn ’e frije beroppen hifkje se sels har wurk. Keunstners sitte net mei de eksterne motivaasje fan bygelyks deadlines. “I love deadlines. I love the whooshing noise they make as they go by,” sei Douglas Adams. It makket net út dat it doel ekstern is. Wat derta docht is dat de keunstner it takomstich doel net fielt as eat dat him ekstern behearsket, mei in oar dy’t seit wat er dwaan moat en wannear en wat er derfoar krijt, mar dat er syn hanneljen dêr’t dat wichtich foar him is sels regelje kin, sadat de motivaasje autonoom is.

Dat minsken op dy manier motiven leare kinne— dê aansen mear oer—nimt net wei dat as jo skriuwer wêze wolle, mar jo wrakselje om skriuwen te bliuwen, of yn mystike taal om instant-ynspiraasje, jo jo better ôffreegje kinne wat jo reden is om skriuwer wêze te wollen, ommers dat hâldt yn dat jo dagen om gean sille mei dat skriuwen dêr’t jo tsjinoan hikje. Betink dêrby dat it (sels-)faksearre sjeny, dreaun om syn profesijen oer de buorren te bringen, ta skea fan himsels & de wynkelder, in romantysk klisjee is. Immen dy’t fan it hiele skala oan gefoelens mar ien ferarbeidet, pine, is gjin keunstner. As jo net om te begjinnen oan skriuwen in bulte nocht en niget hawwe, en soks komt net út de loft fallen, ferjit it leaver, sizze de skriuwers sels. Sêfter adfys ha se net.

De keunstner yn ekstaze meiskuord troch in kreative stoarm ploft del. Syn boek is klear. Gjin idee hoe’t der ea in twaddenien út him komme kin.

Doel yn keunst is net SMART en net produktrjochte. Want wa’t himsels in berikber doel stelt sil, om mar gesichtsferlies út de wei te gean, motivearre wêze om dat doel te heljen, dat hy makket in plan, wurket it út en sjesa. Goed is dat er wat dien hat, dat jout sels­betrouwen; minder is dat er nei it wapenfeit wer rjochtingsleas stil stiet. Dus it keunstdoel is kompleks. It giet meast oer in proses, it paad is it doel (sûnder spirituele oefening, bedoelt de tibetaanske mûnts, sille jo net ferljochte wurde). In doel is in byld fan de takomst, eat dat jo foar je sjogge en dêr’t ien him oan ferbynt—of net, want de keunstner is gjin pitbull dy’t it fisioen dat er yn ’e nekke hapt nea wer loslit—mar it is essinsjeel om futuristysk te tinken om jo eigen koerts te hâlden. Boppedat binne der de 10.000 oeren.

Ut in ûndersyk nei it ferbân tusken betûfte prestaasjes en doelberet oefenjen die bliken dat de alderbêste fioelisten yn trochsneed 10.000 oeren allinnich en doelberet oefene hiene, en dat it tal oeren yn solitêre doelberette oefening yn har karjêre posityf korrelearre mei it nivo fan betûfte muzykútfiering en mei har stadige ferbettering as gefolch fan doelfêst en opsetlik oefenjen. Oefening jout bûtenwenstige prestaasjes. It tinken is dat dat yn alle kreative beroppen jildt. Lykwols is doelfêst oefenjen de wurksume faktor—10.000 is gjin magysk getal.

Allyksa ken de algemiene—en tautologyske—tip dat jo om skriuwen te bliuwen alle dagen skriuwe moatte, gjin magy. Yndie is 30 deistige minuten nei jo betelle wurk frijmeitsje om te romanskriuwen of 45 minuten om te dichtsjen, 15 foar it neisjen fan wat juster skreaun is en 30 foar nije fersrigels, in bewiisde metoade. In hiel soad publisearjende skriuwers wurkje sa. It is genôch foar artistike en technyske foarútgong. Mar as ‘skriuw alle dagen’ immen allinne braaf nei syn skriuwark bringt, helpt it syn motivaasje net. Motivaasje is neist de faktor dy’t ta in hanneling prikelet, 30 minuten sitte ta skriuwen, benammen de driuw dy’t makket dat de hanneling trochgiet. Elkenien leart mei jierren oefening wol tekenjen mar is gjin keunstner, om’t jo de driuw dy’t de keunstner fielt by it oefenjen net leare kinne; motivaasje is altyd doelrjochte.

Stel deistige doelen, makket net út wat, al is it in side fol limericks, om’t elk wurd foarútgong is. Smyt neat fuort sizze se, oant jo yn jo earste redigearstadium sitte, en sels dan, bewarje jo snipels. Ek is der gjin Hemingway-wet dy’t jo ferplichtet moarn jo pinne del te setten dêr’t jo him juster fan it papier optild hawwe. Karel Appel wurke oan fiif of mear doeken tagelyk. In foardiel is dat der faker tuskentroch in stik hast klear is en jo sille de driuw fiele om it hielendal ôf te meitsjen, en der dan in beleaning is, om’t it wurk klear is. As er de doare dei it atelier ynstapte, sei Appel, hie in doek soms himsels ôfskildere—mar hy wie in regelmjittich minske.

“If I don’t write every day, the characters begin to stale off in my mind,” seit Stephen King, “I begin to lose my hold on the story’s plot and pace.” Al nei in dei net skriuwen, sels gjin oantekeningen yn ’e tillefoan, reitsje jo út de flow en nei noch in pear dagen witte jo net krekt mear wat jo sa boeide yn jo idee en ferdampt jo nijsgjirrigens nei it barren yn jo tekst. Regelmjittige minsken hawwe it makliker. De gaoaten kinne it bêste in tydskrift begjinne of in weblog dat fêste prik ferskynt, wat jo twingt om kontinu jo ideeën te uterjen op in heech nivo, sadat dy hanneling úteinlik leanjend is.

It minskdom hat in hiel soad motiven om keunst te meitsjen. Dy’t it kearnelemint siket fynt miskien eat as it ferlet om jin kreatyf te uterjen, mar wat kreativiteit is witte wy net, wylst wy fan beleaning in soad witte. Bisten evoluearren as beleaningsikers. Soarten dy’t it leafst iten hawwe fan hege kwaliteit mar dat der net faak is, kinne min oer útstel, se wolle krije wat se winskje, no of nea. Jild is in sterke bekrêftiger. Jo brekke motivaasje it hurdst ôf troch mei paskleare tips te kommen. En minsken dogge krekt wat, as se ferwachtsje dat se der wat foar krije. Dat doelen stelle sa goed wurket is simpelwei operant kondisjo­nearjen: de do yn de Skinner Box hat syn deadline helle en krijt in hantsje dowesied.

Beleaningen binne benammen effektyf as it wurk ferfeelsum is. Dat in skriuwer in opwinend libben hat is in oare myte. It is logysk dat ien him leech en útmolken fielt nei de 500 oant 1000 wurden dy’t de literêre romanskriuwer op in dei produsearret. Wurket er oan mear stikken tagelyk dan bliuwt er miskien in bytsje frisser. Mar ea komt de ûnnocht. “Almost all writers hate their book by the time they hit the home stretch,” seit Ann Wingate. “But if they have properly outlined the novel before beginning to write it they’re not going to run out of ideas, and they don’t get bored with it.” Beleaningsykjend hâlden is bygelyks alinea’s meitsjen. In strakke, rûne, muzikale alinea is in beleaning yn himsels. Ideeën generearje is in oar ding.

Inkeld skriuwe yn de minuten dat de 1% goeie ideeën komme soe it meast leanjend wêze. Mar wachtsje op de ûnfoarsisbere muze dy’t jo juster ek sûnder ôfbeljen sitte liet, hoecht net. Dy’t mear sjocht, sjocht mear prachtichs: ideeëen barre net yn in fakuüm. Lês jo yn, rin waarm yn museums en roazetunen, der lizze ferhalen klear foar trije skriuwerslibbens, noaskje yn josels, skriuwen is dochs om eat te sizzen dat jo sels útfûn ha, jo opmonteret, dwerssit, is it wier wat jo oaren fertelle wolle en de skiednis mei rjochtsette; skriuwen is leafdewurk âld papier, rekkenje net op rom of in ynkommen út keunst, trouwens de breaskriuwers hawwe alle dagen stress, of se moatte al in rike partner fine—. Dan skillet jo skriuwcoach: moai al dy tarieding en brain-storming. Mar wannear komt dat boek? En jo sizze dat jo de datum krekt op jo webside set ha. Fan no ôf is elke fersrigel in beleaning.

Keunstners rinne gauwer as oare faklju tsjin de grinzen fan har kinnen oan, troch it oanhâldende eksperimint, dêr’t lang net altyd byfal foar komt. “I always question artists who are successful in whatever they do—I think what that means is that they’re repeating themselves and not taking enough risks,” sei Marina Abramović. Tagelyk ha keunstners in oare manier fan doelberet omgean mei obstakels om stress en konflikt te ferminderjen. It earste grutte ûndersyk dernei—krekt 13 jier lyn want it each foel altyd op disfunksjonele inkelingen lykas Sylvia Plath—wjerleit it populêre tinken dat keunstner­skip en schizofreny lykop gean. “There is only one difference between a madman and me,” sei Salvador Dalí, “I am not mad.” Keunstners blike wol neuroatysker as net-keunsners—neurotisiteit hinget gear mei yntelliginsje—en wat ekstraverter, freonliker, sekeurder en iepener foar ûnderfining.

Opmerklik, en wêzentlik foar it tinken oer keunstmotivaasje, is dat de keunstners, hoewol’t se muzyk of skriuwen as talint hawwe, seine dat se har keunst net brûke yn tiden fan stress en dat se inkeld as se frij fan stress binne wurk fan hege kwaliteit leverje kinne. Ek dat giet tsjin it folkstinken yn dat keunstners aktyf wurde yn hommelse útbarstingen fan fan ynspiraasje, gekte of heftige emoasjes en dan masterwurken skeppe. Yn it omgean mei obstakels waard ien sinjifikant ferskil mei net-keunstners fûn: keunstners bin net religieus. By tsjinstuit is de strategy fan skriuwers: “Try to look on the bright side of things.”

De wannabe skriuwers jouwe earder op, is it ferskil dat skriuwers en redakteuren sjogge yn omgean mei obstakels. Foar lju dy’t alle dagen skriuwe heart by skriuwen in publyk en iepenheid foar krityk. Se sille besykje harsels te ferbetterjen, mar foar’t dy ferbettering der is stean se harsels min skriuwen ta, want it alternatyf is net skriuwe. It echte obtakel is nikse. Se dogge in pear sjoernalistike stikjes en stjoere dy op nei in buertkrante dy’t it pleatse sil, wat goed is foar de buert en it ego. Se kweekje in dikker fel, lûke har werom en betrouwe op harsels: gjinien skriuwt it op lykas sy.

Punt 7 fan Henry Miller syn alve geboaden foar it skriuwen is: “Keep human! See people, go places, drink if you feel like it.” De deistige rûtine, de werhelling benammen op ’e wurkflier, wurdt faak as de algemiene oarsaak fan apaty sjoen. Op in stuit kinne jo josels nearne mear foar ynsette, gjin inkeld doel of stribjen liket noch de muoite wurdich. It is gjin slieptekoart of in oar ding dêr’t jo foar nei dokter moatte, it is ek gjin Angst, ennui of Weltschmerz: it is folsleine ûntmoediging. De hjoeddeiske maatskippij freget de keunstner om aloan mei te dwaan, belutsen te wêzen, him op te offerjen. Docht er dat net dan diskwalifisearje se him as ûnferantwurdlik, maklik of gefaarlik.

Mar “Journeys, like artists, are born and not made,” seit Lawrence Durrell. Keunstners wurde beslist berne as keunstner, mei in natuerlike driuw en ferbyldingskrêft; as se lykas Van Gogh begjinne as dûmny mislearret dat. No, lykwols, sjogge jo keunstners hieltyd mear bestrûpt sitten yn kriten fan ‘positive’, ‘ynspirearjende’ kollega’s dy’t jo ‘motivearje ta selsferbetterjen’ en hurder en ‘betsjuttingsfol’ wurkjen, dy’t twitterje dat elkenien syn opskriuwboekje meinimme moat en nijsgjirrich wêze nei it lytse libbentsje om dat as sa’n heap seks en drugs en rock ‘n’ roll troch it ferhaal klopjen dat alle sintugen ferdôve binne. Och wat in produktive dei!

Jo binne der klear mei: de minsken, de plakken en de drank. Ynstee fan hoe’t de wrâld jo oantaast, begjinne jo no te tinken oer hoe’t jo de wrâld beynfloedzje kinne. It giet om passiviteit en aktiviteit, macht en wjeraksel tsjin it ynliivjen yn ’e keunstyndustry, “At present I would prefer not to be a little reasonable”, en tsjin de manier sa’t keunst ferbyldet, fral yn ekonomysk ûnwisse tiden, en de rol fan ’e keunstner dêryn. Dêrom is apaty in boarne fan keunstmotivaasje. In krêftige motivator fan doelrjochte hanneljen, sa lit ûndersyk sjen, is dat jo yn sels-ôfsûndering, fier fuort fan de iepenbiere romte, josels ôfreegje: Sil ik?

 

Hjir fine jo hoe’t jo in gedicht skriuwe kinne.
Hjir fine jo hoe’t dichters nei delskriuwen fan de earste skets it opnij-skriuwen, revision, fan in fers oanpakke.
Hjir fine jo hoe’t jo jo fersen ta in poëzybondel oarderje kinne.
Hjir demystifisearje wy it artistike proses.
Hjir wize wy de grinzen en beheiningen oan fan lyryske poëzy.
Hjir wjerlizze wy it mearke dat poëzy dreech en ûnbegryplik wêze moat.
Hjir gean wy yn fûgelflecht troch de teory fan poëzy.
Hjir skiede wy pseudopoëzy fan keunst.
Hjir bepleitsje wy it wêzentlik belang fan tiidwurdstiid foar de dichter (en proazaskriuwer)


Grutmasterkursus Poëzy

Grotesk Grutmasterkursus Poëzy

De allerearste masterclass Fryske poëzy ea, op 26 en 27 septimber 2020 yn Tresoar.
Kursuslieders Elmar Kuiper en Abe de Vries. Doch mei!

Hjir fine jo alle ynformaasje

Hjir melde jo jo oan