tjouwerij Grotesk - uitgeverij Grotesk

It artistyk proses

Keunst is heimsinnigens en myte om hinne. Keunst soe ûntsprute oan ‘jûn’ talint. Is it talint efkes fuort dan blaast de muze in ambachtsman it keunstwurk yn. Sa beheint de ûntjouwing fan keunst him ta de beskikberheid fan in willeas fet foar de jefte fan god of fan dom DNA foar it keunst-gen, plus eventueel wat technyk. Heech tiid foar it opheffen fan de heimsinnigens oer it artistike proses.

demystifikaasje fan it artistike proses by it kreative skriuwen

“Want het groote geschiedt niet bij impulsie alleen en is een aaneenschakeling van kleine dingen die tot elkaar gebragt zijn,” skriuwt Vincent van Gogh syn broer Theo.

Wat is het teekenen? hoe komt men er – ’t Is een zich heenwerken door een onzigtbaren ijzeren muur die schijnt te staan tusschen wat men voelt en wat men kan – Hoe moet men door dien muur heen komen – daar er tegen beuken niets helpt. Men moet dien muur ondermijnen en doorvijlen langzaam en met geduld mijns inziens en ziedaar – hoe zal men aan zulk een werk assidu blijven zonder zich te laten afbrengen er van of afleiden   tenzij men nadenke en zijn leven regele naar principes. En zoo als ’t met het artistieke is zoo is het ook met andere dingen. En het groote is niet iets toevalligs     het moet wel degelijk gewild worden.

Al mist in skerpe definysje fan keunst en al is it ûnderskied tusken goeie en minne keunst frij subjektyf, keunst is net samar wat de taskôger sels útmakket. Jo kinne net eat keunst neame dat it net is. In ambachtsman is gjin keunstner. Ambachtslju binne treend yn techniken. Har fakmanskip op in beskaat mêd kin sa grut wêze dat har produkten trochgean foar keunst. Tink oan gebrûkspoëzy, ek wol leechlizzend middle-brow-poëzy neamd, foar op brulloften en by wize fan In Memoriam. Mar in keunstner moat mear biede as in masterwurk fan technyske perfeksje. In keunstner moat har bewust wêze fan har rol en se moat eat oer it libben sizze dat derta docht. Keunst grypt yn ús wrâld yn: it fernuveret, it ferwûnet, it twingt ús in kar te meitsjen.

It ferskil tusken ambacht en keunst falt foar in part gear mei it ferskil tusken ferdivedaasje en keunst. De moeting tusken útfierder en publyk is folle dûbelsinniger en komplekser yn ’e keunst as yn ’e entertainmentyndustry. Dat in keunstner ûntlient oan in heale ieu popkultuer is wat oars as dat er deroan meidocht. Mar as estetyk in minder wichtich doel wurdt as sichtberens en ferkeap, soene jo sizze kinne dat der gjin sprake mear is fan keunst; dan is der ferdivedaasje en ûntspanning. Grutte kunst kin fermeitsje, mar fermeits is samar oer, wylst keunst bliuwt. Want by keunst leit de belutsenheid fan keunstner en publyk by ynspanning en by útstel fan flugge befrediging fan ferlet, om wat nijs te witten te kommen.

Keunst dielt mei wittenskip it plak fan de essinsjele minkslike akiviteiten dy’t ús tinke litte. Der is wol sein dat wittenskippers tinke oer hoe’t foarútgong liedt ta feroaring en keunstners tinke oer hoe’t feroaring liedt ta foarútgong. Keunstners prakkesearje oer kwestjes, ideeën en ûnderfiningen om fantasyrike ynsjoggen foar ’t ljocht te bringen: dat is krekt wat it artistike proses is. Mar it meitsjen fan keunst is net werom te bringen ta de oersichtlike kognitive stappen fan de wittenskip, op basis fan oarsaak en effekt, grûnstof en útstjit, proses en produkt. Keunst skeppen bliuwt in moeting fan keunstner en minsken, ideeën en hannelingen dy’t werheljend, sykjend en strategysk is: rommelich dus—mar net heimsinnich.

 

Hjir fine jo hoe’t jo in gedicht skriuwe kinne.
Hjir fine jo hoe’t dichters nei delskriuwen fan de earste skets it opnij-skriuwen, revision, fan in fers oanpakke.
Hjir fine jo hoe’t jo in jo fersen ta dichtbondel oarderje kinne.
Hjir wize wy de grinzen en beheiningen oan fan lyryske poëzy.
Hjir wjerlizze wy it mearke dat poëzy dreech en ûnbegryplik wêze moat.
Hjir gean wy yn fûgelflecht troch de teory fan poëzy.
Hjir skiede wy pseudopoëzy fan keunst.
Hjir somje wy op wat skriuwers dogge om oan it skriuwen te bliuwen.
Hjir bepleitsje wy it wêzentlik belang fan tiidwurdstiid foar de dichter (en proazaskriuwer)


Grutmasterkursus Poëzy

Grotesk Grutmasterkursus Poëzy

De allerearste masterclass Fryske poëzy ea, op 26 en 27 septimber 2020 yn Tresoar.
Kursuslieders Elmar Kuiper en Abe de Vries. Doch mei!

Hjir fine jo alle ynformaasje

Hjir melde jo jo oan