tjouwerij Grotesk - uitgeverij Grotesk

Pseudopoëzy is gjin keunst oan

Pseudo is sabeare, falsk en ûnecht. Jo hawwe pseudoteology lykas de scientology-tsjerke dy’t in manipulatyf winstmeitsjend bedriuw is, pseudowittenskip lykas it antyfaksinaasje-aktivisme en pseudoyntellektuelen lykas hipsters dy’t yntelligint lykje wolle foar seks, wylst de tradisjonele rol fan yntellektuelen is om fierder te gean mei it kennisfergarjen sadat oaren de fruchten ploaitsje kinne. Dus it doel leit bûten de hanneling en de miene dieler fan pseudo is: se besykje it net iens.

Pseudopoëzy is gjin keunst oan

Pseudopoëzy is in tekst, skreaun, sein of yn gebearten, dy’t fan ’e bûtenkant liket op poëzy, mar it net is en it ek net wêze wol. Poëzy is in foarm fan keunst dy’t minsklike taal brûkt foar in estetyske wurking—gefoel, atmosfear en stimming—yn oanfoljen op of ynstee fan syn begripe-ynhâld—de ideeën—en syn semantyske ynhâld—wêr’t in sin nei ferwiist (in wierheid of sa) yn tsjinstelling ta ‘betsjutting’ of ‘nut’ dy’t kontekstôfhinklik binne. Pseudopoëzy hat op it earste gesicht dy karakteristiken: taal, it oproppen fan stimming en sa.

Mar de eleminten telle net op ta poëzy. Se ferbine net meiinoar. Se funksjonearje net. Bygelyks, as rym brûkt is tsjinnet dat net om de klam te lizzen op it tinkbyld, de sfear te kleurjen of nuânsearjen of de frasen oaninoar te hammerjen; de rym is om syn poëzyeftigens, dat is alles. Wiene de poëtyske eleminten wol delset om te wurkjen as keunst, mar slagge dat net, dan soe it inkeld minne poëzy wêze.

—Hooplik fan in dappere debutant. Want it oanwizen fan pseudopoëzy bart sûnt Plato—holle retoryk—en ek doe al rûn dat stomp yn skellen op farianten dy’t net mei de eigen keunstpolityk strike. Sa’t ea Gorgias en de sofisten de Kallipolis bedrigen, oerstreame no Rupi Kaur en har miljoenen epigoanen it ynternet, sadat alles Entartete Kunst wêze soe dat in djip tinken suggerearret, wiffe en grouwélige ferbylding hat en withoefolle sinleaze rigeleinen. Fertocht binne jo gau. Ray Armantrout krige yn in dichters-F&A fan Poetry Foundation dizze fraach:

Dear Rae
Why
the short
lines and
when did
it start
for you
and can you
imagine
writing long
narrative poems
without
being sick
to your
stomach?

Armantrout anderet dat se koartere rigels begûn te skriuwen om’t se fan it logge metrum ôf woe dat se as bern leard hie en doe “got increasingly interested” troch wat rigeleinen feroarsaakje, lykas suspense en dûbele betsjutting. Spanning en dûbelsinnichheid binne by útstek poëtyske eleminten.

Dus pseudopoëzy sit net yn beskate techniken. It sit net yn it mankearjen dêroan. Pseudo­dichters hawwe fansels al lang leard te sizzen dat se boeid binne troch dit of dat, hoewol’t Arjan Hut nea as spindoctor by de scientology-tsjerke wurkje sil mei syn ferklearring dat it kristlike ‘ljocht’ him boeit wylst it haadgedicht yn ’e bondel giet oer CD’s nei de omrin bringe. Mar geandewei fassinearre reitsje is de kearn fan keunst en wittenskip—net ‘talint’. R.G. Collingwood seit yn The principles of art:

[I]t is not so much a question of the author’s ‘choosing’ a subject; it is a question rather of his letting a subject choose him: I mean, a question of his spontaneously sharing the interest which people around him feel in a certain subject, and allowing that interest to determine what he writes. (…) Art is not contemplation, it is action. If art were contemplation, it could be pursued by an artist who constitutes himself a mere spectator of the world around him, and depicts or describes what he sees.

Collingwood seit dat keunst de ûnderfiningen fan de mienskip helder útlizze moat, mar de keunstner him net bewust fan syn publyk is. Want keunst is selskennis en hâldt him net dwaande mei it oanfjurjen fan gefoel, net as ferdivedaasje noch as ‘magic’. Dy’t tinkt dat keunst it útlokjen fan gefoel is hellet keunst en ambacht trochinoar en hannelet net-autentyk, wat pseudokeunst opsmyt. Dat is in hjoeddeiske opfetting. Facebookpoëzy is pseudopoëzy want it is foar de ‘likes’, al sizze de dichters dat dat net sa is. Mar it punt is (seit Collingwood al), jo kinne net yn ’e hollen sjen. De tekst bewiist syn pseudo-aard. Wat pseudodichters dogge, doelberet of net, is de hege standert omsmite.

Charlatanism is for confusing or obliterating the distinctions between excellent and inferior, sound and unsound or only half-sound, true and untrue or only half-true. It is charlatanism, conscious or unconscious, whenever we confuse or obliterate these. And in poetry (…) it is unpermissible to confuse or obliterate them. For in poetry the distinction between excellent and inferior, sound and unsound or only half-sound, true and untrue or only half-true, is of paramount importance. It is of paramount importance because of the high destinies of poetry.

Matthew Arnold, de grutste fiktoriaanske kritikus, stelde ûnferskillichheid njonken—de ideeën yn—poëzy gelyk oan ûnferskilligens njonken it libben oer. Dat klinkt no ferheven, mar noch altyd skiedt men op soksoarte grûnen de keunst fan de net-keunst. Estetisy hawwe leaver net in sletten definysje fan keunst mei needsaaklike en foldwaande betingsten, ommers tiden feroarje. Se wolle in iepen definysje, alhoewol’t in te brede definysje seit dat alles keunst is, sadat neat keunst is. Dus wy slute op roai en goai dingen út fan keunst lykas wannear’t se makke binne troch robots. Bedoeling ûntbrekt dan. Dy mist ek as bisten keunst meitsje.

Komar & Melamid learden Tayske oaljefanten te skilderjen nei’t dy har wurk yn ’e houtkap kwytrekken. Op ’e feiling die it abstrakt-ekspresjonistyske wurk soms wol $2000 sadat de bisten oerlibje koene en sels har pinsielen betelje. Dochs neame wy it konseptuele projekt keunst, “[K & M] want us to wonder if there might be something very odd and very wrong about the way that the high culture art industries go about their work,” sei Charles Altieri; mar de doeken binne gjin keunst. Likemin, al makket er cut-up-fersen dy’t jo net fan echt ûnderskiede, hat in poëzygenerator bedoeling. Mar de metoade sa’t sa’n masine wurket, liedt ek ta pseudopoëzy as minskehannen it wurk útfiere. Alexander Pope lit yn Peri bathous sjen wat it gefolch is as jo doelleas mei figurative taal en stylfiguren struie. Oer de hyperboal:

He roar’d so loud, and look’d so wond’rous grim,
His very shadow durst not follow him.

Prate wy oer bedoeling, dan moatte wy in ferskil meitsje tusken keunst en net-keunst. Net-keunst is rjochte op it útlokjen in beskate respons, by in klassike Hollywoodfilm it bitterswiet gefoel. Mar keunst jout de taskôger stof om sels syn gedachten en gefoelens te skeppen. Twad is der in ferskil yn ûnderwerp. Keunst giet altyd, sels as it abstrakt is, oer ferhâldingen yn de wrâld en hoe’t jo josels, de oaren en de dingen op oare manieren begripe kinne. De trochsneed popmuzyk bekroadet him dêr net oer, inkeld oer direkte ferkeap. Tred, masterskip. Poëzy lit in grutte behearsking sjen fan wurdkar, grammatika, ritme, meldij, organisaasje, spanning en allerhanne styltechniken. Poëzy is nea plat en banaal útsein as it bedoeld is om ûndjip te wêzen.

Skjintme is net in betingst mear foar keunst. “Nach Auschwitz ein Gedicht zu schreiben, ist barbarisch,” sei Adorno. Wy sjogge de minskewrâld as in lilk plak en ferwachtsje fan de takomst ek net folle moais. Of, skjintme docht der wiswol ta: as er djipper is as in kosmetysk flueske—pseudopoëzy hat inkeld dy tinne skjintme. Allegory is ek net fan belang foar keunst. Salvatore Quasimodo sei yn syn Nobellêzing:

Men of letters who cling to the private successes of their petty aesthetics shut themselves off from poetry’s restless presence. The politician and the mediocre poets with their armour of symbols and mystic purities pretend to ignore the real poet. It is a story which repeats itself like the cock’s crow; indeed, like the cock’s third crow.

Dat wie yn 1959. Opnij is der no romte foar dekoratyf ferpakt wûnder—net foar keunst. Yn de neoliberale maatskippij is de wearde fan keunst hiel leech. Dêr komt by dat keunstners yn it ferline faak flink maatskippijkritysk wiene troch har gefoelichheid en har noed om rjochtfeardigens, dy’t neffens gongbere opfettingen elke wiere keunstner oanfiterje moat: de wrâld in spegel foarhâlde. Mar in keunstner is gjin ingenieur fan ’e siele. De maat­skippij soe de keunstner frij litte moatte om te gean wêr’t syn fisioen him ek bringt, ynstee fan him te binen oan ’e kreative yndustry en ynnovative mienskippen, wat dat ek wêze mei.

It isolemint fan souderkeamer, de publyksleazgens, de spleen kitst tsjin de keale muorren, frijheid as it wêzen fan wierheid en Dichten “Dies unschuldigste aller Geschäfte…”, mei as gefolch it eksistinsjalistysk nâledigerjen oer pseudodilemma’s en pseudodrama’s, bringt pseudopoëzy. Mar de ivoaren toer mei syn harsenkeunstkes docht dat ek. Poëzy woartelet, seit Frost, yn libbene, liiflike taal.

One who concerns himself with [the sentence sound] more than the subject is an artist. (…) [This is] the raw material of poetry. An ear and an appetite for these sounds of sense is the first qualification of a writer (…). But if one is to be a poet he must learn to get cadences by skillfully breaking the sounds of sense with all their irregularity of accent across the regular beat of the metre. Verse in which there is nothing but the beat of the metre furnished by the accents of the polysyllabic words we call doggerel. Verse is not that.

Dat der sa’n soad pseudopoëzy is leit net oan it ynternet of oan it ynstoarten fan ús beskaving, mar oan hoe’t de keunstekonomy polityk opboud is. Yn ’e 19de ieu rûnen de bohemiens út de premoderne keunstgilden om, fier fan ’e stank fan jild en alle boarger­noarmen op ’e platte ierde, har eigen ideaal fan keunst en skepperskip nei te stribjen. Mar dat hold yn dat se har nearing tabetrouwe moasten oan tuskenhannelers, dus privee­ympresario’s of steatsynstellingen—tink yn Fryslân by beide oan stifting RIXT, ek al beart dy weromkear nei it gilde. Dêrneist konkludearret Anton Vidokle (e-flux #43) dat “MFA programs have become a tool of indoctrination that has had an unprecedented homogenizing effect on artistic practices worldwide” en dat effekt fan monotony “is now being replicated with curatorial and critical writing programs.”

De akademys yn de Feriene Steaten binne keken, polityk korrekt en ûnbûchsum yn har formalistyske estetyk en se bepale ek hjir de merk en/dus dy’t oan it patroan ûntsnapt hat kultstatus.

Every time an artist invents a new form that involves a profound change in the vision of the world, he is immediately imitated by a legion of pseudo-artists who borrow the form of his art without, however, understanding its implications

seit Umberto Eco. De Trotskistyske stelling is dat wiere yntellektuele skepping net te ferienjen is mei de geast fan konformiteit: “Art can become a strong ally of revolution only in so far as it remains faithful to itself.” De hege keunst moast beslist ûnoantaast bliuwe en hoede foar popkultuer en foar, sa’t Clement Greenberg seit, “perversions and abortions of discourse: pseudo-description, pseudo-narrative, pseudo-exposition, pseudo-history, pseudo-philosophy, pseudo-psychology, and—worst of all—pseudo-poetry.”

Jawis, it hat in útsprutsen nommele alluere om keunst te skieden fan pseudokeunst. Mar de fraach bliuwt, hoe dogge jo dat? Net-autentisiteit, werhelling, lykfoarmigens leit ynmitsele yn it hiele systeem. Stjerkeunstners as Warhol, Jeff Koons en Damien Hirst hiere lju yn om keunst te meitsjen. Yntellektuelen skriuwe protestbrieven om har boargerkultuer te ferdigenjen tsjin burokratyske sjarzjes en it ferbanen fan dichtbondels as dekadinte ûn‑keunst. De krityk op akademys is al in skoft dat har kwasy-histoarysk (kwasy-)objektivisme—dêr’t se de wrâldske ynhâld fan moderne keunst yn begrave—inkeld ûnderwiisdoelen tsjinnet. Ommers de ynstitúsjonalisearring fan it modernisme hinget ôf fan in hieltyd akademysker petear dat de reputaasje fan keunst en akademy heech hâldt.

Boppedat, wa hat lest fan pseudopoëzy? Net it publyk; as alle âlde wearden fan keunst skrast binne, lykas ferbyldingskrêft en orizjinaliteit, kin de pseudokeunst dy’t oerbliuwt it ferstuivere publyk in krêftich ferset ûntlokje: ba! Wurde de dichters út har breawinning stjitten troch de niisneamde sjarlatans, instagramrimelders en bohemiens dy’t grize fan elk tinken oer profesjonaliteit? Baudelaire fertsjinne noch de rigel—0,15 frank—mar hjoed is dichtsjen ûnbetelle underground-subkultuer. As lêste, just om’t jo romantyk net de kop yndrukke kinne—Tennessee Williams, Frank O’Hara?—en poëzy altyd gefoel omfettet—sels T.S. Eliot ûntkende dat net—likegoed as djippe betsjutting, en om’t alle keunst propaganda is, seit Orwell,

It is fashionable to say that in verse only the words count and the ‘meaning’ is irrelevant, but in fact every poem contains a prose meaning, and when it is any good, it is a meaning which the poet urgently wishes to express

sille de keunstners altyd bivakkearje tusken de kwaksalvers, de ûngesjenearde sentimintalisten dy’t nea ûnderweis fassinearre reitsje sille, de útsûgers fan emoasje: de nifelders fan pseudopoëzy.

 

Fierder lêze

Martinus Scriblerus, ‘Peri bathous, Or the art of sinking in poetry’ [1728], yn The works of the rev. Jonathan Swift, Vol. 17.

Salvatore Quasimodo, ‘The Poet and the Politician’, Nobellêzing, 11 desimber 1959.

Simon Vestdijk, De glanzende kiemcel (Amsterdam: Atheneum, 1950).

Hjir fine jo hoe’t jo in gedicht skriuwe kinne.
Hjir fine jo hoe’t dichters nei delskriuwen fan de earste skets it opnij-skriuwen, revision, fan in fers oanpakke.
Hjir fine jo hoe’t jo jo fersen ta in poëzybondel oarderje kinne.
Hjir demystifisearje wy it artistike proses.
Hjir wize wy de grinzen en beheiningen oan fan lyryske poëzy.
Hjir wjerlizze wy it mearke dat poëzy dreech en ûnbegryplik wêze moat.
Hjir gean wy yn fûgelflecht troch de teory fan poëzy.
Hjir somje wy op wat skriuwers dogge om oan it skriuwen te bliuwen.
Hjir bepleitsje wy it wêzentlik belang fan tiidwurdstiid foar de dichter (en proazaskriuwer)


Grutmasterkursus Poëzy

Grotesk Grutmasterkursus Poëzy

De allerearste masterclass Fryske poëzy ea, op 26 en 27 septimber 2020 yn Tresoar.
Kursuslieders Elmar Kuiper en Abe de Vries. Doch mei!

Hjir fine jo alle ynformaasje

Hjir melde jo jo oan