tjouwerij Grotesk - uitgeverij Grotesk

Artysterij

“If technique is of no interest to a writer, I doubt that the writer is an artist,” seit Marianne Moore. Dochs is de firtuoaze ambachstman noch gjin keunstner: al perfeksjonearre er syn technyk as in primaballerina, hy sette nea syn tosken yn ’e keunst. Mar oan it ein fan it kroechdebat oer wat earst komt, technyk of idee, gluorret it ûntnofterjende feit dat technyk in fûnemint foar al it keunstsinnich ompielen. Want hoe sublym oft jo idee ek is, min skilderjen makket jo wurk in min skilderij. It ambacht kenne, likegoed as it materiaal, om’t dat jo middels binne, is bekiedend foar it goed oerbringen fan it idee. Konsepten, dy flechtige en ympulsive flagen, binne fan gelikens of sels grutter belang as technyk, inkeld mar as en foar safier’t se rjochting jouwe oan it sykjen foarby it foarsisbere effekt fan ferve op it doek, nei in eigen oanpak, tink oan Jackson Pollock.

Dichtsjen

Wolst skriuwe, skriuw! –Tolstoy
tsjin Rilke dy’t ’m narre oer technyk.
7 simpele tips: neat is makliker as jo fantasy omsette yn ûnferjitlike wurden

Doch mar dreech?

It stege mearke
fan ’e drege poëzy
De hjoeddeiske dichter moat iroanysk, licht-synysk, ‘meta’, selsferwizend en anty-letterlik dwaan en nea simpel sizze ‘myn leafde is in reade reade roas’.

It artistyk proses

Hoe hat er dat hân?
wie it de muze op syn skouder?
Ynienen gie alles om it artistyk proses; de gilden dy’t it fak trochjoegen wiene fuort, de keunstner stie allinnich yn ’e postyndustriële wrâld

De bondel

It oarderjen fan in bondel
koarte ferhalen of fersen
De measten skriuwe bondels, gjin losse teksten, mar ek Ovidius tocht om ’e ‘contexture’, yntertekstualiteit, tonaliteit & enerzjy fan de folsleine struktuer

Lyryk

Lyryske poëzy
syn grinzen en beheiningen
Moatte jo jo lier meinimme of in ‘ik’ dy’t beart dat der yntimiteit yn syn taal­hanneljen is mar hieltyd de lêzer syn fertrouwen brekt?

Opnij-skriuwen

Alle wurden
op syn alderbêst krije
90 persint fan goed skriuwen is opnij-skriuwen, is de kearn fan it skeppings­proses, en goed skriuwen is goed tinken: ús einprodukt komt út beried

Hoe skriuwen te bliuwen

Gjin dissipline
mar sljocht wêze op útfinen
Sykje in stil skriuwplak, mar motivaasje is boppe-al estetyske wille plus in styl fan learen om it learen/útprobearjen sels (net om it produkt)

Teory fan poëzy

Hoe dan ek
beynfloedet it tinken oer keunst ús wurk
De moderne westerske tradysje feroare de poëzy, wylst skriuwen nea ûnmisber wie, yn wurden op papier, as gefolch fan it mjuksen fan minsklike taal en ritme

Pseudopoëzy

Pseudopoëzy
is gjin keunst oan
Sabeare formalisme, oerflakkich, barok, keunst as magy mei in plannearre doel en in winske praktysk effekt, brocht as aktueel mei fingerwizende wurden …

Tiidwurdstiden

De tiidwurdstiden
en de dichter
De poëtyske notiid is in klisjee, ferbûn oan de romantyk, alhoewol’t 19e-ieuske dichters faak yn doetiid dichten of—just—hinne-en-werren yn ’e tiid