Betingsten foar & service oan ’e boekhannel

Gjin oanbiedingen

Wy binne in lytse nonprofit útjouwerij mei ien of twa titels it jier. Wy wurkje dêrom net mei oanbiedingen. Mar wy kinne jo, as jo dat wolle, op ’e hichte hâlde fan de titels dy’t wy útbringe. Mear ynformaasje kinne jo krije fia
Utjouwerij Grotesk, Boomstraat 32 D, 1015 LC Amsterdam

Tillefoan: 020 - 693 86 31
E-mail: ynfo@grotesk.site

Koartingen

  • Boekhannels mei ynskriuwing by de Keamer fan Keaphannel krije by bestelling by Grotesk de boekhannelskoarting foar Fryske boeken as wenst.
  • As jo jo koarting oanjouwe op it bestelformulier berekkenje wy de koartingen en de ferstjoerskosten daliks troch yn de faktuer of de konsinjaasje-oerienkomst.
  • Wy ferkeapje ek oan werferkeapers sûnder ynskriuwing by de Keamer fan Keaphannel en eventueel kinne ôfspraken oer in koarting makke wurde.

Ferstjoerderskosten

  • De ferstjoerderskosten binne foar de boekhannel of werferkeaper.
  • Wy kinne, as jo wolle, de bestelling by jo yn ’e winkel bringe.
  • Foar de leveringsbetingsten kinne jo kontakt opnimme mei Grotesk fia email.

Konsinjaasje

Wy lizze graach ús boeken by jo yn ’e boekhannel! Nim kontakt mei ús op en wy stjoere jo 1 oant 5 eksimplaren fan de titels dy’t jo yn de winkel ha wolle.

Rjocht fan retoer

Rjocht fan retoer jildt yn prinsipe foar alle titels. De betingsten binne:

  • De boeken mei rjocht fan retoer moatte oant 1 jannewaris yn de winkel lizze, dus sichtber foar de klanten.
  • It rjocht fan retoer jildt dan oant 1 maart fan it nije jier.
  • Rjocht fan retoer jildt allinne foar net-skansearre eksimplaren.
  • It koartingspersintaazje wurdt berekkene oer de ferkochte eksimplaren.
  • De kosten foar it weromstjoeren komme foar rekken fan de klant.
  • Rjocht van retoer jildt allinne foar boeken dy’t streekrjocht besteld binne by en levere troch útjouwerij Grotesk.

Boeken bestelle fia de webside

Jo kinne al jo bestellingen dwaan fia it kontakt- en bestelformulier.

Download Grotesk Betingsten Boekhannel