Brekizers fan de foarutgong
Philippus Breuker
Synopsis
Literatuer as sosjale commitment en morele útdaging
Auke Ykes Ykema (Westhim 1836-Boazum 1904) wie in spilfiguer yn it yn 1863 oprjochte Boazumer lêsselskip Vriendenkring. Vriendenkring hat mear as fyftich jier bestien; it hold winterjûnen mei lêzingen en foardrachten, ek fan Ykema. Lid fan it selskip waarden bygelyks ek dokter J.H. Regenbogen en Sjirk en Jan Linses van der Burg, dy’t te Boazum wenne hawwe. Ykema wie in boeresoan, dy’t sels ek in skoft boer west hat en midden yn de mienskip stie. Sa hat er ek lang riedslid west.
Ykema wie as skriuwer aktyf fan 1855 oant syn dea. Hy is te typearjen as in folksdichter. Syn oeuvre is breed. Syn nijsgjirrige tematyk en opiny komt ta utering yn syn sankjes, spotdichten op ortodoksen dy’t eigen skoallen en sjongferienings oprjochtsje, spoekferhalen en spotske ferhalen oer misstannen. Yn syn wurk komt de njoggentjinde-ieuske ideeëwrâld fan Fryske liberalen helder nei foaren.
Ykema libbe foar de literatuer, yn it bysûnder foar de Fryske. Syn eigen boeken en ek dy’t er fan fiere foarfaars urven hat, binne bewarre bleaun. Se lizze, mei de teksten fan himsels, yn partikulier besit by in oerpakesizzer yn Brussel. In tafal makke dat de gearstaller en ynlieder, Breuker, se ein 2016 op it spoar kaam. Fan Ykema syn wurk is sa goed as neat publisearre, om’t er dat net woe.
Van der Burg en Regenbogen wienen net de folkloristen dêr’t Wumkes har foar hold. Van der Burg makke him yn de rin fan syn wurk los fan de frysknasjonale betsjoening fan Pieter Jelles en Regenbogen fierde as de Faust fan Goethe de harkers nei de wrâld fan de geast.
Der is amper sok wurk, i.e. selskipsfoardrachten ensfh., fan njoggentjinde-ieuwers beskikber, wat dizze blomlêzing sûnder mear nijsgjirrich makket en djipte en nuansearring jout oan it –- frij platte: ‘folksskriuwerij’ –- tiidsbyld fan de Fryske literatuer út dy tiid. De saakkundige ynlieding ûntslút de matearje foar it brede publyk. Dêrneist hat it ûnderwerp fan motiven foar Frysktaligens yn de Fryske liberale klasse noch net folle omtinken krigen, noch de bekommernis fan de liberale boerestân, seker net wat de lês- en resitearselskippen oangiet, mar ek net wat de ûnderlinge ferhâlding tusken dizze en de oare nut-en-nochtselskippen út deselde tiid betreft, lykas de selskippen fan it Nut, de kriten fan it Frysk Selskip, de toneelferienings en de sjongkoaren. Net inkeld Ykema syn lêsselskip wurdt yn de ynlieding behannele, as eksimplarysk, mar ek alle oare selskippen en har ferbannen. Op dy manier komt oan it ljocht wat it plak waard en wie fan de Frysksinnige kultuer yn de twadde helte fan de njoggentjinde ieu, likegoed as hoe’t it yn de maatskippij fan doe dat plak winne koe—de bloeitiid fan dy kultuer.
Philippus Breuker
Brekizers fan de foarútgong: Nut en nocht op doarpen yn de twadde helte fan de njoggentjinde ieu
28 augustus 2017
ISBN 978 90 825762 3 8
Paperback 316 siden, Frysk
Priis € 19,50 (eks. ferstjoerderskosten)
Bestel