tjouwerij Grotesk - uitgeverij Grotesk

 

Buntskildere werklikheid

Oantinkens oan de skriuwer Trinus Riemersma

fan Antsje Swart
mei bylden fan Friduwih Riemersma

 

 

Synopsis

Moai en echt

Alle jûnen om eksakt deselde tiid lies de jonge skriuwer syn skriuwersfrou oan ’e iterstafel foar wat er dy dei skreaun hie. Oft it wol ‘moai’ wie en ‘echt’. Siet ‘it der net yn’, dan typte er oant djip yn ’e nacht troch en stie it hûs moarns blau fan ’e sigretsjes. Hy woe skriuwe foar de gewoane minsken. Om sjen te litten dat it mienens wie moast er sjokkearje. Mar hy die allinne mei oan ’e ‘boe-ropperij’ fan syn jonge generaasje, sei er, om’t er tusken har efter yn ’e seal siet. Hy hie read hier. Hy foel op.

 

Antsje Swart
Bûntskildere werklikheid. Oantinkens oan de skriuwer Trinus Riemersma
Ferwachte op 31 oktober 2020
ISBN 978 90 825762 5 2
Paperback 94 siden, Frysk
Priis € 15,00 (eks. ferstjoerderskosten)
Bestel
Parsepakket


Boekbesprekken
image boekbesprek fan Abe de Vries yn it Friesch Dagblad

Abe de Vries, Friesch Dagblad, 27 november 2020

“Trinus Riemersma sa’t oaren him net sjen litte kinne”, side 1 en side 2

 

image boekbesprek fan Jacob Haagsma yn de Leeuwarder Courant

Jacob Haagsma, Leeuwarder Courant, 18 desimber 2020

Net de maklikste, wol de grutste

 

image boekbesprek fan Jelma Knol yn Ensafh

Jelma Knol, Ensafh, 7 febrewaris 2021

Antsje Swart oer Trinus Riemersma syn ier skriuwerskip

“Antsje Swart notearret ien en oar faak út de losse pols wei. Mar alderaardichst, ik kin net oars sizze. De sfearskets fan dy iere perioade is sa opskreaun dat ik net fan it boek ôfbliuwe koe.”


Bespegeling

In beslist ûngewoan útspansel

Memoires wurde hast inkeld skreaun troch froulju. De man dy’t oer himsels skriuwt—dan hyt it ‘autobiografy’—is út de moade, of it moat al wêze dat er it lot fan de naasje beskriuwt en de aspekten dy’t ta ûnderdrukking liede, lykas Frysk wêze. Froulju skriuwe om de stille omstannichheden troch it libben hinne sjen te litten, dy’t har ûngewoane bewearingen staavje. De memoires fan in skriuwersfrou is in sjenre op himsels. Nea mist it war dwaan foar in goed, beskaafd, ‘gewoan’ hûshâlden yn in beslist ûngewoan útspansel. In typmasine rottelet konstant. Hommels en dwers is de skriuwer ferneamd, in publike figuer, en syn skriuwersfrou, dy’t al yn bûnte stalten opdûkte yn syn romans, dan ek: alle dagen ‘gedonder’.

Wilens joegen de Fryske skriuwersrûntsjes de skriuwersfroulju amper kredyt. Sy wurken om’t hy it wiere wurk dwaan moast, it skriuwen. Se holden de bern stil, redigearren syn stikken en treasten him as in ferhaal min ûntfongen waard. Se gunden him frij fan it hûshâlden en de bern en spilen de begripende frou, sadat hy him oerenlang ûnûnderbrutsen konsintrearje koe om syn masterwurk te skriuwen.

Sûnder eufemismen en psychologyske platitudes skept Antsje Swart it byld fan de konstante oanpassing dy’t it libben yn de jierren sechstich fan frege fan de skriuwer Trinus Riemersma en harsels, tusken de grutte keunst en de lytse maatskippij. Net langer tsjerkje, mar de bern wol dope, oant dat ek net mear hoecht by in keunstnerspear—en tusken de rigels troch blike keunst en keunstner sosjale konstrukten dêr’t de betsjutting altyd fan ferskoot. Want dat is de kwestje troch de 26 finjetten hinne, dy’t de memoires ynkaderje: hoe wurdt ien in keunstner?

In opfallende lens is brûkt. Swart skriuwt net samar út it gesichtspunt by it oanrjocht wei, mar leit in laach fan 60 jier libbensûnderfining en ferstân fan saken—in stúdzje literatuerwittenskip—oer de simpele oantinkens hinne. Soms is dat yn de foarm fan kommentaar. Want och wat wiene se hearlik nayf, wylst bûten Fryslân de skriuwer al hast ‘dea’ wie en it moderne subjekt ferskuord: ‘Dus dêr wisten wy neat fan en Trinus hie begrutsjen mei syn held en seach de rol fan de skriuwer as beskermer.’ Realisme woe er. Jûns lies er har de nij typte fellen foar en frege oft se tocht dat it ‘moai’ wie en ‘echt’.

No is it each net mear op Riemersma syn ferhaal; dat is op de ferteller en it fertellen. Riemersma wie net it type om op it snjit mei de skouders te wippeljen, fan o, wat skriuw ik lekker, seit Swart. Oer harsels stelt se fêst: ‘Ik hie nea leard om te freegjen fan wêrom en hoe.’ Jo freegje jo in bytsje ôf oft it wau, it is goed!-momint, miskien wol immen it publisearje!, dat der by Riemersma wiswol wie, by Swart ek kommen is. Mar flot set se de misfetting rjocht oer it skriuwen as Frysk natuerferskynsel, likegoed as it klisjee fan de jonge idealist dy’t de wrâld feroarje wol. Sjeny bestie net, inkeld tawijing, moed, en it hiel graach wolle. Riemersma wie net goed yn relativearjen, seit Swart, miskien holp dat him om snijende hurd troch te skriuwen, geregeldwei oant djip yn ’e nacht, en dan moarns wee te let fan ’t bêd ôf en, Riemersma wie ûnderwizer, op it skoalplein stie it haad te wachtsjen mei it horloazje yn ’e hân.

Sokke anekdoates oertsjûgje. Dizze oantekens binne skreaun as in troch it fertellen oandreaun ferhaal; perfoarst net út fertriet of om ’e katarsis. It is literêre sjoernalistyk neffens de feiten op it snijflak mei skerpsinnich, ferhelderjend tiidreizgjen dat de fraach besiket te beanderjen fan it prille keunstnerskip. Hieltyd komt it byld werom fan de skriuwer dy’t wat wichtichs sizze woe, sûnder te witten hoe’t er soks it krêftichst bringe koe, sadat er mids it húslik libben—want in studio wie der yn ’e krappe went net en mar ien koalekachel—op-en-delle tusken geastlike kwel en eureka.