Dichtsjen: 7 simpele tips

Dichtsjen.

Wêrom’t minsken dichtsje wolle is ûnbekend. Ja, guon wolle har proaza ferbetterje, oaren wolle yntellektueel lykje en wer oaren wolle tichter by har siele komme; mar wêrom’t minsken dichtsje wolle om it dichtsjen, witte wy net. Hoe’t jo dichtsje is lykwols simple comme bonjour:

  • Brûk tiidwurden yn ’e bedriuwende foarm, net de saaklike foarm. Jo wolle dat it ûnderwerp it hanneljen docht, want dat behellet de lêzer yn it ferhaal. Aktive sinnen hawwe in sterke, direkte, kleare toan: ‘Just do it.’ (Nike)
  • Brûk selsstannige tiidwurden, gjin keppeltiidwurden. Net: ‘Roses are red’. Wol: ‘Axl Rose rûkt in fan’. Jo wolle it knallen fan de aksje hearre en it protteljen fan ’e kofje.
  • Abstraksjes kinne hiel nuttich wêze yn poëzy en sels de foarkar hawwe, mits jo de abstraksje net as plakferfanger nimme foar de dingen dêr’t er fan abstrahearre is: de abstrakte ideeën moatte de lêzer oansprekke en him antwurd jaan. Brûk oars konkrete bylden.
  • Gean it eigenskiplik brûkte mulwurd út de wei. Eigenskiplik brûkte mulwurden kinne it metrum en de stream fan in gedicht hinderje. Dus net: ‘De fallen frou stie mei rinnende noas boppe de oanbaarnde jirpels’.
  • Brûk sa min mooglik eigenskipswurden en bywurden, dus gean alle wurden út de wei dy’t in haadnamme, in tiidwurd, in oar bywurd of in hiele sin neier bepale. Eigenskipswurden meitsje it ferhaal langtriedderich en it byld dizich (Frost syn oerdiedige eigenskipswurden tsjinje syn tematyk, net it ferrykjen fan syn bylden). Bywurden fersteure en beheine de stream fan in gedicht en leverje gjin skerpe, koarte beskriuwing fan de situaasje of ideeën dy’t jo delsette wolle.
  • Brûk metafoaren ynstee fan similes. Wol: ‘All the world’s a stage’ (As you like it). Net tefolle: ‘Elderly American ladies leaning on their canes listed toward me like towers of Pisa’ (Lolita). Want de ‘lykas’ en ‘as’ fan de simile remje de gong ôf en fersteure it oproppen fan bylden. Metafoaren jouwe in sekuerder plaatsje fan de objekten dy’t jo ferlykje.
  • Wit wat jo sizze wolle en sis dat: sûnder klisjees, sûnder sentimintaliteit en sûnder de lêzer te wizen op tema en moraal en jo persoanlike gefoelens oer alles; en mei it brekken fan de regels, benammen dy oer ferbylding en rym (‘But then, instead, at idle times/ I make good pudding—and bad rhymes!’), besjoch sels wat it effekt is fan lústerjen oant in spelonkeftige stim.

Hjir fine jo hoe’t dichters nei delskriuwen fan de earste skets it opnij-skriuwen, revision, fan in fers oanpakke.
Hjir fine jo hoe’t jo jo fersen ta in poëzybondel oarderje kinne.
Hjir demystifisearje wy it artistike proses.
Hjir wize wy de grinzen en beheiningen oan fan lyryske poëzy.
Hjir wjerlizze wy it mearke dat poëzy dreech en ûnbegryplik wêze moat.
Hjir gean wy yn fûgelflecht troch de teory fan poëzy.
Hjir skiede wy pseudopoëzy fan keunst.
Hjir somje wy op wat skiuwers dogge om oan it skriuwen te bliuwen.
Hjir bepleitsje wy it wêzentlik belang fan tiidwurdstiid foar de dichter (en proazaskriuwer).
Hjir beakenje wy de funksje ôf fan jo lyryske sprekker of ik-figuer.

Grutmasterkursus Poëzy

Grotesk Grutmasterkursus Poëzy
De allerearste masterclass Fryske poëzy ea, op 26 en 27 septimber 2020 yn Tresoar

De allerearste masterclass Fryske poëzy ea!

Op 26 en 27 septimber 2020 yn Tresoar.

Kursuslieders Elmar Kuiper en Abe de Vries. Doch mei!

Hjir fine jo alle ynformaasje

Hjir melde jo jo oan