It oarderjen fan in dichtbondel of koarteferhalebondel

It oarderjen fan in fiksjebondel

Giet it no om in dichtbondel of om in samling koarte ferhalen, gewoanlik binne Fryske teksten ta in boek bondele as in fix-up. Wa’t dêrby dalik tinkt oan oplaapjen mei alkohol en pleisters, dy hat gelyk.

In fix-up is in roman makke fan ferskate koarte fiksjeferhalen dy’t earder net perfoarst wat mei-inoar te krijen hiene en ek net altyd publisearre wiene. De science fiction-skriuwer A. E. van Vogt betocht it wurd nei’t de praktyk fan fix-ups yn 1950 yn Amearika húsriem waard troch om it minne oanbod fan SF en fantasy, sadat útjouwers stikken dy’t ea yn tydskriften wiene ferskynd, faak mei wat der noch by de skriuwer yn ’t laad lei, ta bondels oarderen, soms nei oanpassen troch de skriuwers.

It oanbod fan koarte ferhalen is yn Fryslân sawat ûnbesteand, om’t der ek gjin fraach nei is—útsein foar priisfragen om’t gjinien de sjuerys it lêzen fan hiele romans oandwaan wol. De lêste yndrukwekkende koarte ferhalebondel, van Durk van der Veen yn 2006, is organysk yndield, as in fotoboek. Yn oare koarte ferhalebondels kin de lêzer gjin stjoerende yndieling werkenne. Fryske poëzybondels folgje de konvinsje fan de yndieling yn—meastal net-organyske, mar abstrakt klassifisearre—dielen. It tal ‘skiften’ is gewoanlik sa’n fiif, mei evenueel in los gedicht foar it earste en nei it lêste diel by wize fan pro- en epilooch. De measte fan de gedichten kinne dan op de iene of oare manier wol mei de bondel ferbûn wurde, mar it giet hjir eksplisyt om in ex post operaasje. De skriuwers hâlde dus by it skriuwen fan de fersen—likegoed as by Fryske koarte ferhalen—gjin rekken mei it oarderjen ta in gehiel.

In bondel net komponearje lykas dat jo in ferhaal of fers komponearje, is it lizze litten fan literêre mooglikheden. Wolle jo in krêftige literêre bondel meitsje:

  • Beslút earst hoe dik oft jo jo boek hawwe wolle: minimaal 40.000 wurden, oftewol tusken de 130 en 160 siden foar in koarte ferhalebondel, 20 oant 30 siden foar in trochsneed chapbook, bygelyks foar in debút, en 50 of wat mear foar in ôfrûne bondel. De lingte fan gedichten rint fier utinoar, guon fersen ha mar ien wurd, wylst eartiids gedichten hûnderten siden lang wiene, mar tsjintwurdich is in gedicht gewoanlik net langer as ien side fan ’e dichtbondel. De measte hjoeddeiske westerske dichtbondels befetsje sa’n 30 oant 100 fersen of lyryske proazastikjes. Jo kinne ek beslute om mear poëtysk-eftige stikken ôf te wikseljen mei mear prozayske en dan nei de 80 of 100 siden ta.
  • Kies de teksten, nammentlik de bêsten en dejingen dy’t net mist wurde kinne om it ferhaal dat ferteld wurde moat kompleet te meitsjen, it idee dat jo oerdrage wolle helder te krijen en dêrneist ek in yntern resonearjen op gong te bringen want dat makket bondels memorabeler. Dy seleksje is selden definityf. Want jo wolle dat de lêzer op in beskate manier troch de teksten hinne giet. Ek al wurde bondels lang net altyd fan A nei Z lêzen, jo binne as de kurator dy’t it publyk twingt in beskate rûte te nimmen by de skilderijen lâns. De berch op of de berch ôfrinne makket in hiel ferskil foar de ûnderfining fan de reis en ek de patroanen, of de ôfwêzigens dêrfan, dogge derta foar jo kuierder. Net allinnich in ferhaal mar ek in ferhalebondel hat in narrative foarm; net allinne in fers mar ek in ferseboek hat in poëtyske foarm. De manieren om te oarderjen binne dizze.
  • Tafal. Hege hoed. Of oarderje it wurk gronologysk sadat de lêzersûnderfining jo libben rûchwei folget, de ûngeregelde rotsoai fan jo bestean. Serendipiteit docht de rest. By poëzy: foar alle oare oarderingen as tafal, spried de printe fersen út op de flier.
  • Kommersjeel. Begjin en einigje koart, sterk en memorabel. Set de koartere, mear tagonklike ferhalen en de koartere fersen, net langer as in side, oan it begjin en ein fan jo bondel, en tagelyk de sterkste ferhalen en fersen dy’t it meast yn it ûnthâld hingjen bliuwe. Ferdiel de oare sterke stikken regelmjittich oer de bondel, as pylders dy’t it dak drage. Wikselje (benammen) yn koarte ferhalebondels lange en koarte stikken ôf, dus bufferje it tûzenen wurden lange ferhaal op it ein fan it boek mei twa stikjes flash fiction. It langste ferhaal of fers hoecht net perfoarst op it ein, mar dêr moat wol it stik mei de measte djipgong. Ut kommersjeel eachpunt wei is it fierder winsklik om swierdere stikken ôf te wikseljen mei lichtere en mear eksperimintele mei tradisjonele.
  • Retoarysk-programmatysk. Oarderje bygelyks alfabetysk op begjinwurd.
  • Sjoch hoe’t it koarte ferhaal of it gedicht einiget en hoe’t it liedt nei de begjinrigels fan in oar koart ferhaal of gedicht. Dat kin op ferskillende manieren, om te begjinnen narratyf: as jo de ferhalen of fersen ferskowe en wer opnij ferskowe, is der dan in keatling yn te sjen, as in ferhaal dat der trochhinne rint? Tink ek om rising action en klimaks. En wat karakterisearret de ferbiningen en wat set se yn ’e kiif of brekt se sels op?
  • Tema. Lis de ferhalen of fersen op steapels dy’t tematysk byinoar hearre, oars sein, dy’t it sintrale, unifersele tinkbyld mienskiplik hawwe, lykas dat de minske in meunster is mei mar in flinterfyn laachje beskaving; mar betink dat net alle ferhalen in tema hoege te hawwen.
  • Styl. Nim de ferhalen of fersen byinoar dy’t beskate talige karaktistiken hawwe, lykas amper eigenskipswurden of figurative taal. Of riigje teksten mei in beskaat lûd oaninoar, lykas amateuristysk of plat, of sykje in leitmotif yn lûdkleur yn de teksten dat helderder nei foaren komt as de teksten byinoar stean. Of set wurk mei deselde toan byinoar, dus gelikens fan ritme, wurdkar, patroanen, grammatika, skoften en útroppen.
  • Ynhâld. Set bygelyks de ferhalen of fersen op in rige dy’t skreaun binne mei de stim fan ien personaazje. Of besjoch oft guon ferhalen of fersen deselde noeden of deselde ferbylding befetsje en oft dy meiinoar in sterker stik opleverje.
  • Dan binne der klassike oarderingsfoarmen: syklysk nei ‘plot’ of chiastysk nei tematyk.

Fan tefoaren ûntwurpen oarderingen foar koarte ferhalebondels binne:

  • Feuilleton, soap opera, (web)serial. In grutter wurk is opknipt yn nûmers foar periodike publikaasje yn in tydskrift of krante mar komt yn it boek wer gewoan byinoar.
  • Koarte ferhalesyklus of komposytroman. Dêrby binne in stikmannich koarte ferhalen mei opsetsin sa skreaun en oardere dat de lêsûnderfining oars is as jo de ferhalen meiinoar lêze as dat jo har los lêze. It is in roman dêr’t de haadstikken op harsels stean mei elk in eigen begjin, midden en ein en tagelyk is der in feroaring of konflikt tusken de tinkbylden yn de ferhalen brocht dy’t needsaket om de oare ferhalen te bedjipjen. De kontrasten tusken de ferhalen binne neffens foaropsteld plan, sadat de koarte ferhalesyklus it omkearde is fan in efterôf gearstalde fix-up.

Doelberet útstippele oarderingen foar dichbondels binne:

  • Book-length poem. In lang fers dat it boek follet, mei ien lange ferhaalbôge, de ûnderdompeling yn ien ûnderfining of idee, mei werheljen fan deselde bylden. It alâlde lange gedicht, lykas Dante syn Divina Commedia, omfettet hjoeddedei neist it heldedicht allerhanne subsjenres, lykas de dicht-roman (verse novel), prose poetry, lyryske syklus en lyryske rige en kollaazje/montaazje.
  • Gedichtesyklus. It oarderingsprinsipe fan de syklus fan fersen is net hielendal begrepen, mar de gedichten hingje meiinoar gear, teminsten troch tema, en har ferbân skept in gruttere, koherinte betsjutting, troch ûnder mear de kollektive metafoar en oare narrative karakteristiken, lykas dialooch, dy’t de betsjutting fan de oare fersen yn de syklus fersterket.
  • Gedichterige. In searje gedichten oer besibbe tema’s. De ‘riichberheid’ fan koarte, mar ferbinende lyryske gedichten fersterket de betsjutting fan de losse gedichten; der kin, oars as by de syklus, tematyske ûntjouwing wêze en it oaninoar riigjen fan de fersen skept dan syn eigen ûnderfining fan fuortgong.
  • Kollaazje/montaazje. Bylden binne ûntwurpen as fragmintarysk en der is doelberette polyfony mar it idee en de emoasje binne úteinlik konsistint, tink oan it kollaazjegedicht The Waste Land fan T.S. Eliot.
  • Fertellende poëzy, verse narrative. In gedicht dat in ferhaal fertelt, ‘epyk mei in lyryske stim’ of in gedichtesyklus of -rige dy’t de stoarje fertelt. It oarderjend prinsipe is dat foar de lyryske ik it ferhaal logysk trochrint fan de iene hanneling nei de oare.
  • Romantysk lang gedicht. Noch fierder fuort fan it epyske (lange) gedicht, om’t it de logika fan it konvinsjonele epyske plot—en tiid en plak—trochbrekt. De held is in romantyske siele dy’t ferfalt yn twifel en wanhoop.
  • Oertinking. Oertinkingen binne lange bespegeljende prakkesaasjes yn de foarm fan in lang gedicht. Se kinne fragmintearre wêze, mar net mearstimmich, en har ferbûnens jout it folsleine gedicht syn hechte gearhing, bygelyks “A” fan Zukofsky.

Net allinnich gearhing mar ek, just, funksjonele brokkelichheid en kontrast binne oarderjende prinsipes foar bondels, fan poëzy en fan proaza.

Hjir fine jo hoe’t jo in gedicht skriuwe kinne.
Hjir wize wy de grinzen en beheiningen oan fan lyryske poëzy.
Hjir fine jo hoe’t dichters nei delskriuwen fan de earste skets it opnij-skriuwen, revision, fan in fers oanpakke.
Hjir demystifisearje wy it artistike proses.
Hjir wjerlizze wy it mearke dat poëzy dreech en ûnbegryplik wêze moat.
Hjir gean wy yn fûgelflecht troch de teory fan poëzy.
Hjir somje wy op wat skiuwers dogge om oan it skriuwen te bliuwen.
Hjir skiede wy pseudopoëzy fan keunst.
Hjir bepleitsje wy it wêzentlik belang fan tiidwurdstiid foar de dichter (en proazaskriuwer).
Hjir beakenje wy de funksje ôf fan jo lyryske sprekker of ik-figuer.

Grutmasterkursus Poëzy

Grotesk Grutmasterkursus Poëzy
De allerearste masterclass Fryske poëzy ea, op 26 en 27 septimber 2020 yn Tresoar.

Kursuslieders Elmar Kuiper en Abe de Vries. Doch mei!

Hjir fine jo alle ynformaasje

Hjir melde jo jo oan