image Opnij-skriuwen

Opnij-skriuwen

Alle wurden op syn alderbêst krije

Skriuwen, kreatyf skriuwen, hat trije fazen: foar-skriuwen, skriuwen en opnij-skriuwen oftewol rewriting. Earst hat de skriuwer in idee en ferkent it ûnderwerp, seit de proses­teory fan skriuwen, dan skriuwt er alles dat er betocht hat op. Mar wat der op papier stiet moat net trochinoar helle wurde mei in ferhaal of in publikabel stik. Want by it skriuwen smyt de skriuwer syn yndrukken del, it is it begjin fan in iepenbiering, dat hy of sy makket him net drok om moaie sinnen. Nei de ynspriraasje en it hoekhâlden troch de krebintige fingers en sliepleaze nachten hinne, easket it skeppen fan eat mei bliuwende wearde dêrom in tiid fan hifkjen en oanpassen fan de tekst.

In skriuwoanpak, op skriuwkursussen of fan redakteuren, dy’t ophâldt as it papier fol is en de holle leech, giet foarby oan wat alle profesjonele skriuwers witte: opnij-skriuwen is in ûnmisber part fan skriuwen. Skriuwers dy’t ferbjustere binne troch de ynstruksje om opnij te skriuwen, of dat planút wegerje, sille mei in kladferzje nei bûten komme, wat funest is foar har skriuwerskip. Net leare hoe’t jo in beskate foarm fan opnij-skriuwen oanpakke moatte, is net leare hoe te skriuwen. It is learen rûch te sketsen en dêr in eufemistyske namme oan te jaan.

Grutte skriuwers út alle sjenres wize op it belang fan opnij-skriuwen. Ernest Hemingway ûnderstreket yn in fraachpetear mei foar de Paris Review de needsaak fan de lêste faze, fan hifkjen en feroarjen, foar syn wurk. It petear wie yn in kafee yn Madrid yn maaie 1954, laptops bestiene noch net.

Hemingway: I always rewrite each day up to the point where I stopped. When it is all finished, naturally you go over it. You get another chance to correct and rewrite when someone else types it, and you see it clean in type. The last chance is in the proofs. You’re grateful for these different chances.
PR: How much rewriting do you do?
Hemingway: It depends. I rewrote the ending to Farewell to Arms, the last page of it, thirty-nine times before I was satisfied.
PR: Was there some technical problem there? What was it that had stumped you?
Hemingway: Getting the words right.

It opnij-skriuwen in net bedoeld om it ideale byld bleat te lizzen dat djipferskûle yn it moarmer leit (want dêr leit neat), mar om jo eigen rjochting te ûntdekken. By it opnij-skriuwen hat it dêrom net folle doel om soartgelikense teksten fan ferneamde skriuwers neist de eigen earste ferzje te hâlden: it opnij-skriuwen giet just net om it werspegeljen fan in ultym model, mar om it berikken fan frisse autentisiteit. Ek helpt it net dat redakteuren yngean op de rûge skets, as wie it in ôf ferhaal, ommers fan in earste ferzje is de strekking meastal noch net dúdlik.

Opnij-skriuwen is wat oars as proofreading—it neisjen op grammatikale en staverings­flaters—en redigearjen—sjen oft de tekst logysk gearhinget en konsistint fan toan of stim is, de ûnbegryplike of oerstallige passaazjes derút fiskje en soms wat fact check. Opnij-skriuwen is deagewoan fan de rûge skets nei de foltôge tekst ta skriuwe. Net in soad skriuwers leare it opnij-skriuwen út harsels: it nimt it sekuere loeren fan kritisy en it útlizzen fan wêrom en hoe’t it oars en better kin. Skriuwers hawwe der dêrom baat by om inoars teksten te bestudearjen en te fertellen wat se fan de ferskate eleminten tinke en hoe’t it neffens har komt dat se der sa oer tinke.

In foardiel dat skriuwers dat ûnderinoar dogge is neffens James Berlin dat moai skriuwen altyd ideologysk is. Retoryk en diskoers tsjinje om besteande machtsstruktueren te befêstigjen en de hegemony te bewarjen. Berlin kart de prosesbeneiering ôf om’t it sosjale aspekt fan skriuwen derút mist. It wyt fan doelmjittigens fan it proses makket, seit er, dat de oanpak rjochte is op “the task environment, … the writer’s long-term memory, … and the writing processes that go on in the writer’s mind”. Ideology komt net op ’t aljemint. Mar de klam op doelmjittigens is in brûkme dat de winstrjochte doelen fan de “corporate marketplace” beneist komt—bliuw dus by de ynstituten út de buert.

It is oan jo, skriuwer, wêr’t jo opnij-skriuwen úteinlik op rjochte is. No binne der mear soarten opnij-skriuwen: op struktuer- en sins-, of styl-, en betsjuttingsnivo. Hoe krekt trene jo dy? It handichst is om oan ’e hân fan in eigen, op maat makke spykbriefke fragen yn ’e kantline te setten by al jo personaazjes, iepeningen en ôfslutingen fan aksje, sênes, bylden en techniken (lykas werhelling).

Struktuer hat te meitsjen mei de relaasjes fan de personaazjes en hoe’t it plot him ûntjout, tragysk of komysk. Doocht de gronology en de oarsaak en effekt? Is de opbou fan de foarnaamste plot events solide, oftewol, is it spannend? Hawwe alle plot events in dúdlike funksje en in dúdlik konflikt tusken ferwachting fan de held en útkomst fan syn aksje: wol er syn gewear noch gau pakke mar it kelderlûk kreaket al iepen…? Feroaret elke plot event it ferhaal of de manier sa’t de lêzer tsjin de held oansjocht? Is is der genôch suspense om de lêzer derby te hâlden? Stean de dramatyske parten op it goeie plak?

Styl is ûnder mear it ritme fan aksje, ferhaal en dialooch; prate se net tefolle en hannelje se genôch? Komt alle ynformaasje dêr’t it needsaaklik is, nammentlik krekt foar’t de lêzer it brûke moat om de nije sêne te begripen? Binne bylden helder? Is alles skrast dat ûndúdlik is of gjin dúdlik doel yn it ferhaal hat? Binne alle ûnnedige eigenskipswurden en bywurden derút? Is der genôch detail om de lêzer yn it drama te beheljen? En wat de betsjutting oanbelanget, hawwe personaazjes gjin gefoelens dêr’t de lêzer de oarsaak net fan ken? Strykt elk gefoel mei de oarsaken en omstannichheden?

Opnij-skriuwen yn poëzy hyt refisy, revision. Refisy folget de drafting fan it gedicht; dat stiet no oant en mei de lêste rigel op papier. Unnedich te sizzen dat ûnferjitlike poëzy selden yn ien dúst ta jo komt. Refisy is absolút needsaaklik. Dichters pakke dat ûngelyk oan, soms systematysk en soms út ’e flecht wei, mar it is net ûngewoan dat se goed tsien ferzjes fan itselde gedicht skriuwe. It doel is likemin as by proaza—want ferskil tusken proaza en poëzy bestiet eins net bûten boekhannel en skoalle (de hegemony)—om flaters te ferbetterjen. It giet derom deade, statyske frazen ta libben te bringen en ekstra diminsjes yn blokken tekst nei boppen te bringen. Opskodzjen, de oarder op ’e kop, tsjin it metrum yn ensafuorthinne, helpe om nije dynamyk te finen: refisy is op syn bêst in radikale died.

Yn 2017 lieten seis hjoeddeiske dichters yn The New York Times sjen hoe’t it refisyproses fan ien fan harren gedichten wie. Wat opfalt is dat de dichters de fersen alhiel refisearje, net alle rigels apart: kantlinenotysjes slaan faak op it folsleine gedicht. Boppe in portret fan rassisme stiet “GREAT!!!” Mary Howe en Billy Collins nûmerje har refisys, #1 #2 ensf. en oarderje opnij, mei lasso-eftige sirkels en pylken oer de hiele A4 hinne. De dichters pakke fiif lekken & brekken oan: der stiet te min om it gedicht yndrukwekkend te meitsjen, der stiet just te folle, der is net te min en net te folle en it is technysk prima mar it bliuwt libbenleas, it sprankelet mar der is te min gearhing, en de toan is net optimaal. Al dizze ymperfeksjes kinne fansels tagelyk yn ien fers sitte.

Te min is in losse strofe, in moaie iepening, mar sûnder dat der noch wat bart. Jo sille der nije strofes by skriuwe moatte, simpelwei útwreidzje. Ek te min is dat it in pit mist middenyn, lykas yn Howe har fers: “The first draft had one or two or three things going on (too talky) but hadn’t found its organic heart, its unsayable necessity.” De útwreiding sit dan faak yn bedjipjen yn jo ûnderwerp: hoe siet it krekt, wat hie dêrom ek barre kinnen en hoe hie dat derút sjoen? In kûpletgedicht oer in eineblyn, in jachthut op it wetter, “The idea behind a duck blind/ is that any duck who flies over it”, krijt Collins djipper as er de fraze “who flies over it” ferfangt troch “any duck flying along”. Along is yn horizontale rjochting; mar de einfûgel sil leadrjocht delstoarte. Abstrakte wurden makket Collins konkreet: “will be blind to its existence” wurdt “will be blind to the blind”.

Te folle fan fanalles is faak: te lang. Stiet de hiele opset op papier dan sjogge jo geregeldwei dat de ynliedende rigels, dy’t earder in blaudruk joegen fan wat komme soe, no plichtmjittich oandogge. De slotrigels fetsje gauris mei tefolle klam gear wat al sein is. Dus begjin- en slotstrofe kinne der faak út en it middenstik kinne jo, om it libben te hâlden, byinoar parse, lykas Robert Pinsky docht yn ‘Exile and lightning’. Dat fers hâldt yn de einferszje wol de 30 rigels fan skets #8, mar (tefolle) klisjees en tefolle werhellingen en rigels dy’t te gewoantsjes oandogge om’t se itselde rinne, binne ferfongen troch mear nij bewiis fan it âlde ûnrjocht, wylst alles dat net folslein needsaaklik is foar de betsjutting skrast is. Alle seis dichters lykje maklike skrassers.

Technysk goed mar libbenleas makket dat de lêzer dertroch hinne fljocht. It giet te fluch, der binne te min hobbels en diskrepânsjes. Eduardo C. Corral set yn ’e kantline eat dat samar in ekstra fers liket: “Slow down/ sentences/ here – how?/ How to pause/ the reader?” en “Shape isn’t working – to static – language isn’t clicking forward.”

Te min gearhing, en dêrûnder prachtige rigels dy’t better nei in oar gedicht kinne—Corral notearret “Good line! :)/ use in another poem.”—is fragmintaasje en diskontinuiteit op alle nivo’s, fan brutsen wurden en enjambeminten oant ferspringen fan point-of-view, toan, tiid, ferhaalline, muzikaliteit, opmaak op papier en fersfoarm. In spontane bult wurden, faak mei fierstefolle drama, is prachtich en opnij oarderjen moat mei ferdrach. Jo kinne stikken rigel fuortslepe en delsette om te sjen hoe’t it liket, of klassyk arranzjearje yn in besteande fersfoarm dy’t de boel byinoar lûkt, of yn ien dy’t jo spesjaal foar jo doel ûntwerpe. De gaos kin meitsje dat it konflikt ûndersneit en dat der temin bart. Jenny Zhang har doelberette amer fol ferwyt komt saakliker út de refisy, mar skrynt namstemear, troch kontrast oan te bringen: “when I speak it’s memoir/ when you speak it’s a commencement speech”. Boppedat makket se mear gebrûk fan stilte. Poëzy is o sa lûd wurden.

Toan is it lestichst om’t alle aspekten foar poëzy en proaza toan makket, de ferbylding en de konnotaasje fan wurden likegoed as it ritme. Lês it rûge fers lûdop. Folle better noch, want as jo foarlêze is jo holle benammen by it lêzen en net by it harkjen, nim it fers op, simpelwei op jo tillefoan. Doch dat sa stadich dat alle lûden—sa’n 40 byinoar yn it Frysk—goed ta har rjocht komme en dat de tekst azemje kin. En harkje, harkje, harkje. Stjoer de opnamme nei jo bêtalêzer. Lit har of him fertelle wêr’t de tekst fluwielich, hoekich, útnoegjend of forsearre oandocht; elk adjektyf is nuttich. Lês foar elke oanpassing it hiele fers foar, om’t de oanpassing net allinne yn de rigel wurkje moat, mar ek yn de strofe en yn ’e folsleine tekst. Essinsjeel is—want stammerjen is inkeld in pleatslik tapaste monoloochtechnyk—dat de tekst floeit.

Fariearjen fan in lispeljende, stammerjende toan nei in klearenien feroaret in fers fansels yngripend, mar de fine-tuning fan ’e toan is gisse en misse. “Keep it matter of fact?/ Or amp up the mystical?” stiet yn Corral syn kantline. Mar tink om sentimintaliteit op it ferkeqarde plak; nei “I pinch a mole on my skin” is “It hurts” skrast: “Duh.”

Om’t jo jo gedicht alle kearen tusken in refisyslach fuortlizze moatte, om net tusken de rigels te lêzen wat jo noch yn ’e holle ha mar dat der beslist net stiet, kin it maklik seis wiken duorje foar’t in earste skets syn einferzje berikt. De measte dichters tinke dat dat net slim is. Nei de earste eufory oer jo chef d’oeuvre yn ien middei bekrûpt de twivel jo meastal fluch: ken jo wurkstik werklik syn wjergea net? Dêr begjint de refisyfaze en dan komme krekt de echte ferrassingen. Sonia Sanchez seit: “I always maintain that it’s revision that makes that poem turn a corner—and you really don’t know how it happens.”

 

James Berlin, ‘Rhetoric and ideology in the writing class’, yn Susan Miller (red.), The Norton book of composition studies (New York: Norton, 2009) 667-684, 671, 673.

Donald Murray, The craft of revision (San Diego, CA: Harcourt Brace, 1998).

Hjir fine jo hoe’t jo jo fersen ta in poëzybondel oarderje kinne.

 

Hjir fine jo hoe’t jo in gedicht skriuwe kinne.
Hjir demystifisearje wy it artistike proses.
Hjir wize wy de grinzen en beheiningen oan fan lyryske poëzy.
Hjir wjerlizze wy it mearke dat poëzy dreech en ûnbegryplik wêze moat.
Hjir gean wy yn fûgelflecht troch de teory fan poëzy.
Hjir somje wy op wat skiuwers dogge om oan it skriuwen te bliuwen.
Hjir skiede wy pseudopoëzy fan keunst.
Hjir bepleitsje wy it wêzentlik belang fan tiidwurdstiid foar de dichter (en proazaskriuwer).
Hjir beakenje wy de funksje ôf fan jo lyryske sprekker of ik-figuer.

Grutmasterkursus Poëzy

Grotesk Grutmasterkursus Poëzy
De allerearste masterclass Fryske poëzy ea, op 26 en 27 septimber 2020 yn Tresoar.

Kursuslieders Elmar Kuiper en Abe de Vries. Doch mei!

Hjir fine jo alle ynformaasje

Hjir melde jo jo oan