tjouwerij Grotesk - uitgeverij Grotesk

..en altyd dagen en jierren..

Grutmasterkursus Poëzy

Doch mei !

Grotesk Grutmasterkursus Poëzy ..en altyd dagen en jierren..

 

Jo konsintrearje jo op oarspronklikens, ferdjipping en dichterlik masterskip. Jo sille de ferslaving fan skriuwen oankweekje. Jo sille it hert fan it fers ûnder eagen krije: dát wat jo fersen wichtich, driuwend en oertsjûgjend makket. Jo sille de alâlde techniken ferkenne en oefenje om frisse en ferliedlike fersrigels te skriuwen, bekrêftige troch de eksersysjes út jo eigen wurk wei. En dat yn ien hânsum yntinsive wykeinkursus.

Doch mei !

Op 26 en 27 septimber 2020 sil de alderearste masterclass poëzy yn de Fryske taal syn beslach krije. De doelgroep is de betûfte, effektyf publisearjende Fryske dichter: oan no ta moast dy om syn fakmanskip fierder te ûntjaan nei de rânestêd ta. Grotesk hat makke dat er nei Tresoar yn Ljouwert kin. It maksimum tal meidoggers is seis; sa sil elk yndividueel en op maat krityske feedback krije kinne, fan inoar en fan de twa begelieders, Elmar Kuiper en Abe de Vries.

De oanpak

De grutmasterkursus hat in ynteraktive workshop-foarm, dêr’t de meidoggers sels bepale wat der op de aginda stiet. Jo nimme it eigen wurk mei dat jo by de ein ha en jo krije tiid om dêr allinne, mei syn twaen of yn ’e ploech – wat jo mar it leafst ha – oan te wurkjen: mei risiko en eksperimint. Jo krije romte foar in djipper begryp fan keunst sadat jo jo bewust binne fan de kontekst fan wat jo dogge. En jo sille begjinne mei de poëtyske fûneminten en dan beslute mei in pittich projekt. De kursuslieders stjoere jo nei hûs mei in ‘te dwaan’-list om nei de kursus de fokus op jo artistike proses te hâlden. In follow-up is altyd mooglik.

It oanbod

It materiaal is goed organisearre. Dat makket it de meidoggers mooglik om de ûnderdielen te kiezen dy’t relevant foar har binne. De kursusynhâld beslacht prosesstrategyen, likegoed as technyk (ûnderoan dizze side fine jo de link nei de Syllabus).

De betrouwensbrieven

De kursuslieders, beide Fryske topdichters mei gâns ûnderfining yn it lesjaan en begelieden fan keunstners, bringe in ferskillende fisy op de dichtkeunst yn.

Abe de Vries

Elmar Kuiper

Stipers en partners

De stipers en partners fan de Grutmasterkursus Poëzy binne: Douwe Kalma Stifting, literêr sintrum Tresoar, útjouwerij DeRyp, it Fûûns fwar it Frysk, en City of Literature Ljouwert/Provinsje Fryslân.

Plak, tiid, kosten

Oanmelde

Jo kinne jo oanmelde by
Utjouwerij Grotesk, Boomstraat 32 D, 1015 LC Amsterdam

image

E-mail: ynfo@grotesk.site

As jo ferlet hawwe fan mear ynformaasje, skilje of mail ús.

Download Syllabus Grutmasterkursus Poëzy

Kar ut it lêsfoer

Graham Allen, Intertextuality, Routledge, 2000.

Leslie Epstein, ‘Tips for writing and for life’ as provided in his Creative Writing Program at Boston University.

William Irwin, ‘What is an allusion?’, The Journal of Aesthetics and Art Criticism 59:3 (2001) 287-297.

James Longenbach, The art of the poetic line, Graywolf, 2007.

Marjorie Perloff, ‘Language poetry and the lyric subject; Ron Silliman’s Albany, Susan Howe’s Buffalo’, Critical Inquiry 25:3 (1999) 405-434; writing.upenn.edu/epc/authors/perloff/langpo.html.

Michael Theune, Structure & surprise: Engaging poetic turns, Teachers & Writers Collaborative, 2007.

Katharine Margareth Wilson, Sound and meaning in English poetry, Jonathan Cape, 1930.

Te folgjen poëzytydskriften