Grotesk bedriuwsprofyl

Us profyl

- Fryske literatuer – de missing link nei homo sapiens

Tiim Grotesk | De statements

  • Missy: Fersprieden fan Fryske literatuer
  • Fisy: In libbene en dynamyske literatuer yn de eigen taal foar de takomstige generaasjes
  • Wearden: Dy besparje wy jo—fluch nei de aksje.

Tiim Grotesk | De dieden

  • It Tiim Grotesk rjochtet him op it ûnôfhinklik útjaan foar indie-auteurs dy’t mikke op yntellektuele wearde (net op kommersjeel súkses) en stalt foar it útjaan spesialisearre ploegen gear fan redakteuren, boekûntwerpers, ensafuorthinne, dêr’t de auteur de haadrol yn spilet (net wy);
  • leveret profesjonele boekopmaak en superieur boekomslachûntwerp, ommers lêzers beoardielje in boek wiswol op it omslach, en jout ien treflik boek it jier út (slow publishing);
  • advisearret oer en assistearret by alle aspekten fan it (sels)útjaan en biedt tekst-redigearjen, proofreading, in raam dwaan op de doelgroep, (as part fan de) marketing, en PR.

Tiim Grotesk | De dreamen

  • Tiim Grotesk wol in Cicerone wêze foar it serieuze mar net akademyske essay. Wittenskiplike artikels en non-fiksjebondels dy’t skreaun binne foar de massalêzer hawwe har publikaasjekanalen. It sjenre dertuskenyn, dat gjin antwurden struit en konklúzjes útdielt en sels noch minder wierheden ûntbleatet as porno en dat dêrom gjinien útjaan wol, it essay, dat sil it Tiim Grotesk fuortsterkje.
  • Grotesk is in ideële, non-profit organisaasje. It is mei klam net de bedoeling om winst te meitsjen mei it útjaan fan literatuer en de besibbe aktiviteiten. De stichting Grotesk hat net mear as trije ûnbetelle bestjoersleden en nimt gjin personiel yn tsjinst (al wolle se noch sa graach). Utfierders fan tydlike taken en projekten wurde merkkonform betelle (ja, gewoan mei jild).
  • Noflik yn it oparbeidzjen binne wy ek, benammen as jo altyd om ’t lyk wolle en gjin lestige fragen stelle. Hjir fine jo it útjouwerskontrakt mei de betingesten en persintaazjes. Stjoer ús in e-mail en wy gean foar jo oan it wurk!

Tiim Grotesk

Grotesk is in ANBY-stichting;
foar de ANBY-gegevens, klik hjir.
It bestjoer fan de stichting Grotesk bestiet út
Hannah Wolff, foarsitter, hannahw@grotesk.site
Hannah van der Heijde, skriuwer, hannahh@grotesk.site
Friduwih Riemersma, ponghâlder, ynfo@grotesk.site

Tillefoan: 020 693 8631
E-mail: ynfo@grotesk.site
Grotesk op Facebook

Grotesk is lid fan de Vereniging van Zelfstandige Uitgevers.

Download Grotesk Utjouwerskontrakt
Download Grotesk Betingsten Boekhannel