Parsepakket

Buntskildere werklikheid fan Antsje Swart

Foto’s

Hjir fine jo de book pitch
Hjir de skriuwersbio
Hjir it parseberjocht
En hjirûnder fine jo in foarpriuwke fan in Fraach & Antwurden oare petearstof oer boek en skriuwer.

Download foto
Antsje Swart
538px x 702px, 300PPI

Download foto
Antsje Swart
640px x 600px, 300PPI

Download foto
Antsje Swart
1010px x 1310px, 300PPI

Download omslach
Bûntskildere werklikheid
1654px x 2537px, 300PPI

Download omslach
Bûntskildere werklikheid
800px x 1227px, 300PPI

Download omslach
Bûntskildere werklikheid
500px x 767px, 72PPI

‘Hat Trinus syn skriuwen dines beynfloede? En as dat sa is, op hokker manier?’

‘Nee, hielendal net beynfloede.’

Digitale boekpresintaasje

Yn petear mei Antsje Swart oer har boek Bûntskildere werklikheid: Oantinkens oan de skriuwer Trinus Riemersma

Foarpriuwke F&A

“De keunst fan oan it ljocht bringende memoires”

Memoires skriuwe jout jo kontrôle oer jo eigen narrative. It kin ferliedlik wêze om dingen dy’t net sa moai binne fan dysels, of oaren, derút te litten, om aardiger te lykjen op ’e bledside. Mar yn Bûntskildere werklikheid fertelst dat de man dêrst letter mei troudest samar syn hûn skopte en dêr net op mei ophâlde woe. Wie it dreech om dat bleat te lizzen?

Krekt jierren nei’t it barde fertelde Trinus syn mem my dat. Ik sei neat. Ik wit no noch dat ik neat sei. Moast dy yntinke, in mem fertelt wat freesliks oer har soan, oan har skoandochter. Se ferwachte tink ik meifielen. Trinus wie briljant yn ’e eagen fan syn mem, fan har nea in kwea wurd oer Trinus. It mishanneljen fan ’e hûn moat har moaie byld fernield ha. Mar ik sei neat. Ik wie tink ik ferbjustere. Is it dreech om dat yn it boek te setten? Ja fansels. Mar it makke part út fan Trinus en fan ús tegearre-wêzen. Neam it nuver, neam it wreed. It wie der alle dagen.

Hoe is it foar dy dat it boek no útkomt?

Ik tink oan de earste boeken fan Trinus dy’t útkamen. Wy wennen yn Gau. Myn sjenswize wie dat de minsken yn Gau oars wiene as dy yn Sint Anne dêr’t ik hikke en tein bin. Wy wiene frij; sy ûnfrij en efterbaks. Ik rûn ik op myn teannen, mei ôfskrik en wantrouwen nei elkenien, op in pear minsken nei, lykas de bakker: se koene ris bannen mei it skoalbestjoer hawwe en de man fan dat skriuwerswiif lykstelle mei de duvel sels. Dat wy-sy-tinken is net fuort. Ik haw it beslist, oaren hawwe it: yrrasjonele tinkbylden dy’t ús utinoar driuwe. Ik wit net oft myn boek oer de grinzen hinne rikke kin.

Hoe reagearje minsken op it boek? Op de stikken dy’t al ferskynd binne yn Fers2?

Ik hearde fan Fers2 dat in pear lêzers sein hawwe dat se it moai fine. As dat is om’t it bygelyks har opfetting befêstiget, is dat like weardefol as dat se de fisys daaie dy’t ik op de lêzer oerbringe wol.

Hat Trinus syn skriuwen dines beynfloede? En as dat sa is, op hokker manier?

Nee, hielendal net beynfloede.

Foar wa hast it boek skreaun? Wa hiest yn ’e holle?

Us freon Hedzer, Jan fan myn Fryske lêsklup, myn nichten Griet en Annie en ek myn Hollânske freondinne Lucie.

Do skriuwst fan, “ik siet altyd yn ’e hûs in pear meter fan Trinus ôf as er skreau.” Der is eangst om ferkeard begrepen te wurden, of hielendal net sjoen. Is dat feroare mei it skriuwen fan dizze memoires?

De ferneamdenien en syn ynnimlike frou binne yn memoires gauris antagonisten. Nee, wy sieten letterlik njonken inoar oer yn ús krappe hûs yn Loaijingea, as ik net te kuierjen wie mei de bern, hy te skriuwen en ik oan ’e oare kant fan ’e tafel de ruften te tearen. Ik sjoch my noch sitten. Ik tocht der net by nei. It strakke deiritme mei skoalle, tee, kofje, ite, skriuwe en foarlêze makket alle dagen krekt gelyk. Jo freegje jo dêrtroch neat mear ôf. Jo hawwe sels it gefoel dat it goed is, dat it giet sa’t it alle dagen is; jo wolle, as jo al op it idee komme soene, jo ek neat ôffreegje. As jo jo dan lang neitiid wol ynienen wat ôffreegje, binne jo bang dat dat net goed begrepen wurdt, tink ik. Om’t it net past by doe.

Bist al beskuldige dat it hiel oars siet? Hoe hannelest dat ôf?

Oan no ta is myn literêre bedroch net ûntmaskere, haha! Mooglik kin de útjouwer it rjochtsette yn de twadde printing.

Wat ha dizze memoires dien foar dy as skriuwer en yn dyn persoanlik libben?

Net iens opfallend folle. Want ik skilderje al hiel lang en ek de lânskippen en abstrakte komposysjes, dêryn sitte jo sels.

Memoires binne in soad wurk yn selsrefleksje. Wannear begûn dy djipte fan yntrospeksje by dy?

It begûn by bylden. As jo sechstich jier yn ’e tiid weromgean, komme de bylden earst net gau, mar op in stuit hieltyd flugger. Earst de greiden, in net botte beskaat byld, greidlân is in dizich symboal foar Fryskheid, mar letter ek hoe’t de buorfrou my frege oft ik moarns kofje kaam te drinken, alle dagen, op snein nei. Ik sei ‘Nee.’ Want dat woe ik net. Mar ik sjoch de buorfrou. Ik sjoch net mysels, nee skodzjende. Ik wit net oft ik wolris wat wol woe en hoe’t dat der dan miskien útseach. Dat wie de grutte hobbel. Want sechstich jier werom yn ’e tiid, dêr wenne jo wol oan, mar iksels moast yn it plaatsje. Der kaam in ‘ik’ yn foar en dat wie ik: dat haw ik net leard. Dat wie echt knap lestich hear.

Jo kinne yn memoires net alles opskriuwe, jo moatte kieze wat deryn komt en wat net. Selektiviteit is stridich mei wierheid as ‘de hiele wierheid’. Hoe giesto om mei wierheid?

It ûnthâld hat lak oan wierheid. It bewarret de opfallende dingen. It saaie tuskentroch, hoe’t ik sneons skuonpoetste, follet jo holle sels oan, sadat it logysk oandocht. Ek kleuret de holle oantinkens posityf, út oerlibbingsdriuw: sadat jo lokkiger binne en dêrtroch produktiver. Ik skriuw sa sekuer mooglik op sa’t ik eat opnij belibje by it tebektinken. De tema’s kamen om’t myn dochter, dy’t skriuwen leare wol, frege nei har heit syn technyk en wurkhâlding. Dy hie in rinnendebân-oanpak, yndustrieel, mar se woe witte hoefolle wurden, siden, kertieren deis nij skriuwe, research, redigearje en hoe en wêrom, as ik dat noch wist. Dy konkreetheid makket dat jo net op ien plak grave yn it ûnthâld, nei skatten dy’t der net binne, dy’t jo optinke. Jo bliuwe op it oerflak, de bylden komme fansels op jo ôf. Oer wierheid praat, gesachsfigueren pleatse konstant falske oantinkens yn ús holle. Dat tolerearje wy.

Der is in passaazje dêr’t dyn mem de triennen oer de wangen rôlje as dyn broer Nanne en Trinus in satirysk stikje opfiere oer hoe’t in skriuwer út de arbeidersklasse slachtoffer wurdt fan de krantelju. Hearre de media yn dyn famylje en dyn freonerûnte noch altyd ta it net te fertrouwen establishment dat ‘sabeare nijs’ produsearret? Hoe giet dyn fermidden om mei oan it ljocht bringende memoires?

Wat sein wurde mei en wat net hat altyd te krijen mei macht, tusken it persoanlike en it politike yn. De satire fan Nanne en Trinus hie in ferburgen fijannigens, net in iepenlike. De oarlochssuchtige skriuwer uteret him op in yndirekte, sosjaal akseptabele manier: ‘Ik meitsje inkeld mar in grapke.’ Us mem hie de passive macht om te laitsjen. De wrâld ferbetterje koe se net. Ik ek net. Ik lake oeral mar om.

Wat wie dyn stúdzje literatuerwittenskip foar dy? Dêrnei hast wat artikels kreaun, ûnder mear foar Ensafh; soest sûnder de literatuerstúdzje ek begûn wêze mei skriuwen oer it skriuwen? Wat die de stúdzje foar dy persoanlik?

Studint wêze is opgroeie. Folwoeksen is dat de wrâld de kontrôle oer josels en de besluten dy’t jo nimme erkent. By froulju mei myn kulturele eftergrûn wie die erkenning der net. Literatuerwittenskip is in famkesstúdzje, mar foar it earst wie hoe’t ik oer keunst neitocht en watfoar konklúzjes ik luts, wichtich. Solange Leibovici die de psychoanalytyske analyse. Romanpersonaazjes binne projeksjes fan de skriuwer syn psyche, dat ferklearret it meast, mocht ik no sizze: sjoch nei Trinus.

Binne memoires literatuer? Of lektuer, ferdivedaasje en sensaasje?

Wat ís literatuer? En makket it wat út? Memoires binne no ienris anekdoates. Se gean oer foarbye tiid, der is soms sentimintaliteit. Mar al bin ik gek op sentimintele en moralistyske jeugdferhalen, dat is net genôch foar my. Want jo wolle troch ferhalen oaren, josels en ‘it libben’ begripe: dus jo wolle empowerment.

Kaamst no en dan werom, yn ’e memoires, op de posysje fan froulju yn ’e skriuwerij. Dy waarden oer de holle sjoen. No bist sels in skriuwer, ien dy’t wol sjoen wurdt: hoe is dat foar dy?

Ujouwerij Gallimard set net altyd skriuwersfotookes op ’e efterflap en faak is de auteursnamme eksoatysk. Ik hie ris wat boeken kocht, dy wiene geweldich. Efterôf blieken de skiuwers froulju. Ik besaude my deroer. Ik hie my in man foarsteld by de skriuwer. It systeem fan ûnderwurdearjen fan froulike skriuwers sit sa djip, net allinne yn Fryslân mar yn ’e hiele Westerske wrâld, dat as jo in boek prachtich fine, jo samar tinke kinne, healbewust, dat it net oars kin as dat de skriuwer in man is.

List fan fraachpetearunderwerpen

  • Wat binne yn ’t generaal de falkûlen foar begjinnende skriuwers?
  • In grutte ego, helpt of skeint dat de skriuwers?
  • Kin ien in skriuwer wêze as er emoasjes net sterk fielt?
  • Ast dyn jongere skriuwende sels—of skriuwersassistint (fan Trinus)—wat fertelle koest, wat soe dat dan wêze?
  • Hokker skriuwersfrou-memoires hast lêzen en wat tochtst derfan? Bygelyks Save me the waltz fan Zelda Fitzgerald?
  • Der is in filosofyske beneiering fan de geast dy’t seit dat immen syn hâlding njonken de hiele wrâld it beskiedende ding yn syn libben is, om’t dy hâlding alles dat ien sjocht kleuret, leafde, wurk, oare minsken, neam mar op. Liket dat op de filosofy yn dyn memoires?
  • Hokker tydskriften binne it wichtichst foar skriuwers om foar te skriuwen?
  • Tinkst dat skriuwen ek in soarte fan spritueel hanneljen is?
  • Hast mei opsetsin dingen út ’e memoires weilitten?
  • Wat binne de etyske noarmen foar it skriuwen oer wiere personaazjes?
  • Hoe giest om mei minne resinsjes?
  • Helpt de stúdzje literatuerwittenskip om te skriuwen?
  • Wat is it dreechste part fan it artistike proses?

Haadstikken

Hjir fine jo priuwhaadstikken út Bûntskildere werklikheid (op Fers2 prepublisearre ûnder de titel ‘Kofje en tafelhimmelje’).
Hjir fine jo in priuwhaadstik oerset nei it Nederlânsk.