Us rol

Wat docht de utjouwer
yn in wrald der’t elkenien sels wol in boek utjaan kin?

(En werom meitsje se myn boek sa ferrekte djoer?)

In tradisjonele útjouwer moat konkurrearje op ’e nasjonale of sels mondiale merk. De tradisjonele útjouwer hat, as ûndernimmer, tiid en jild treaun yn it kennen fan dy merk, it byskaven fan in competitive strategy en yn it winnen fan in eigen posysje.

Selsútjouwers misse yn ’e regel ferstân fan ’e merk, sizze tradisjonele útjouwers. Dat is net slim, merke hja wat smeulsk op, as de skriuwer kontint is mei in beskieden konkurrinsje­posysje inkeld binnen Fryslân, dêr’t it Frysktalige boek in solide brânzje­beskerming genietet troch it minderheidsbelied. Want tradisjonele útjouwers sjogge de skriuwer leafst as in loyale ûndernimmende partner fan har eigen ûndernimming.

De skriuwer is dejinge dy’t ferstân hat fan it kiezen fan in útjouwer. Wa’t ek it útjaan docht, der is gjin reden dat de skriuwer net autonoom bliuwe kin. Undernimmerskip makket gjin better produkt; ûndernimmerskip is gjin keunst. Mar hat de skriuwer ferlet fan help by de marketing, dan advisearje wy graach, bygelyks oer it bouwen fan in skriuwersprofyl. En dit binne de key roles fan Grotesk:

  • Akwisysje – it finen en kuozjen fan talint, in nije stim ûntdekke, it opkweekjen fan in relaasje—de faak idealisearre skriuwer-útjouwerrelaasje dêr’t de skriuwer oerlevere is oan de business-hokuspokus fan de útjouwer om him mei achtleas fertrouwen op syn kreativiteit smite te kinnen, ha wy ferfongen troch kontrakten—en it foarsjen fan redaksjoneel advys, it yn jaan fan tiid en oare middels sadat de skriuwer mar ûndersykje en skriuwe kin en it ynvestearjen yn ynfrastruktuer, technyk en partnerships.
  • Planning – it sadree’t ta publisearjen besletten is, meitsjen fan in tiidskema en koördinearjen fan alle hannelingen dy’t nedich binne om it boek op it meast geunstige stuit út te bringen, it byhâlden wat dien is en wat net; as de haadredakteur dat net docht soarget de selsútjaande skriuwer sels dat de korreksje, foarmjouwing, ensafuorthinne op ’e tiid klear binne.
  • Redaksje – redigearjen is alles dwaan dat it manuskript syn folsleine potinsje berikt en omfettet problemen oplossen, swakke plakken identifisearjen en opbetterjen, strukturearjen, byskaven en glânzgjen, ja de redakteur is in trendsjenner mar nee gjin talint- of kreativiteit­ûntjouwer, wat se ek sizze, want krekt de sosjale wurdearring foar it wurk makket it kreatyf—“Instead of focusing exclusively on individuals, it will make more sense to focus on communities that may or may not nurture genius”, skreau kreativiteit­ekspert Csikszentmihalyi—dus ja de redakteur is in keunstkritikus dy’t nije wurdearringswizen en hifkingskritearia skept; de selsútjouwer docht der goed oan om in redakteur yn te hieren.
  • Artwork – it net-tekstuele aspekt, lykas it nimmen fan krityske beslissingen oer yllustraasjes (hoefolle, wêr en komme der ek spot illustrations yn it boek?) en it begrutsjen fan in realistysk budzjet dêrfoar, portfolio’s besjen en de perfekte yllustrator selektearje, statistyske grafiken ensafuorthinne winne en oanpasse of tekenje litte, krijen fan lisensjes foar gebrûk fan stock images of oankeap en bewurking fan fotomateriaal.
  • Foarmjaan – ûntwerp fan it omslach en opmaak fan it binnenwurk, dus soargje dat it boek lêsber is, it lettertype by it ûnderwerp en sjenre past, it boek wat hiel eigens krijt troch typografy, formaat, marzje; mei in goede tesktferwurker kin de selsútjouwer de opmaak sels dwaan—betink dat proefskriften troch de sitaten, diagrammen, it noate-apparaat en bibliografy en yndeksen faak komplekse teksten binne en yn ’e regel troch de promovendus sels foarmjûn wurde.
  • Korreksje – it nei’t it manuskript redigearre en opmakke is neisjen op korrekte stavering, grammatika, punktuaasje en op konsekwinte behanneling fan gearstalde en útlânske wurden, ôfkoartingen, titulatuer en sa, it kontrolearjen fan konsistinte koppen, subkoppen en oare teksteleminten, soms it dwaan fan lytse fact-checks; meastal dogge útjouwer (c.q. dy syn korrektor) en skriuwer it korrizjearjen tegearre en fansels kin de selsútjaande auteur it allegearre sels dwaan.
  • Produksje – it sykjen fan de bêste printer foar it boek, it kiezen fan de printwize, tradisjoneel printsjen, printing on demand of e-book-konversje, it tinken en beslissen oer bynwize, papier en oar materiaal of it format, en it tafersjoch op it produksjeproses; de selsútjaande skriuwer kin dat sels dwaan of in freelance produksje­manager ynhiere.
  • Fersprieding – it boek beskikber stellen oan in sa breed mooglik publyk dus it yn de krekte oantallen op ’e goede tiid op it juste plak hawwe, oparbeidzjen mei boekhannels en distribúsjepartners en de oanfier berêde, de konsinjaasje- en rjocht-fan retoeradministraasje fiere, soargjen dat it boek online besteld wurde kin by webshops en oansletten wêze by útjouwersorganisaasjes mei distribúsje- en marketingkanalen.
  • Ferkeap – de strategyske boekpriisspesjalist wêze, kontakten ûnderhâlde mei boek­keatlingen en harren sales managers, oanbiedingen of listen mei nije publikaasjes ferstjoere nei boekhannels en bibleteken, de webshops beheare; foar in creative nonprofit lykas Grotesk leit it belang fan sales yn it oertsjûgjen fan stipers, fûnsen en programma­koördinators fan de wearde fan syn wurk.
  • Reklame – it bouwen fan de author brand en de online identity brand, it ferstjoeren fan parseberjochten, it organisearjen fan in nijsweardige boekpresintaasje, it soargjen foar besprekken, fraachpetearen en media-optredens; dat fan ’e selsútjaande skriuwer tsien persint fan syn skriuwtiid nei it skriuwen giet en njoggentich persint nei de marketing is in myte fan de saneamde marketingspesjalisten.

No sa. Hjir fine jo it tiidplan foar redaksje en produksje.

Download Manuskriptbeoardieling Foarbyld
Download Blaudruk Utjefteplan
Download Blaudruk Promoasjeplan
Download Blaudruk Distribúsjeplan