Hjir fine jo de missy & fisy

Tiim Grotesk

Alle útjaan is tiimwurk. Sûnder in stabile ploech freelancers – korrektors, ûntwerpers – komt it boek der net.

Utjouwerij Grotesk Photo Hannah Wolff

Hannah Wolff

Neigeraden in tekst om mear ‘imaginative reasoning’ freget, nimt de krêft ta fan inket op papier

Hannah Wolff is Amsterdammer, historikus en boekewjirm. Se hat, oan de Universiteit van Amsterdam, de masterstúdzjes Boekwittenskip en Militêre Skiednis folge en ûndersiket it skriuwen fan egodokuminten troch feteranen.

Se begûn mei lêzen as beuker, Max Velthuijs syn Kikker, en dy lêst hja no noch. Har foarkar giet út nei literêre fiksje, histoaryske fiksje en science-fiction en dêrneist sammelet se itensiedersboeken.

De dea fan it printe boek leaut se net oan: neigeraden in tekst om mear ‘imaginative reasoning’ freget, nimt de krêft ta fan inket op papier. Se is yn it boekefak begûn mei in redaksjestaazje fiksje en non-fiksje by Xander Uitgevers, dêr’t in boek net in produkt is mar in proses, om de skriuwer hinne.

Se wurket as webredakteur by it ministearje fan Algemiene saken. Earder wurke se by Boom útjouwers yn Amsterdam en as redaksjeassistint by it tydskrift Didactief. As foarsitter fan Grotesk wol se de geast fan de útjouwerij jitte yn fernijende publikaasjes, troch in soepele ynterne dynamyk.

Har fisy as útjouwer is dat der krêft sit yn it lytse: as der in inkeling genietet fan het boek, wie it de publikaasje wurdich.

Utjouwerij Grotesk Photo Hannah van der Heijde

Hannah van der Heijde

Set har yn foar begjinnende historisy dy’t aansluting sykje by de beropspraktyk

Hannah van der Heijde (Ljouwert, 1991) is historikus en devoat sneuper in antikwariaten. Har ôfstudearskripsje giet oer hoe’t skiednis him ferhâldt ta kollektive oantinkens tsjin de eftergrûn fan de ‘memory boom’.

Se publisearret yn Skript Historisch Tijdschrift oer de relaasje tusken aan fan tiid en skiedskriuwing.

Foar it NIOD ûndersocht se de prosesstikken fan it International Criminal Tribunal for Rwanda (ICTR). Wat onthâlde wy en wat leaver net? Skriuwe tsjin de ferjitnis yn, dat is de reade tried.

En dus útjaan: skriuwers helpe om har krityske bydrage oan de sosjale geast te leverjen.

As bestjoerslid fan it Jong Koninklijk Nederlands Historisch Genootschap set Hannah har yn foar begjinnende historisy dy’t aansluting sykje by de beropspraktyk.

As sekretaris by Utjouwerij Grotesk heakket se de systematyk ta, de aginda’s en it Sokratyske Ken Josels.

Utjouwerij Grotesk Photo Friduwih Riemersma

Friduwih Riemersma

En stel, der wie dan in útjouwerij... Rjochte yn 2016 útjouwerij Grotesk op

Stel jo hawwe in boek dat gjin non-genre fiction is, de bestsellerlist fan Amazon net helje sil, gjin kâns meitsje kin op flymskerpe supermerk-deals,

net geskikt is foar it omslach mei dizich op de gebrûklike kerbûstige kust in te tin klaaid frommis,

wat sels it beswierlikste artikel op it populêre steapeltje ‘Sensasjoneel’ yn de stasjonsboekwinkel tilt,

en allike ûnfoechsum as Frysk minderheidskultureel populêr pronkstik om’t it net de alvestêdetocht riidt, om’t it gjin oantreklike tropes befettet lykas de mei syn midlife crisis wrakseljende universiteitsprofessor dy’t in relaasje begjint mei in generaasje jongere studint of de keunstner yn oarloch mei de ivige antagonist Te Min Sukses,

wat meastal ôfrint yn in hjerstige storein en de fuortstjerrende wurden: “Mar it wie ommers keunst.”

Stel sa’n boek hat kwaliteit, dat min te mjitten surplus fan in ûnrêstich lykwicht fan dissipline, opiny en in boartlike, yntellektuele, artistike reis sûnder bestimming.

En stel, der wie dan in útjouwerij.

Utjouwerij Grotesk

Prolooch foar de Missy & Fisy

De wrâld leit net fansels om ús hinne. Yn in boek stiet net deagewoan hoe’t it is. Krekt oarsom hawwe de ieuwenâlde aktiviteiten fan skriuwen en lêzen in kultureel ryk potinsjeel ferwerklike. De minske wie by steat, mei syn fermogen om fantasyfol te tinken, en stel him foar hoe’t it ek koe, earliker, mei mear ferskaat, belutsener, rjochtfeardiger, moaier.

Dêrom fetsje wy fernijing—innovation—net op as de ideology fan beskikberens en oantreklikens foar elk en kommersjele lukrativiteit. Fernijing is by Grotesk it eksperimint. Fernijing komt fuort út de ûneinige fantasyfolle yntelliginsje. Fernijing woartelet yn in yntinsive artistike belutsenens by en soarch foar it ferskaat fan kulturele tradysjes dy’t ús fuortbrocht hawwe en dêr’t wy part fan útmeitsje.

Fernijing is it artistyk, kritysk en retoarysk meidwaan oan de literêre hannelingen fan no en moarn.