Abe de Vries

Koartwei

Dichter Abe de Vries makke, nei in opjûne flirt mei Nederlânsktalige poëzij, frij fluch karriêre yn ’e sjoernalistyk, om krekt te wêzen yn ’e feature writing, mar kaam werom yn de keunst & de Fryske taal en wûn al mei syn twadde dichtbondel de wichtichste Fryske literêre priis, de Gysbert Japicxpriis. Wilens hat De Vries yn fyftjin jier, neist in hânfol dichtbondels, esseebondels skreaun, blomlêzingen fan poëzij gearstald, literêr proaza en poëzij nei it Frysk oerset en tal fan artikels oer Fryske literêre ûnderwerpen skreaun foar ferskate media.

As literêr kritikus hat De Vries him spesjalisearre yn de njoggentjinde-ieuske Fryske literatuer; hy hat in belangrike oanset jûn ta it nuânsearjen en bystellen fan it negative byld fan ’e literêre produksje út dat tiidrek. Mear yn it algemien leit De Vries him ta op it objektyf skôgjen fan it—meastal om bûtenliterêre redenen—dekanonisearre literêr materiaal en de rehabilitaasje fan wurk mei in minor poet-stigma.

De Vries is oprjochter fan de Fryske literêre tydskriften Farsk en Fers2, hy is de belangrykste redakteur en skriuwcoach foar Fryske poëzij, likegoed as de wichtichste besprekker fan dêrfan. Derneist binne syn social media posts en blogging fierhinne de ynfloedrykste yn de Fryske blogsfear, mei nije literêre bydragen, eko-aktivisme en aktuele kultuerkrityk.