Model-akte fan oerdracht

fan it auteursrjocht, oftewol de yntellektuele eigendomsrjochten

Op koade rêst auteursrjocht. Auteursrjocht beskermet gjin ideeën, metoaden en systemen, mar wol it uterjen dêrfan. Dus lykas in boek, of alles dat skreaun is, is koade beskerme. Hat in webside-ûntwikkelder jo webside makke, dan hat dy de auteursrjochten op de webside. Jo krije net samar alle auteursrjochten op jo webside, al sille jo gewoanlik wol de boarnekoade brûke meie om jo webside te draaien.

Om gjin deilis mei de ûntwikkelder te krijen, is it better om de auteursrjochthawwer fan de webside fêst te stellen yn in skriftlike oerienkomst. Soargje derfoar dat jo in oerienkomst fan opdracht of in dúdlike lisinsje-oerienkomst yn jo besit hawwe, dy’t jo tastiet om it materiaal te brûken dêr’t jo foar betelle ha.

Yn in akte fan oerdracht fan auteursrjocht docht de webside-ûntwikkelder ôfstân fan syn auteursrjocht. Dan binne jo de baas oer jo webside. De model-akte fan oerdracht hjirûnder is fan Ventoux Advocaten, ferzje febrewaris 2019.

Yn it bewurkingsfjild hjirûnder kinne jo mei help fan de bewurkingsfunksjes de nammen, eventueel bedriuwsnammen, de adressen en oare gegevens ynsette yn it tekstbestân (ferjit it arrondissemint net!). Nei it bewurkjen klikke jo op ‘Printsje’ en klear.

 

AKTE FAN OERDRACHT

 

Underskreaunen:

1. de besletten fennoatskip mei beheinde oanspraaklikheid [Namme], tahâldend en kantoarhâldend yn ([postkoade]) [plak] oan de [strjitte en hûsnûmer], hjirby rjochtsjildich fertsjintwurdige troch de [hear/frou] […] yn ’e rol fan […] (hjirnei: ‘Winner’), oan ’e iene kant

en:

2. de fennoatskip ûnder firma [Namme], tahâldend en kantoarhâldend yn ([postkoade]) [plak] oan de [strjitte en hûsnûmer], hjirby rjochtsjildich fertsjintwurdige troch de [hear/frou] […] yn ’e rol fan […] (hjirnei: ‘Ferfrjemder’), oan ’e oare kant,

(Partijen wurde tegearre oantsjutte as ‘Partijen’.)

 

Partijen ferklearje en befêstigje hjirby dat:

  1. Ferfrjemder de webside [webside fan X], en dêrûnder mar net beheind ta de foarmjouwing, software en boarnekoade fan dy webside en bykommende dokumintaasje, yn it tiidrek fan [datum] ôf foar Winner ûntwikkele hat en fierder ûntwikkelje c.q. ûnderhâlde sil (hjirnei: it ‘Wurk’);
  2. Ferfrjemder hâlder is fan de yntellektuele eigendomsrjochten op it Wurk, en dêrûnder mar net beheind ta auteursrjochten en modelrjochten. Dy yntellektuele eigendomsrjochten bestean út de hjoeddeiske en takomstige yntellektuele eigendomsrjochten oangeande alle (en dêrby takomstige) ferzjes fan it Wurk (hjirnei: de ‘YE-rjochten’);
  3. Ferfrjemder hâlder is fan de eigendomsrjochten op de eksimplaren fan it Wurk, dy’t ûnder mear bestean út de objektkoade, boarnekoade, brûkershantliedingen, eftergrûndokuminten en soksoarte dokumintaasje dat in adekwaat saakkundige partij sûnder ûngewoane ekstra kosten op basis dêrfan by steat is oan it Wurk behear- of ûnderhâldswurk út te fieren (hjirnei: ‘Eksimplaren fan it Wurk’);
  4. Partijen oerienstimming berikt hawwe oer de oerdracht fan de YE-rjochten op it Wurk en fan de eigendomsrjochten op de Eksimplaren fan it Wurk troch Ferfrjemder oan Winner.

 

Partijen komme dit oerien:

  1. Ferfrjemder draacht hjirby daliks eksklusyf, sûnder betingsten en sûnder watfoar beheining ek oer oan Winner en leveret sûnder betingsten en sûnder watfoar beheining ek oan Winner, al of net by foarried, alle YE-rjochten op it Wurk, yn it bysûnder mar net beheind ta de mannichfâldigings- en iepenbiermakkingsrjochten. Winner oanfurdiget hjirby, al of net by foarried, mei klam dizze oerdracht en levering fan YE-rjochten.
  2. As en foarsafier’t dy YE-rjochten op it Wurk, wêr ek op ’e wrâld, hielendal of foar in part, net oerdraachber wêze mochten of net (rjochtsjildich) oerdroegen binne, jout Ferfrjemder hjirby oan Winner, al of net by foarried, in fêststeand, eksklusyf, ivichduorjend gebrûksrjocht oangeande dy YE-rjochten op it Wurk, wêrtroch allinnich Winner, ûnder útsluting fan Ferfrjemder sels, berjochtige is om it Wurk, hielendal of foar in part, wêr ek op ’e wrâld, te brûken of brûke te litten.
  3. Ferfrjemder jout hjirby oan Winner in fêststeande lêst en folmacht om alle neiere (rjochts)hannelingen te dwaan of dwaan te litten dy’t nedich of winsklik wêze mochten om de yn dizze oerienkomst oerdroegen of jûne rjochten, wêr ek op ’e wrâld, hielendal of foar in part neier te effektuearjen. Ferfrjemder sil op earste fersyk fan Winner hieltyd alle fierdere meiwurking jaan en (rjochts)hannelingen dwaan of dwaan litte, dy’t nedich of winsklik wêze mochten foar it neiere effektuearjen fan dizze oerdroegen of jûne rjochten.
  4. Ferfrjemder garandearret dat (a) er de hâlder is fan de YE-rjochten op it Wurk en fan de eigendomsrjochten op de Eksimplaren fan it Wurk, en dat er it foech hat om dizze oerienkomst oan te gean, (b) it brûken fan it Wurk troch Winner net yn striid is mei de betingsten fan mooglik dêrfoar needsaaklike (open source) lisinsjes, (c) dat it Wurk frij is fan brûken troch tredden of watfoar oare oanspraak fan tredden ek en (d) dat oan in tredde gjin lisinsje of in beheind rjocht, lykas pân of fruchtgebrûk, jûn is en (e) dat der gjin beslach op it Wurk rêst.
  5. Foarsafier’t wetlik tastien docht Ferfrjemder hjirby ôfstân fan syn persoanlijkheidsrjochten dy’t rêste op, ferfette binne yn of folgje út it Wurk. Foarsafier’t it ôfstân dwaan fan dy persoanlijkheidsrjochten ûnmooglik c.q. net talitber is, sil Ferfrjemder dy rjochten net earder uitoefenje as nei foarôfgeand oerlis dêroer mei Winner.
  6. Ferfrjemder draacht allyksa hjirby oer oan Winner en leveret oan Winner, al of net by foarried, it eigendom fan alle Eksimplaren fan it Wurk dêr’t Ferfrjemder op hokfoar stuit ek oer beskikt. Winner oanfurdiget hjirby, al of net by foarried, mei klam dizze oerdracht en levering fan eigendomsrjochten. Fan it stuit fan eigendomsoerdracht ôf sil Ferfrjemder alle Eksimplaren fan it Wurk dêr’t er op hokfoar stuit ek oer beskikt, hâlde foar Winner als eigner en net foar himsels. Ferfrjemder sil op earste fersyk fan Winner om net alle Eksimplaren fan it Wurk, oan Winner itsij oan ien of mear troch Winner oan te wizen tredde(n) ter beschikking stellen.
  7. Ferneatiging of ûntbining, hielendal of foar in part, fan dizze oerienkomst is útsletten.
  8. Op dizze oerienkomst is inkeld en allinne Nederlânsk rjocht fan tapassing en alle skeel tusken Partijen dy’t slacht op dizze oerienkomst wurdt by útsluting foarlein oan de dêrta befoege rjochter yn it arrondissemint [kies in arrondissemint].

 

 

Alsa yn twafâld oerienkommen en ûnderskreaun:

Ut namme fan Winner:

 

 

 

--------------------------

Namme:

Funksje:

Datum:

Plak:

Ut namme fan Ferfrjemder:

 

 

 

--------------------------

Namme:

Funksje:

Datum:

Plak: