Literêr fakmanskip

It ambacht

“If technique is of no interest to a writer, I doubt that the writer is an artist,” seit Marianne Moore. Dochs is de firtuoaze ambachstman noch gjin keunstner: al perfeksjonearre er syn technyk as in primaballerina, hy sette nea syn tosken yn ’e keunst. Mar oan it ein fan it kroechdebat oer wat earst komt, technyk of idee, gluorret it ûntnofterjende feit dat technyk in fûnemint foar al it keunstsinnich ompielen. Want hoe sublym oft jo idee ek is, min skilderjen makket jo wurk in min skilderij. It ambacht kenne, likegoed as it materiaal, om’t dat jo middels binne, is bekiedend foar it goed oerbringen fan it idee. Konsepten, dy flechtige en ympulsive flagen, binne fan gelikens of sels grutter belang as technyk, inkeld mar as en foar safier’t se rjochting jouwe oan it sykjen foarby it foarsisbere effekt fan ferve op it doek, nei in eigen oanpak, tink oan Jackson Pollock.