Poëtyske tema’s

In tema is in tinkbyld of gefoel of les dy’t hieltyd weromkomt troch it ferhaal. It tema is itjinge dat in sintrale rol spilet yn de reis fan de held en dat werkenber is foar alle minsken, lykas genede of fleurichheid. In tema is wat oars as it ûnderwerp, dus dêr’t it ferhaal oer giet, de feiten en it barren yn it ferhaal. Mear oer it tema yn poëzy fine jo hjir.

De tema’s leafde, dea en natuer komme hiel faak foar yn lyryske poëzy. Bliken docht dat de list fan lyryske tema’t net ûneindich is. Ommers it skala fan djip-minsklike ûnderfiningen is grut, mar net grinsleas.

De lyryske sjenres komme faak mei beskate tema’s. Sa is it striidliet in sterk ûnderstypjend sjenre: net opjaan is it kaaitema. Mar jo kinne in tema yn alle sjenres tsjinkomme. Ek is de list net kompleet. Hy is bedoeld om in yndruk te jaan fan ivige, oeral besongen tema’s.

Striidliet – oarloch
oanmoedigjen, moed, oerwinning,
gefjochtwrakseling
, hoekhâlde, wraak, martlerskip, heldedom
Sieleliet – folwoeksen wurde
ûnskuld ferlieze,
lijentormint, sielseangst
, it sels,
ynderlike gaosit ûnwisse, ûnmacht, gjin kontrôle
, libbensreis,
iepenbieringdream, ûntdekking
, werberte,
isolemintiensumheid, minsklike kondysje
Protestliet – anty-oarloch
ûnderdrukking, geweld,
bedrochhypokrisy
, grouwel, dogma’s, (ûn)rjocht, (ûn)earlikheid, bettere wrâld
Bychtliet – opbychtsjen
famyljeheimnishúslike drama’s, swart skiep
, mishanneling, wroege, skamte,
pleagefan skuld & gnabjend gewisse
, spyt, wanhoop, teloarstelling, eangst, mislearjen
Folksballade – natuer
fantasy, suverheid, jonkheid, ûnskuld,
woartele wêzeyn ’e bertegrûn
, libbenssirkel,
eale ienfâldnommelens fan it gewoane, folkstaal, miene lju
,
domd wêzeûnfertsjinne tsjinslach
Lofliet – tawijing
heger libbensdoelnet futyl of leech
, tankberheid, ekstaze,
ein fan alle tidenapokalyps
, hjirneimels, boppenatuerlike,
ivichheidgearfalle mei it ivige
,
misjeplicht, boadskip
Leafdesliet – leafde
ferealens, lust, seks, ûnbeändere leafde, ûnberikbere leafde, hertsear, jaloerskens, opoffering
Rousang – dea
fergonklikheidsykte, bedjer
, stjerlikens, ûndergong, pine, rou, fertriet, ferâldzje, stalferwikseling
Jammerklacht – eardertiid
ferliesfan goeie dingen
,
ûnwennigensferjage of hiemleas wêze
, nostalgy, antymodernisme,
it kweasûnde, idelheid
, mankelikens, trystens,
libbenslotneedlot
Liet fan hoop – foarútsjoch
werieninginoar úteinlik wersjen
, nije kânsen, fortún, taflecht, treast, oermoed, frede
Oade – skjintme
hertstocht, wille, it skriuwen, keunst skeppe, myte sjonge, perfeksje, it sublime, ûnstjerlikheid,
wiisheidyntellekt
Drinkliet – kammeraatskip
geniet, feestlikheid, blijheid,
meilibjensolidariteit
, ferjaan, boartlikheid trou